Fluch oan:

Diken

Underhâld asfalt Troelstrawei

Fan 29 juny oant en mei 17 july 2026 wurdt der oan de Troelstrawei wurke. Yn dizze perioade is de dyk ôfsletten. Under it wurk wurde op in pear plakken ek de fytsoerstekken ferbettere.

De gemeente organisearret meikoarten in ynrinjûn dêr’t jo mear ynformaasje krije oer de wurksumheden. Omwenners wurde hjirfoar útnûge.

Werynrjochting Singelstrjitte

De Singelstrjitte en it earste diel fan de Herman Costerstrjitte wurde opnij ynrjochte. It asfalt ferdwynt en der komt nije strjitfluorring. Ek wurde strjitte griener makke. De wurksumheden wurde dien yn 2026.

Seerp van Galemawei

De dyk is ta oan grut ûnderhâld en wurdt hielendal fernijd. Ek wurdt it rioel ferpleatst nei de midden fan ’e dyk. Ynkoarten organisearret de gemeente in ynformaasjejûn. De wurksumheden sette útein yn 2027.

Werynrjochting Bleekleane: fan 50 nei 30 km yn ’e oere

De fernijde Bleekleane krijt skielk in útstrieling dy’t liket op dy fan de Westersingel en wurdt ynrjochte as 30 km yn ’e oere dyk.

De tarieding foar de werynrjochting fan de Bleekleane is hast klear. Foardat de wurksumheden begjinne kinne, fierde de nutsbedriuwen earst grut ûnderhâld út oan de gas-, wetter- en stroomkabels. As it wurk fan de nutsbedriuwen klear is, kin de gemeente begjinne mei de werynrjochting fan de Bleekleane. De planning foar de útfiering is op dit stuit noch net bekend.

Werynrjochting Felixwei yn Stiens

De Felixwei yn Stiens is ta oan grut ûnderhâld. It asfalt is fersliten en dêrom pakke wy de strjitte oan. Wy sjogge dêrby ek hoe’t wy de strjitte feiliger en oersichtliker meitsje kinne, foaral om CBS De Sprankel hinne. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Felixwei yn Stiens.

Fernijing Stasjonswei Grou

De Stasjonswei yn Grou wurdt fernijd. De strjitte wurdt feiliger, griene en better taret op it feroarjende klimaat. Mear ynformaasje fine jo op de side Fernijing Stasjonswei Grou.

Werynrjochting krúspunt Harnzerstrjitwei

Wy sille it krúspunt Harnzerstrjitwei – Ingelskestrjitte – Nachtegealstrjitte ferbetterje. It krúspunt wurdt feiliger en soarget foar in bettere trochstreaming fan it ferkear. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Harnzerstrjitwei.

Werynrjochting De Kei yn Bilgaard

Wy rjochtsje De Kei yn Bilgaard opnij yn. De strjitte wurdt moaier, griener en feiliger. Wy fernije it rioel, plantsje mear grien en rjochtsje de strjitte oars yn. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting De Kei yn Bilgaard.

Werynrjochting Haven Reduzum

Der is in earste ûntwerp foar de nije ynrjochting fan de Haven yn Reduzum. Yn dit ûntwerp binne de taken fan de gemeente ferwurke. Ek stean hjiryn de winsken fan de doarpsfyzje en de Havenkommisje. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Haven Reduzum.

Werynrjochting Goudenreinstrjitte

Wy fernije de Goudenreinstrjitte. Dizze fernijing kombinearret needsaaklike ûnderhâldswurksumheden mei ferbetteringen yn ferkearsfeiligens, leefberens en mear grien. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Goudenreinstrjitte.

