Fluch oan:

Wat stiet der yn it Untwikkelkader St. Vitusplein Stiens?

Gemeente Ljouwert biedt yn it ûntwikkelkader romte foar plannen dy’t oanslute by de regiofunksje fan it doarp Stiens en de skaal fan it St. Vitusplein. Yn it ûntwikkelkader binne de útgongspunten foar de fierdere planfoarming fêstlein.

In belangryk ûnderdiel by de tastânkomming fan it ûntwikkelkader hat de gearwurking mei de partisipaasjewurkgroep St. Vitusplein west, dêr’t Pleatslik Belang Stiens, Undernimmersferiening Ljouwerteradiel, omwenners, eigeners en oare belangstellenden sitting yn hiene. It ûntwikkelkader omfettet in rânebetingstekaart, trochsneden en kritearia foar de byldkwaliteit fan de nije bebouwing en de iepenbiere romte. It ûntwikkelkader is basearre op de útgongspunten dy’t by it partisipaasjeproses mei de dielnimmers ôfstimd binne.

Mei de nije ynfolling fan de lokaasje Skalm wurdt beëage in positive ympuls te jaan oan de ynrjochting en it gebrûk fan sawol it Sint Vitusplein as fan de omlizzende bebouwing, sadanich dat ek de relaasjes mei de tsjerke en de Langebuorren fersterke wurde.

It ûntwikkelkader ynsjen

It fêststelde ûntwikkelkader fine jo hjirûnder:

Gjin reaksje mooglik

Op grûn fan artikel 8:3 Algemiene wet bestjoersrjocht kin gjin beswier en/of berop ynsteld wurde tsjin it fêststellingsbeslút.

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Nim dan gerêst kontakt op mei Aletta Kalma of Dirk Jan Kuipers fia of stjoer in e-mail nei wonen@leeuwarden.nl.