Fluch oan:

Wat wurdt der boud?

It plan bestiet út 32 keapwenningen, mei in ôfwikseljend wenningoanbod:

  • 10 frijsteande wenningen mei tagong ta iepen farwetter.
  • 14 twa-ûnder-ien-kapwenningen mei tagong ta iepen farwetter.
  • 8 rycjeswenningen, dêrfan 4 hoekwenningen.

Guon wenningen lizze oan farwetter dat yn ferbining stiet mei it Wartenster Wiid. Alle wenningen wurde ûntwikkele en ferkocht troch Zwanenburg Projecten B.V.

Berikberens en ynrjochting

De nije buert krijt 1 dyk foar auto’s. Dizze dyk rint fia de Meagere Weide. Der komt ek in needútwei nei Oer de Barten, ôfsletten mei in pealtsje. Foar kuierders en fytsers komt der in brêge nei Oer de Barten. Sa ûntstiet in moaie kuierrûte.

Feroaring yn wenningoanbod

Yn it earste plan wiene sosjale hierwenningen opnommen. Nei oerlis is besletten dat dit no net slagget. Dêrom komme der betelbere keapwenningen. Dizze huzen:

  • Meie allinnich troch de keaper sels bewenne wurde.
  • Meie de earste fiif jier net mei winst ferkocht wurde.

Dit makket se ekstra ynteressant foar minsken dy’t foar it earst in hûs keapje.

Bestimmingsplan en proseduere

It ûntwerp bestimmingsplan mei byldkwaliteitsplan lei fan 21 desimber 2023 oant en mei 1 febrewaris 2024 op ynsjen. De sjenswizen binne beoardiele. De gemeenteried besprekt it oanpaste plan.

  • 25 juny 2025: taljochting plannen oan de gemeenteried. Doarpsbelang Warten sprekt yn.
  • 9 july 2025: Beslútfoarming oer it bestimmingsplan.

As der gjin beswieren yntsjinne wurde, begjint de ferkeap en tarieding fan de bou yn desimber 2025. De wenningen wurde nei ferwachting ein 2028 oplevere.

Mear ynformaasje of fragen

Oer it plan of de proseduere:

  • Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Oer de bou, ferkeap of planning:

Oer de beskikberheid fan wenningen: