Fluch oan:

Wenje yn Hikkemieden

Yn Hikkemieden stiet bûten libjen sintraal. Jo wenje hjir yn alle rêst, mei útsjoch op greiden en wetter, wylst de foarsjenningen fan it doarp ticht by binne. De earste wenningen binne wilens boud, mar de wyk groeit stap foar stap fierder. Om de simmer fan 2026 hinne grave wy in farwei. Sa ûntstiet in skiereilân oan iepen wetter, mei romte foar 7 frije kavels en 8 kavels foar 2-ûnder-1-kapwenningen. De earste frije kavels binne no beskikber. Mear ynformaasje fine jo op dizze side.

Planning

  • Ferkeap frije kavels It Eilân:
    Wy ferwachtsje nei de simmer te starten mei it bouryp meitsjen fan it gebiet: wy lizze de nutsfoarsjenningen en de dyk oan. 7 frije kavels binne no yn de ferkeap.
  • Wurksumheden iepenbiere romte:
    Nei de simmer fan 2026 grave wy de wettergongen om it eilân hinne.
  • 2-ûnder-1kapwenningen It Eilân:
    De gemeente siket no in ûntwikkelder dy’t de 2-ûnder-1-kapwenningen ûntwerpe, bouwe en ferkeapje sil.
  • Frije kavels It Blauleech:
    De 5 frije kavels oan It Blauleech binne ferkocht. De bou fan dizze wenningen set nei ferwachting yn 2026 útein.
  • 2-ûnder-1kapwenningen It Blauleech:
    De 4 kavels foar 2-ûnder-1-kapwenningen oan It Blauleech binne yn opsje.
  • Sosjale hierwenningen:
    WoonFriesland is begjin febrewaris 2026 útein set mei de bou fan 12 sosjale hierwenningen.
  • Betelbere keapwenningen (starterswenningen):
    Der komme ek betelbere keapwenningen: 2 tuskenwenningen en 2 hoekwenningen. De ynskriuwing is op 6 febrewaris 2026 sletten. Alle wenningen binne ferkocht. De bou start nei alle gedachten yn maaie of juny 2026.

In plattegrûn (iepenet yn in nij ljepblêd) fan de wyk jout in goed oersjoch fan de kavels en planning.

Ferkeap frije kavels op It Eilân

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.