Fluch oan:

Diken

Ferkearsljochten op de krusing Pieter Stuyvesantwei – Willem Lodewijkstrjitte – Merodestrjitte

De ferkearsljochten op de krusing Pieter Stuyvesantwei – Willem Lodewijkstrjitte – Merodestrjitte wurde ferfongen. De wurksumheden hawwe ynfloed op de berikberens.

Stremming yn de simmerfakânsje

De spoarweioergong is fan moandei 22 july 7.00 oere oant en mei tongersdei 25 july 16.00 oere ôfsletten foar al it motorisearre ferkear.

Berikberens

Moatte jo mei jo auto, motor, buske of oar foertúch oan ’e noardkant fan de spoarweioergong wêze? Dan moatte jo omride fia de Aldlânsdyk – Anne Vondelingwei – Kanaalwei.

(Brom)fytsers, fuotgongsers en need- en helptsjinsten kinne wol gebrûk meitsje fan de spoarweioergong.

Wat dogge wy?

Ferkearsljochten ferfange wy ûngefear ien kear yn de fyftjin jier. De ljochten ferfange wy troch enerzjysunige LED modules. Ek wurdt de oanstjoeringskast ferfongen en foarsjoen fan de nijste regelsoftware. Dy kin better ynspylje op takomstige ûntwikkelingen.

Werynrjochting Westersingel

Wy sille de Westersingel en Pier Panderstrjitte opknappe. Dat moat omdat it asfalt fan de dyk min wurdt. Dêrneist wolle wy de maksimumsnelheid werombringe nei 30 km per oere.

Wurkgroep

Meiwurkers fan de gemeente wurkje gear mei ynwenners fan de Westersingel oan de werynrjochting. Ynwenners hawwe op twa gearkomsten harren ynput jûn. Der leit wilens in Foarriedich Untwerp, dat foarlein is oan de wurkgroep. De ferwachting is dat oare ynwenners fan de buert foar de simmer ynformearre wurde. Sy kinne it foarriedich ûntwerp dan besjen by in ynringearkomst. Hjirnei wurde eventuele opmerkingen meinommen nei it defitinive ûntwerp.

Planning

De útfiering sil nei ferwachting yn de maitiid fan 2025 úteinsette.

Wergeasterdyk Goutum

De Wergeasterdyk wurdt op ’e nij ynrjochte. Fan de Sudertrimsdieldyk ôf oant en mei de krusing by de Buorren. De Wergeasterdyk wie eartiids in trochgeande dyk nei Ljouwert. De ôfrûne jierren is der in soad feroare. De dyk wurdt no hiel oars brûkt. Op de Wergeasterdyk wurdt in soad fytst en kuiere. Dêrom wurdt de dyk no oanpast.

Der komt mear romte foar fytsers en fuotgongers op de Wergeasterdyk:

  • rommer fytspaad
  • read weidek
  • dyk wurdt smeller
  • bredere stoepe
  • auto’s binne der te gast

Op de krusing mei de Buorren komt in fytsrotonde. Der komme sebrapaden om feilich oerstekke te kinnen.

Planning

Liander hat har wurksumheden ôfrûne. Gemeente hat wilens in oannimmer opdracht jûn foar de wurksumheden en dizze begjint nei de boufakfakânsje. De wurksumheden foar de fytsstrjitte sette op syn lêst yn desimber 2024 klear wêze.

Ferkearsmaatregels Alde Leie

Wy wurkje oan de ferkearsfeiligens fan de Leijester Hegedyk, Arjen Roelswei en Langedyk yn Alde Leie. Wy passe de diken oan sadat de situaasje better oanslút op de 30-kilometersône dy’t der no is. It ûntwerp is ta stân kommen yn oerlis mei de wurkgroep/doarpsbelang en in tal ûndernimmers en agrariërs. It definitive ûntwerp is foarlein oan bewenners.

It ûntwerp kinne jo hjir ynsjen:

De útfiering stiet pland foar neijier 2024.

Werynrjochting Beatrixstrjitte Ljouwert

Wy sille wurkje oan de Beatrixstrjitte yn Ljouwert. De dyk wurdt iepenbrutsen foar de oanlis fan stedsferwaarming, riolearring en ôffier fan rein. Hjirtroch kinne wy de dyk op ’e nij ynrjochtsje. Der leit wilens in foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting. Bewenners koenen knyppunten en mooglike oplossingen trochjaan. Dy binne safolle mooglik meinommen yn it ûntwerp. It projekt stiet no even stil. De oanlis fan stedsferwaarming duorret wat langer. Dêr moat dizze werynrjochting op wachtsje.

Auto-earme binnenstêd

It noardwestlike part fan ’e binnenstêd fan Ljouwert is auto-earm makke. Dit betsjut dat der net samar mear motorisearre reau komme meie. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Auto-earme binnenstêd.

Fytspaden

De kwaliteit fan it fytsnetwurk wurdt ferbettere. Yn de notysje ‘Fytsnetwurk Ljouwert’ út 2015 stiet hokker fytsferbinings better makke wurde.

Tynjedyk

De Tynjedyk wurdt ynrjochte as fytsstrjitte, in strjitte dy’t noflik is foar fytsers en dêr’t de auto te gast is. De oannimmer is wilens begûn mei de wurksumheden en jout oan foar de boufakfakânsje 2024 it wurk klear te hawwen. De beammen wurde pas yn ’e winter plante.

Huzumerleane

De Huzumerleane rjochtsje wy opnij yn. Wy stribje nei komfort foar de fytsers. Dêrby is de winsk om de leane wer it karakter te jaan fan eartiids. Ek bringe wy reinwetterriolearring oan yn ’e strjitte. De lêste oanpassingen moatte noch yn it ûntwerp trochfierd wurde. Doel is yn 2024 de tarieding ôfrûnje te kinnen, sadat yn maart 2025 de oannimmer begjinne kin. De wurksumheden moatte dan ein 2025 klear wêze.

Foarriedich ûntwerp

De gemeente hat in foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting makke. Hjir binne oandachtspunten út de buert wei yn meinommen. Dit binne û.o. spegelskea auto’s, ferskillende foarrangssituaasjes en de krusing mei de Jansoniusstrjitte. It foarriedich ûntwerp is foarlein oan ynwenners op in ynformaasjegearkomst op moandeitejûn 29 jannewaris. Op dy gearkomst binne fragen steld. De gemeente siket in pear punten noch út en keppelet dit werom oan de ynwenners. Op dizze side fine jo dan in fraach en antwurd formulier. Dizze wurdt ek dield op de webside fan it wykpanel. Mei de nedige ynput gean wy oan de slach foar it definitive ûntwerp fan de Huzumerleane. Mear ynformaasje oer wat der op de gearkomst bepraat is, fine jo yn it dokumint presintaasje Huzumerleane.

Planning

Wy ferwachtsje nei de simmer útein te setten mei de útfiering.

Trochfytsrûte Ljouwert nei It Hearrenfean

Wy wurkje oan in goede fytsferbining tusken Ljouwert en It Hearrenfean. It fytspaad is 4 meter breed. Der is al in soad klear. Wy hawwe wurke yn de omkriten fan Reduzum en Jirnsum en geane fierder rjochting Ljouwert. Op de plattegrûn Fytsfûte Hearrenfean – Ljouwert (PDF, 2.76 MB) sjogge jo de hiele rûte. De ferwachting is dat it lêste part fan de fytsrûte oppakt wurdt binnen de gebietsûntwikkeling Middelsee.

Goede fytsferbinings yn de stêd

Wy wurkje oan goede fytsferbinings yn de stêd. Guon strjitten rjochtsje wy op ’e nij yn sadat fytsers der feilich fytse kinne. De werynrjochting fan dizze strjitten dogge wy yn oerlis mei bewenners. Wy hawwe al meardere strjitten op ’e nij ynrjochte. Under oare de Azaleastrjitte en de Tsjerk Hiddesstrjitte.

Foarriedich ûntwerp Emmakade Súdkant

It projekt Emmakade Súdkant stie even stil. Wy kinne net sa ticht by de kaaimuorre wurkje as nedich is om it oarspronklike plan út te fieren. Mei in oanpast plan kin dit wol sûnder dat de kaai oantaast wurdt. It giet om in foarriedich ûntwerp.

Cambuursterpaad

Wy rjochtsje it Cambuursterpaad op ’e nij yn fan de fytsbrêge by it Hoeksterein ôf oant en mei de krusing mei de Tjerk Hiddesstrjitte.

  • De ynrjochting wurdt lykas de ynrjochting fan de Tjerk Hiddesstrjitte. In strjitte mei read asfalt, dêr’t de auto te gast is.
  • De besteande beammen binne net mear sûn. Dizze beammen wurde fuorthelle.
  • Wy meitsje ek nije plantfekken. Dêr plantsje wy nije beammen sadat se better groeie kinne.
  • It tal parkearplakken bliuwt gelyk.
  • Der is soms sprake fan wetteroerlêst op it diel foar de krusing mei de Tjerk Hiddesstrjitte. Dêrom wurdt der rekken holden mei hichteferskillen en mei it pleatsen fan putten.

