Fernijing Stasjonswei Grou
Wy gean oan de slach mei de Stasjonswei yn Grou. De strjitte wurdt feiliger, griene en better taret op it feroarjende klimaat.
Wat dogge wy?
Parkstrjitte (dielprojekt 1)
Wy fernije it asfalt en de strjitfluorring fan de rydbaan en fuotpaden. Sa wurdt de strjitte feilich en netsjes. By de Parkleane komt in sebrapaad en foegje wy mear grien ta. Foar de strjittefluorring fan de Parkstrjitte kieze wy foar klinkerts, omdat dy passe by it histoaryske karakter fan Grou. Se binne duorsum en soargje foar in feilige rydsnelheid. Mei tank oan de nije fundearring en it tapassen fan flakke klinkerts ferwachtsje wy ek minder gelûd en trillingen fan it ferkear.
By in ynrinbyienkomst is ynput ophelle foar de werynrjochting fan de Parkstrjitte. Dêrneist binne de plannen ûnder oaren ôfstimd mei de ferkearskommisje fan Pleatslik Belang Grou en Doarpskoöperaasje Grou.
Stasjonswei (tusken J.W. de Visserwei en Oedsmawei) (dielprojekt 2)
Wy ferfange it âlde rioel en lizze in nij rioel foar reinwetter oan. Ek fernije wy de strjitfluorring. Dit soarget foar bettere ôffier fan reinwetter en minder kâns op wetteroerlêst.
Ek lizze wy reade fytsstroken oan. Sa krije fytsers mear romte en ride auto’s faak stadiger. De dyk past dêrtroch better by de maksimumsnelheid fan 30km/oere.
Tusken de hûsnûmers 30 en 62 ferfange wy de klinkerts troch asfalt. Dat slút better oan by de rest fan de Stasjonswei. It sebrapaad nei it winkelsintrum bliuwt bestean.
Foar bewenners fan de Stasjonswei wurdt yn novimber in aparte ynrinjûn organisearre. Hjiroer folgjet noch berjocht.
Stasjonswei (tusken Oedsmawei en de rotonde) (dielprojekt 3)
Yn dit diel komt mear grien. Ek nimme wy maatregels om reinwetter better op te fangen, lykas wetterberging. Sa meitsje wy de strjitte klear foar de takomst en soargje wy foar in noflike leefomjouwing.
Rotonde Grou (dielprojekt 4)
De rotonde oan it begjin fan de Stasjonswei wurdt opnij ynrjochte. Dat dogge wy om it ferkear feiliger te meitsjen en better trochstreame te litten. Ut tellingen blykt dat de rotonde yn de jûnsspits te drok is. Dêrom komme der twa middengelieders./ Dit binne stroken yn ’e midden fan de dyk dy’t it ferkear fan inoar skiede. Sa kinne fytsers en fuotgoners feilich oerstekke. Fytsers krije dêrby gjin foarrang.
Pattegrûn
Op de plattegrûn Fernijing Stasjonswei Grou (iepenet yn in nij ljepblêd) binne de dielgebieten yn kaart brocht.
Wat ha wy de ôfrûne perioade dien
Op 27 oktober 2026 organisearre de gemeente in ynrinjûn yn The Wave yn Grou. By dizze gearkomst koene ynwenners en oare belangstellenden it definitive ûntwerp foar de Parkstrjitte besjen. Ek dielden wy de plannen foar de fierdere ynrjochting fan de Stasjonswei. Besikers koene har ideeën, fragen en opmerkingen rjochtstreeks mei de gemeente besprekke.
Earder, op 12 jannewaris 2026, hellen wy by in partisipaasjegearkomst ek winsken en oandachtspunten op foar de werynrjochting fan de Stasjonswei.
Alle ynbrochte reaksjes, ynklusyf ús antwurden dêrop, binne bondele yn it dokumint Winsken en antwurden Stasjonswei Grou De reaksjes dy’t op de ynrinjûn fan 27 oktober ophelle binne, wurde ynkoarten oan dit oersjoch taheakke.
Om in goed byld te krijen fan wat der libbet, hawwe wy alle reaksjes per ûnderwerp byinoar foege. Dêrtroch kin it wêze dat in yndividuele opmerking net letterlik werom te finen is yn de weromkeppeling. Guon opmerkingen gean boppedat oer ûnderwerpen dy’t bûten de scope fan de werynrjochting fan de Stasjonswei falle. Dy sinjalen jouwe wy wol troch ginnen de gemeente, mar dêroer kinne binnen dit projekt gjin besluten nommen wurde.
Planning
De planning fan de dielprojekten fine jo hjirûnder. Dy planning is ûnder foarbehâld, omdat earst kabels en liedingen yn de ûndergrûn ferlein of ferwidere wurde moatte. Dêrtroch kin de útfiering fan de dielprojekten en dêrmei de planning noch ferskowe.
| Dielprojekt | Underwerp | Gebiet | Foarriedige planning | Opmerking |
| 1 | Underhâld | Parkstrjitte – Stasjonswei (Dimpte Haven → J.W. de Visserwei) | Tredde fearnsjier 2027 | De planning hinget derfan ôf oft der noch kabels en liedingen ferlein wurde moatte. Dat is ein 2026 dúdlik. |
| 2 | Underhâld | Stasjonswei (J.W. de Visserwei → Oedsmawei) | Fjirde fearnsjier 2027 | |
| 3 | Klimaatadaptaasje | Stasjonswei en Oedsmawei | Fjirde fearnsjier 2027 | |
| 4 | Middengelieders | Rotonde Stasjonswei – Oedsmawei | Twadde fearnsjier 2027 |
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: