Fluch oan:

Wenferlet yn Stiens

Yn Stiens is it wenningferlet yn de perioade oant 2031 ynskat op 170 ekstra wenningen. Dat blykt út in wenferletûndersyk dat yn 2021 hâlden waard. Der is de kommende jierren foaral ferlet fan iengesinswenningen. It giet hjirby om rychjeswenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen en frijsteande wenningen. Der is in beheinde fraach nei keapapparteminten.

Yn de sosjale hiersektor is it winsklik om mear libbensrinbestindige wenningen mei in (lytse) tún ta te heakjen. Dit binne wenningen dy’t geskikt binne foar minsken mei in (lichte) beheining of âlderen. Dit oanbod is op it stuit net of kwealik oanwêzich yn Stiens en kin in wichtige bydrage leverje oan it ferheegjen fan de trochstreaming yn de besteande wenningfoarried.

Besjoch it folsleine ûndersyk dat útfierd is troch Companen, in advysburo foar wenningmerk en leefomjouwing.

Utwreiding fan Steenslân

Wy wolle yn it nije gebiet romte biede oan

  • Wenjen
  • Bioferskaat
  • Grien
  • Rekreaasje (kuierpaden, fytsrûte)
  • Wetter

Ambysjes fan de gemeente Ljouwert en Pleatslik Belang Stiens

Wy hawwe de winsk om hjir in moai leefgebiet te ûntwikkeljen:

  • It wurdt net allinnich in nij wengebiet, wy hawwe de ambysje om in gebiet te ûntwikkeljen dat foar alle Stienzers oantreklik is om te ferbliuwen en elkoar te moetsjen.
  • In útnûgjend iepenbier gebiet mei grien dat in goede oergong foarmet mei it lânskip yn de omjouwing fan Stiens.
  • Der is romte foar alle doelgroepen yn Stiens.
  • Kaartsje fan Steenslân 2 (PDF, 7,23 MB)

Stêdeboukundich plan

It stêdeboukundich plan Steenslân 2 is klear. It plan jout in dúdlik byld fan wêr’t ûnder mear wenningen, diken, grien en wetter komme. Ofûne febrewaris/maart lei it ûntwerp-stêdeboukundich plan op besjen. It ûntwerp is op inkele punten wizige troch reaksjes fan ynwenners en organisaasjes. De wichtichste wizigingen troch de reaksjes op it ûntwerp binne:

  • der komme 5 sosjale hierwenningen ekstra;
  • oant it wetter komme allinnich keapwenningen (gjin hier);
  • der komt in fyts- en rinbrêge by it Mierepaad, sadat de kuierrûte ek foar minderfaliden tagonklik is;
  • der wurde libbensrinbestindige wenningen boud.

Besjoch it stêdeboukundich plan.

Partisipaasjewurkgroep

Fyftjin ynwenners fan Stiens foarmje in partisipaasjewurkgroep. Sy fertsjintwurdigje in trochsneed fan de befolking fan Stiens en direkt oanwenjenden.

Konsept-ûntwerp

Uteinlik is der in konsept-ûntwerp ûntstien dat de wurkgroep oan de doarpsbewenners presintearre hat. Dat plan waard troch in soad ynwenners goed ûntfongen. It levere entûsjaste reaksjes op. Alle tips en opmerkingen waarden dêrnei nochris yn de plannen ferwurke. Sa ûntstie in folslein plan dat foarlein is oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried.

Op dizze wize is der troch alle partijen mienskiplik in plan ûntwikkele. In wurkwize dêr’t wethâlder Hein de Haan, sels oanwêzich by ien fan de partisipaasjesesjes, tige bliid mei is. Ek de wurkgroep is entûsjast oer de wurkwize.

Planning

It stêdeboukundich plan is op 6 desimber 2023 troch de gemeenteried fêstlein. It ûntwerp bestimmingsplan en it ûntwerp byldkwaliteitsplan leine fan 14 desimber 2023 oant en mei 8 febrewaris 2024 op ynsjen. De bestimmingsplanproseduere is dêrmei úteinset. Der binne in oantal reaksjes ûntfongen. Dy binne wy op dit stuit oan it beoardieljen.

  • Twadde helte 2024 – bestimmingsplan fêststeld troch de gemeenteried, dêrnei fêst.
  • Begjin 2025 plan bouryp meitsje.
  • Twadde helte 2025 – plan bouryp makke en start ferkeap earste frije kavels, start bou sosjale hierwenningen en earste projektmjittige (keap)wenningen.

Bestimmingsplan en byldkwaliteitsplan

Oant en mei 8 febrewaris 2024 leine it ûntwerp bestimmingsplan en it ûntwerp byldkwaliteitsplan foar Steenslân 2 yn Stiens op ynsjen. Hjirûnder lêze jo mear oer dizze plannen.

Untwerp-bestimmingsplan

It bestimmingsplan fan Steenslân 2 makket de realisaasje fan in wenwyk mei 103 wenningen yn Stiens mooglik. De nije wenwyk bestiet út in mjuks fan rychjeswenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen, frijsteande wenningen, arken en apparteminten. De bebouwing ken in doarpske útstrieling mei fariaasje yn wenningtypen en bouhichten en ferspringende roailinen. Platte dakken binne net tastien.

De wenningen komme yn in griene en wetterike omjouwing. It plan is rom opset en ken in lege bebouwingstichtheid. It plan foarmet de natuerlike ôfrûning fan it doarp Stiens en wurdt omseame troch in soad grien.

Untwerp byldkwaliteitsplan mei wolstânsrjochtlingen

Hoe komme de huzen derút te sjen? Wat wurdt it materiaal of wat wurde de kleuren? Hoe sjogge de hiemôfskiedingen derút? Dat stiet allegear yn it ûntwerp byldkwaliteitsplan. Dit binne de saneamde wolstânsrjochtlingen. Dus wêr’t in gebou oan foldwaan moat. Hjir stiet ûnder mear yn foar hokker gevels nêstfoarsjennings foar fûgels of flearmûzen komme moatte. Takomstige bou-oanfragen wurde op grûn fan dizze rjochtlingen toetst.

Beskikberheid kavels en wenningen

Der binne noch gjin boukavels, keapwenningen, keapapparteminten of sosjale hierwenningen beskikber. Sadree’t bekend is wannear’t dy beskikber komme en hoe’t jo hjirfoar jo ynteresse kenber meitsje kinne of ynskriuwe kinne, wurdt dat hjir oanjûn.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer it projekt Steenslân 2? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei steenslan@leeuwarden.nl