Werynrjochting Beatrixstrjitte Ljouwert

Wy sille wurkje oan de Beatrixstrjitte yn Ljouwert. De dyk wurdt iepenbrutsen foar de oanlis fan stedsferwaarming, riolearring en ôffier fan rein. Hjirtroch kinne wy de dyk op ’e nij ynrjochtsje. Der leit wilens in foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting (iepenet yn in nij ljepblêd). Bewenners koenen knyppunten en mooglike oplossingen trochjaan. Dy binne safolle mooglik meinommen yn it ûntwerp. It projekt stiet no even stil. De oanlis fan stedsferwaarming duorret wat langer. Dêr moat dizze werynrjochting op wachtsje.

Auto-earme binnenstêd

It noardwestlike part fan ’e binnenstêd fan Ljouwert is auto-earm makke. Dit betsjut dat der net samar mear motorisearre reau komme meie. Mear ynformaasje fine jo op de webside Programma BInnenstêd (iepenet yn in nij ljepblêd).

Lûdsskerm lâns de N31 (Wâldwei)

Lâns de N31 komt in lûdsskerm fan 800 meter. It skerm ferminderet gelûd foar de wenningen fan Unia-west en de takomstige huzen fan Unia-east, tusken de ôfritten Ljouwert-East en Ljouwert-Súd. De wurksumheden duorje oant de simmer fan 2026. De sneldyk bliuwt iepen, mar ien rydstrook is ticht foar de feiligens. Dat kin fertraging jaan foar it ferkear. Mear ynformaasje fine jo op de website fan De Súdlannen. (iepenet yn in nij ljepblêd)

Fytspaden

De kwaliteit fan it fytsnetwurk wurdt ferbettere. Yn de notysje ‘Fytsnetwurk Ljouwert’ út 2015 stiet hokker fytsferbinings better makke wurde.

Goede fytsferbinings yn de stêd

Wy wurkje oan goede fytsferbinings yn de stêd. Guon strjitten rjochtsje wy opnij yn ta fytsstrjitte. Dat is in strjitte dêr’t fytsers foarrang hawwe en auto’s te gast binne. De werynrjochting fan dizze strjitten dogge wy yn oerlis mei bewenners. Wy hawwe al meardere strjitten op ’e nij ynrjochte. Under oaren de Azaleastrjitte, Tsjerk Hiddesstrjitte, Cambuursterpaad, Wergeasterdyk en Tynjedyk.

Fytsstrjitte Huzumerleane

Wy rjochtsje de Huzumerleane yn as fytsstrjitte. De wurksumheden oan de Huzumerleane hawwe tydlik stillein. Under de strjitte leine âlde elektrisiteitskabels dy’t net mear feilich wiene en earder foar stroomútfal soarge hawwe. Liander hat de kabels wilens ferfongen. It wurk is ferfette yn febrewaris 2026. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Huzumerleane.

Fytsstrjitte Emmakade Súdkant

It projekt oan de Emmakade Súdkant lei in skoftsje stil, mar it wurk giet no wer fierder. De gemeente hat mei de buert de lêste oandachtspunten besprutsen. Dêrtroch kin de tarieding ôfrûne wurde.

It plan is om yn juny 2026 te starten mei de wurksumheden. Wy begjinne by de Albert Heijn en wurkje dêrnei yn fazen fierder rjochting it westen. Wy fiere it wurk út fan sydstrjitte oant sydstrjitte. It projekt moat yn de maitiid fan 2027 klear wêze. As de oannimmer bekend is, krijt de buert ynformaasje oer hoe’t de wurksumheden krekt útfierd wurde.

Fytspaad Greate Kritewei

Lâns de Greate Kritewei rjochting Wergea komt in frijlizzend fytspaad. By de oanlis wurde ek de sydkanten fan de dyk ferbettere. Dat bart mei bermbeton, krekt sa’t dat earder op it Leechlân dien is. De planning is noch net hielendal wis. It doel is om it wurk yn 2026 út te fieren. As der earst kabels ferlein wurde moatte, ferskoot de útfiering mei 1 jier.

Fytsfeilige oerstek en asfaltûnderhâld Lekkumerwei

By de krusing mei de Miedwei wurde maatregels nommen om de oerstek foar fytsers feiliger te meitsjen. Tagelyk wurdt der asfaltûnderhâld útfierd tusken de beboude kom fan Lekkum en de beboude kom fan Ljouwert.

Neist de rydbaan komt bermferhurding om de dyk sterker en feiliger te meitsjen. De planning is noch net wis. De wurksumheden wurde yn 2026 of 2027.

Trochfytsrûte Ljouwert nei It Hearrenfean

Wy wurkje oan in goede fytsferbining tusken Ljouwert en It Hearrenfean. It fytspaad is 4 meter breed. Der is al in soad klear. Wy hawwe wurke yn de omkriten fan Reduzum en Jirnsum en geane fierder rjochting Ljouwert. Op de plattegrûn Fytsrûte Hearrenfean – Ljouwert (PDF, 2.76 MB)(iepenet yn in nij tabblêd (iepenet yn in nij ljepblêd) sjogge jo de hiele rûte. De ferwachting is dat it lêste part fan de fytsrûte oppakt wurdt binnen de gebietsûntwikkeling Middelsee.

Brêgen

Ljouwert hat tsientallen brêgen. Us brêgen binne wichtich foar de berikberens. Fytsers, auto’s en kuierders komme sa maklik fan A nei B. En yn it farseizoen lûke de boaten dy’t de brêgen passeare, gâns bekyk. De measte brêgen yn Ljouwert binne boud yn ’e foarige iuw. De kommende jierren moatte wy grut ûnderhâld útfiere oan in soad brêgen. It is wichtich om de brêgen ek yn ’e takomst brûke te kinnen.

It wurk oan de brêgen sil tydlik oerlêst jaan foar it wei- en farferkear, mar ek foar omwenners en bedriuwen. Wy dogge der alles oan om dy oerlêst sa folle mooglik te beheinen. Dêrom sette wy ús derfoar yn om de planning fan it wurk goed ôf te stimmen. Foar elke brêge sille wy dúdlik kommunisearje oer de planning, it wurk en de mooglike oerlêst. Alle aktuele ynformaasje is op dizze side te finen.

Underhâld 1e Kanaalsbrêge

Fan 1 desimber ôf is de 1e Kanaalsbrêge tydlik ticht. De brêge krijt grut ûnderhâld sadat dy wer jierren mei kin. Fan juny 2026 ôf is de brêge wer iepen. Mear ynformaasje fine jo op de side Underhâld 1e Kanaalsbrêge.

Ferfangen Oxena Brids tusken Himpens en Tearns

De Oxena Brids wurdt ferfongen. Fan 27 novimber ôf is dizze brêge ûngefear in heal jier sletten foar alle ferkear. Mear ynformaasje fine jo op de side Ferfangen Oxena Brids tusken Himpens en Tearns.

Gebietsûntwikkeling

Wy wurkje oan gebietsûntwikkeling. It giet om it werynrjochtsjen fan in grutter gebiet.

Stedsoase en Stedskleaster Ljouwert

It doel fan it projekt De Stedsoase is in grienere en noflikere binnenstêd. Der komt mear romte foar rêst, grien en moeting. De Stedsoase slut yn parten oan by de plannen fan it Stedskleaster Ljouwert, mar is in apart gemeentlik projekt mei in eigen oanpak.

Op it stuit binne der noch gjin konkrete plannen. Nei de simmer begjint de gemeente in ûndersyk nei de skiednis en kultuer fan it gebiet. Letter wurde ek ideeën en winsken fan bewenners ophelle. Wolle jo op ’e hichte bliuwe? Hâld dan dizze side yn ’e gaten. Meer informatie over het Stadsklooster vindt u op de website Stadsklooster Leeuwarden (iepenet yn in nij ljepblêd).

Takomstplan foar de Skrâns en it Sixmaplein

De Skrâns is in drokke en gesellige strjitte yn Ljouwert. In soad minsken wenje der graach, dogge der har boadskippen, wurkje der en moetsje elkoar. Ek it Sixmaplein kin in noflik plak wurde om te ferbliuwen. Dêrom wurket de gemeente Ljouwert yn oparbeidzjen mei bewenners, ûndernimmers en besikers oan in plan foar de takomst fan dit gebiet. Mear ynformaasje fine jo op de side Takomstplan foar de Skrâns en it Sixmaplein.

Nijbouplan ‘Wergea – Grut Palma West’ yn Wergea

Der wurde nijbouwenningen boud yn Wergea troch Harns Invest Ontwikkeling III B.V. op grûn oan de westkant fan Wergea. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nijbouplan ‘Wergea – Grut Palma West’ yn Wergea.

Projekt graven Wetter Narderherne Wergea

De gemeente giet yn Wergea oan ’e slach mei it graven fan wetter by Narderherne, it ferbetterjen fan it beammehôf en de oanlis fan in flintertún. Oanlieding is it inisjatyf fan inkele bewenners fan Narderherne om it wetter by harren wenning berikber te meitsjen foar lytse boaten. Ek wie der in winsk fan de beammehôfkommisje om it beammehôf op te knappen. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Projekt graven Wetter Narderherne Wergea.

Nijbouwyk Hikkemieden

Yn Wurdum wurdt in nijbouwyk boud mei romte foar ûngefear 40 wenningen, dêrûnder 9 kavels. De wyk kombinearret modern wenkomfort mei de natoer fan Fryslân. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nijbouwyk Hikkemieden.

Nijbouplan ‘Oer de Barten 2’ yn Warten

Der wurde nijbouwenningen boud yn Warten troch Zwanenburg Projekten B.V. op grûn oan de westkant fan Warten. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nijbouplan ‘Oer de Barten 2’ yn Warten.

Nije lokaasje Integraal Kind Centrum (IKC) yn Lekkum

It skoalgebou fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum is te lyts. Dêrom komt der in nij skoalgebou op in nije lokaasje. It stribjen is om de nije skoalle fan begjin 2026 ôf te brûken. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nije lokaasje Integraal Kind Centrum (IKC) yn Lekkum.

Untwikkelkader Sint Vitusplein Stiens

MFC De Skalm en de biblioteek binne ferhuze nei it âlde gemeentehûs yn Stiens, de Nije Skalm. Troch de ferhuzing binne der kânsen om it Sint Vitusplein en direkte omjouwing te ferbetterjen. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Untwikkelkader Sint Vitusplein Stiens.

Oanpassen beplanting Bernesân

De beplanting op it Bernesân wurdt oanpast foar mear ferskaat en better ûnderhâld. Tegearre mei de omwenners is in ûntwerp (iepenet yn in nij ljepblêd) makke. De haadstruktuer mei paden, beammen en boartersplakken bliuwt behâlden. De oanpassingen wurde fasearre útfierd oer in perioade fan fjouwer jier, te begjinnen yn it neijier fan 2024. De gemeente bestribbet in moai en duorsum einresultaat.

Fergriening fan it Gûverneursplein, de Iewâl en Woartelhaven

Wy meitsje it Gûverneursplein, de Iewâl en de Woartelhaven griener. Troch minder stiennen en mear grien wurdt it in noflike, koele en sûn plak yn ’e binnenstêd dêr’t minsken graach komme. De wurksumheden begjinne yn septimber 2025. Mear ynformaasje fine jo op de webside Programma Binnenstêd (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wenningbou op de lokaasje fan de eardere basisskoalle Easterlittens

De âlde basisskoalle yn Easterlittens krijt in nije bestimming foar betelbere wenningen. Yn ’e mande mei it doarp meitsje wy in plan. Der is ferlet fan wenningen foar starters, jongerein en âlderein. It gebou en de grûn binne fan de gemeente Ljouwert. Wy ûndersykje de mooglikheden foar wenningbou, wêrby’t wy rekkening hâlde mei de winsken fan de ynwenners. Mear ynformaasje fine jo op de webside Wenningbou op de lokaasje fan de eardere basisskoalle Easterlittens.

