Fluch oan:

Wêrom dit plan

Omdat de stêd yn it suden groeit, komme der hieltyd mear fytsers op de Skrâns. Tagelyk ride der in soad auto’s dy’t dêr eins net hoege te wêzen. Dat kin soargje foar mear drokte en gefaarlike situaasjes by krúspunten en de spoarwei-oergong. Ek de stoepen reitsje foller troch parkearde fysten, wêrtroch’t fuotgongers minder romte hawwe om te rinnen. De gemeente wol de Skrâns feiliger, rêstiger en nofliker meitsje. Wy sjogge nei manieren om it ferkear better yn te rjochtsjen, mei mear romte foar fytsers en fuotgongers en minder trochgeand autoferkear.

Dizze oanpak past binnen it Beliedskader Mobiliteit 2040, goedkard troch de gemeenteried yn 2024. Ynwenners fan Ljouwert koene meitinke fia fragelisten en gearkomsten. De Skrâns, it Sixmaplein, de spoarwei-oergong en it stasjonsgebiet binne wichtich yn dit plan.

Earst in takomstplan, noch gjin útfiering.

Foardat wy besluten nimme, meitsje wy earst in takomstplan. Dit neame wy in ûntwikkelprogramma. Dit plan helpt om in gebiet stap foar stap better te meitsjen. Foar de Skrâns en it Sixmaplein meitsje wy earst in fariantestúdzje foar it ûntwikkelprogramma. Yn ’e mande mei bewenners, ûndernimmers en oaren besjogge wy wat goed is en wat better kin. Bygelyks oer ferkear, grien, wenjen, wurkjen en hoe’t minsken troch it gebiet gean. It ûntwikkelprogramma is noch gjin plan om fuortdaliks te dwaan. It lit sjen hokker kant wy op wolle yn de takomst. De ideeën en karren dy’t wy no meitsje, wurde letter útwurke yn echte plannen en projekten.

Wat is der al bard

Jo kinne op ferskate wizen bydrage oan it takomstplan. In pear mominten hawwe der al west. Hjirnei komt der noch in byienkomst.

  • Earste online fragelist (ôfrûne)
    • Fia in fragelist koene de minsken witte litte wat se goed fine oan de Skrâns en it Sixmaplein – en wat better kin. De fragelist is mear as 500 kear ynfuld. Wy brûke de resultaten as basis foar it ûntwikkelprogramma.
  • Wurkgroep (ôfrûne)
    • Fia de fragelist koene minsken har ek opjaan foar de wurkgroep. Der wiene mear as 100 oanmeldingen foar de wurkgroep. Ut de oanmeldingen is in groep fan likernôch 35 persoanen keazen: bewenners, ûndernimmers en besikers fan ferskillende leeftiden. Dizze wurkgroep wurdt gear mei de gemeente en it buro oan it ûntwikkelprogramma. Se hawwe al 3 kear byinoar west.
  • Ynrinbyienkomsten (ôfrûne)
    • Op moandeitejûn 10 novimber 2025 en tiisdeitejûn 14 april 2026 wiene der ynrinbyienkomsten. Op de earste jûn koene besikers lâns de ynformaasjemerk en by tematafels yn petear gean oer ferkear, de iepenbiere romte, funksjes en sfear. Op de twadde jûn koene de minsken de resultaten besjen fan de ûndersiken en reagearje op de útwurke senario’s.
    • Twadde online fragelist (ôfrûne)
      Nei de ynrinbyienkomst kin elkenien ek online reagearje op de Fariantestúdzje Untwikkelprogramma Skrâns Sixmaplein. De fragelist is troch 155 minsken folslein ynfuld. Mei de reaksjes op de byienkomst levere dit weardefolle oandachtspunten op. In soad dielnimmers wolle in Skrâns dy’t feiliger, griener en nofliker is foar fuotgongers en fytsers. Ek fregen sy omtinken foar ûnder mear feilige oerstekplakken, de berikberens foar ûndernimmers en de bus, parkearen en laden en lossen, it tefoaren kommen fan slûpferkear en in feilich en libben Sixmaplein. Dy reaksjes nimme wy mei yn de fierdere útwurking.

De Fariantestúdzje Untwikkelprogramma Skrâns - Sixmaplein op ynsjen

De Fariantestúdzje ûntwikkelprogramma Skrâns – Sixmaplein (iepenet yn in nij ljepblêd) leit fan 17 septimber oant en mei 28 oktober 2026 op ynsjen. Hjiryn stean ferskillende mooglikheden foar de takomstige ynrjochting fan it gebiet. Elkenien kin de farianten besjen en derop reagearje troch in sjenswize yn te tsjinjen. Ek is der op 22 septimber in ynrinjûn dêr’t fragen steld wurde kinne. Jo kinne jo reaksje skriftlik, per e-mail of mûnling yntsjinje. Mear ynformaasje oer it yntsjinjen fan in sjenswize of ynspraakreaksje fine jo op de pagina Sjenswize yntsjinje.

Ynrinjûn

Wolle jo mear ynformaasje, fragen stelle of mei meiwurkers fan de gemeente yn gesprek? Kom dan nei de ynrinjûn op tiisdei 22 septimber tusken 19.30 en 21.00 oere yn it Leonardo Oranje Hotel yn Ljouwert.

Op dizze jûne kinne jo de Fariantestúdzje besjen en útlis krije oer de ferskillende senario’s en farianten. Jo kinne deryn rinne op in momint dat jo past.

Folgjende stappen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Bliuw op ’e hichte!

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.