Fluch oan:

Wêrom dogge wy dit

Yn 2022 hat de gemeente ûndersocht hokker krúspunten yn Ljouwert ûnfeilich binne. It krúspunt Harnzerstrjitwei – Ingelskestrjitte – Nachtegealstrjitte stiet yn de top 10 fan gefaarlikste plakken. Dêrom wolle wy dit krúspunt feiliger meitsje.

Untwerp minyrotonde

Om de feiligens fan dit krúspunt te ferbetterjen, komt der in minyrotonde. Besjoch it foarriedige ûntwerp fan de minyrotonde (iepenet yn in nij ljepblêd).

  • Troch de rotonde rydt it ferkear stadiger, wat de kâns op ûngelokken lytser makket.
  • Ek wurdt it oerstekken foar fytsers en fuotgongers feiliger en kinne weibrûkers de sydstrjitten makliker yn en út ride.
  • In minyrotonde is lytser as in gewoane rotonde. Dêrom kinne bestelbuskes en frachtweinen in stikje oer it midden ride om ôf te slaan.
  • Fytsers en fuotgongers krije foarrang op ’e rotonde.

Utfiering

Foar de útfiering fan it ûntwerp wurde earst in tal knyppunten mei kabels en liedingen oplost. Fan in tal âlde kabels witte we net presys wêr’t en hoe djip’t se lizze. Dêrom sil dit ûndersocht wurde. Op grûn fan de resultaten kin bepaald wurde hokker ferfolchstappen nedich binne.

Dêrnjonken ferleit de netbehearder ek in tal kabels en liedingen foardat de wurksumheden begjinne kinne. De ferwachting is dat dit net earder bart as yn it foarjier fan 2028. Oant dy tiid wurke wy it ûntwerp fierder út. As dit klear is, besprekke wy it ûntwerp mei omwenners en oare belutsen partijen.

Proses oant no ta

Yn 2025 hawwe wy ferskate ûntwerpen foar it krúspunt makke. Op de gearkomste hawwe wy fjouwer ûntwerpen sjen litten. De bewenners koene de ûntwerpen besjen en harren miening jaan. We binne mei de bewenners yn petear gien en hawwe harren ideeën en soargen meinommen yn ’e plannen. Op de gearkomste die bliken dat in soad bewenners de minyrotonde de bêste oplossing fûnen. De top 10 fan de meast neamde oandachtspunten en opmerkingen fan bewenners hawwe wy sammele en ferwurke yn it dokumint Befiningen ynrinjûn Harnzerstrjitwei.

Planning

  • Hjerst 2026: útwurkjen definityf ûntwerp.
  • Foarjier 2027: definityf ûntwerp, ynformearjen omjouwing.
  • Foarjier 2027: fêststellen definityf ûntwerp.
  • Foarjier 2028: wurksumheden sette útein.

Bliuw op ’e hichte!

Wy hâlde bewenners en belutsenen op ’e hichte fia (nijs)brieven en advertinsjes.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.