Wêr wurkje wy noch mear oan?

En eventueel noch mear projekten op de pagina Romtlike plannen (ynsjen en reagearje).

Glêsfezel

Yn alle doarpen en wiken yn de gemeente Ljouwert wurdt glêsfezel oanlein. Yn hokker folchoarder dat bart, moat noch bepaald wurde. Jo krije hjiroer in brief. Glêsfezel wurdt oanlein troch Glaspoort en DELTA Netwerk.

DELTA Netwerk

DELTA Netwerk begjint yn septimber 2022 yn Grou mei de graafwurksumheden. Safier’t no bekend is, lizze sy glêsfezel oan yn alle doarpen súdlik fan de stêd.

Glaspoort

Glaspoort leit oanslutingen oan yn de folgjende doarpen en yndustryterreinen: Stiens, Grou, Britsum, Koarnjum, Jelsum, Baard, Bears, Easterlittens, Feinsum, Hijum, Hilaard, Húns, Idaerd, Jirnsum, Jorwert, Lekkum, Mantgum, Alde Leie, Reduzum, Wergea, Warten, Weidum, Wytgaard en Wurdum, en bedriuweterreinen De Hemrik, Biensma, Oedsmawei, Middelsee, Ljouwert West, Businesspark Ljouwert, yndustryterrein Noarderfjild, bedriuweterrein Wergea en yndustryterrein String.

Moat ik ferplicht gebrûk meitsje fan de glêsfezeloansluting?

Nee, jo binne net ferplicht in abonnemint ôf te sluten. Wolle jo wol in abonnemint ôfslute? Dit kin fuortdaliks of letter.

Fragen oer dizze glêsfezeloanslutingen?

Mear ynformaasje fine jo op de websites fan Glaspoort (iepenet yn in nij ljepblêd) en DELTA Netwerk (iepenet yn in nij ljepblêd).

Elektrisiteitsnetwurk

It elektrisiteitsnet

It is drok op it elektrisiteitsnet. Dat komt troch in tanommen fraach nei elektrisiteit. Faak út bedriuwen wei mar ek troch bygelyks gebietsûntwikkelingen lykas nije wenwiken/wenningbou. En der is ek mear oanbod fan duorsume enerzjy. Op hieltyd mear dakken lizze sinnepanielen dy’t elektrisiteit weromleverje oan it elektrisiteitsnet.

Oersichtskaart kapasiteit stroomnet

De netbehearders TenneT en Liander wurkje dêrom oan it fersterkjen fan it elektrisiteitsnet sadat der mear kapasiteit komt. Hjirtroch komme der minder ‘piken’ yn it elektrisiteitsnet en rekket it net oerbelêste. Yn hiel Ljouwert wurde dêr ekstra elektrisiteitskasten pleatst en ekstra kabels lein. Ek is der in nij heechspanningsstasjon pland. As se by jo yn de wyk hjirmei oan de slach gean, krije jo in brief. In oersjoch fan de projekten fine jo op de webside fan TenneT (iepenet yn in nij ljepblêd). Mear ynformaasje en in oersichtskaart fine jo op de webside fan Liander (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wurksumheden middenspanningsnet (NuLelie-projekten)

Liander fersterket it middenspanningsnet. Dat dogge se troch it oanlizzen fan ekstra elektrisiteitskabels yn de wenwiken en it pleatsen fan nije elektrisiteitskasten. Fan it foarjier fan 2025 ôf wurdt der wurke oan de útwreiding fan it stroomnet fan bedriuweterrein De Himrik en yn de omjouwing Falkstrjitte en Dammeleane. Gean foar mear ynformaasje nei de webside fan Liander (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wurksumheden middenspanningsnet fia Buertoanpak Liander

It útwreidzjen fan it stroomnet docht Liander yn bepaalde wiken fia de Buertoanpak. Dat wol sizze dat sy it stroomnet yn jo buert yn ien kear ferswiere. Sa hawwe jo minder oerlêst fan it wurk en is jo buert klear foar de groeiende fraach nei stroom yn ’e takomst. Mear ynformaasje oer it wurk yn de gemeente Ljouwert kinne jo fine op de projektwebside fan Liander (iepenet yn in nij ljepblêd).

Nij heechspanningsstasjon TenneT

TenneT en Liander bouwe in nij heechspanningsstasjon. Dat is nedich om de fraach en it oanbod fan elektrisiteit oan te kinnen op it netwurk fan Ljouwert. It soarget foar in gruttere kapasiteit. Dit heechspanningsstasjon komt op in plak dêr’t de nije boppegrûnse kabels oanslute op it besteande elektrisiteitsnet by Ljouwert. Der wurdt in ûndergrûnse kabelferbining oanlein dy’t oanslút op it besteande (middenspannings)net fan Liander.

In heechspanningsstasjon is in knooppunt fan elektrisiteit. Elektrisiteit wurdt hjir omset fan heechspanning (110 kV netwurk TenneT) nei middenspanning (20 kV netwurk Liander) en oarsom. De kabels fan Liander bringe de elektrisisteit fierder (mei in legere spanning) de wiken yn, oant úteinlik nei it stopkontakt yn de wenning. Mear ynformaasje en de planning fine jo op de webside fan TenneT (iepenet yn in nij ljepblêd).

Riolearring

Oanlis reinwetterriolearring Boarskulp, Lege Herewei en Hege Herewei yn Stiens

Yn Stiens is der wetteroerlêst fan in bepaalde hoemannichte delslach ôf; dêrom leit de gemeente reinwetterriolearring oan. Ek wurde der oanslutings oanlein oan wenningen/tunen ta. Jo kinne dêr sels jo reinwetterôffier op oanslute. Yn de Boarskulp en Lege Hearewei binne de wurksumheden wilens ôfrûne. De wurksumheden yn de Hege Hearewei begjinne nei de boufak 2026 en it stribjen is it wurk ek yn 2026 ôf te rûnjen. Oan de Hege Herewei komt it asfalt net werom, mar wurdt strjitfluorring lein. Hjirby wurdt de strjitte ek ferbettere foar de ferkearsfeiligens.

Rioelferfanging Truerderdyk yn Stiens

Oan de Truerderdyk wurdt op it bedriuweterrein de riolearring ferfongen en útwreide. Nei oanlis fan de riolearring wurdt de strjitte opnij ynrjochte. Ek wurdt de krusing mei it Noarderfjild oanpakt en fytsfeilich makke. Dêrnei wurdt op de krusing in frijlizzend fytspaad oanlein, oan de krusing mei de Boskrâne ta. De planning is begjin 2027 útein sette te kinnen mei de wurksumheden.

Rioelferfanging en oanlis reinwetterriolearring Fûgelbuert yn Stiens

Yn Stiens is der wetteroerlêst fan in bepaalde hoemannichte delslach ôf; dêrom leit de gemeente reinwetterriolearring oan. Ek wurde der oanslutings oanlein oan wenningen/tunen ta. Jo kinne dêr sels jo reinwetterôffier op oanslute. Yn de Fûgelbuert wurdt ek de besteande riolearring ferfongen. De nutsbedriuwen sille ek wurksumheden útfiere, lykas it ferfangen fan de wetterlieding en gaslieding. Oer de planning kinne we noch neat sizze om’t we dy ôfstimme moatte op de nutsbedriuwen. De bedoeling is wol om yn de simmer fan 2025 útein te setten.

Fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.