De wurksumheden binne wilens yn útfiering en moatte foar de boufak klear wêze sadat de wurksumheden oan de Bleekleane dêrnei útfierd wurde kinne. By de wurksumheden oan de Bleekleane wurdt de krusing Cambuursterpaad meinommen.

Brêgen

Wy wurkje oan it ûnderhâld of de oanlis fan nije brêgen. Op dit stuit binne wy drok dwaande mei it tarieden fan ûnderhâldswurksumheden foar ferskillende brêgen. De útfiering sil barre yn 2025. Dan fine jo hjir mear ynformaasje oer.

Gebietsûntwikkeling

Wy wurkje oan gebietsûntwikkeling. It giet om it werynrjochtsjen fan in grutter gebiet.

Nijbouwyk Grut Palma

Yn Wergea is in nijbouwyk boud. Yn oktober giene wy fan start mei it wenryp meitsjen fan Grut Palma. Wy meitsje de strjitte ôf, lizze de stoepen oan en heakje nij grien ta. Nei dizze wurksumheden is de nijbouwyk Grut Palma klear! Yn de winterperioade lizze wy de wurksumheden efkes stil. Yn it foarjier starte wy mei it lêste diel fan de wurksumheden. Alle wurksumheden binne foar de simmerfakânsje klear.

Definityf ûntwerp wenryp meitsjen Grut Palma

Nijbouwyk Grut Palma West

Harns Invest wol in fariearre nije wenwyk realisearje mei de namme Grut Palma West. Dy komt dan neist de nijbouwyk Grut Palma te lizzen. Yn it plan is plak foar 55 wenningen. Foar de ûntwikkeling is it nedich om in bestimmingsplan fêst te stellen. De gemeente is hjir ferantwurdlik foar. Harns Invest stelt yn gearspraak mei de gemeente it bestimmingsplan op. Op 31 jannewaris 2023 hat in earste presintaasje fan it plan west en is it plan fierder útwurkje.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje oer it plan kinne jo terjochte by Harns Invest. Foar Grut Palma West is in projektwebside makke. Foar mear ynformaasje oer de bestimmingsplanproseduere kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente Ljouwert.

Nijbouplan ‘Oer de Barten 2’ yn Warten

Der wurde nijbouwenningen boud yn Warten troch Zwanenburg Projekten B.V. op grûn oan de westkant fan Warten. De gemeente Ljouwert hat ek grûn grinzjend oan dizze nijbouwyk dêr’t wy huzen bouwe wolle. Der leit in skets fan it nijbouplan. Dizze waard op 20 febrewaris presintearre oan direkt oanwenjenden en op 9 maart op de algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelangen Warten. De reaksjes op beide gearkomsten binne sammele en fêstlein, en guon reaksjes binne ferwurke yn it plan. Yn augustus en septimber 2023 lei it foarûntwerp bestimmingsplan op besjen. In soad direkt omwenjenden en oare bewenners wiene oanwêzich by de ynringearkomst, guon hawwe in ynspraakreaksje jûn.

Soarte wenningen

Yn it hjoeddeistige konseptplan sitte sawol hier- as keapwenningen, wêrby’t de keapwenningen frijsteande wenningen en twa-ûnder-ien-kapwenningen oan farwetter binne, dat yn ferbining stiet mei it Wartenster Wiid. De sosjale hierwenningen sille rychjeswenningen wêze en by foarkar wurde dy fia in wenningkorporaasje ferhierd.

Ynsjen

Fan tongersdei 21 desimber 2023 oant en mei tongersdei 1 febrewaris 2024 lei it ûntwerpbestimmingsplan mei byldkwaliteitsplan op ynsjen. Op dit stuit wurde de sjenswizen beoardiele. It bestimmingsplan wurdt nei de behanneling fan de sjenswizen foarlein oan de gemeenteried foar fêststelling.

Planning

Fêststelling fan it bestimmingsplan sil nei ferwachting medio 2024 wêze. Berop stiet iepen tsjin it fêststelde bestimmingsplan. It plan wurdt bouryp makke nei’t it bestimmingsplan fêst stiet. (Foar)ferkeap en bou kinne úteinsette nei’t it plan bouryp makke is. De wenningen op it nije skiereilân wurde ûntwikkele en ferkocht troch Zwanenburg Projecten B.V. De fjouwer twa-ûnder-ien-kapwenningen oan de strjitte Oer de Barten wurde ferkocht troch in noch te belûken boubedriuw of projektûntwikkeler. De acht sosjale hierwenningen oan Oer de Barten wurde op termyn boud en ferhierd troch wenningkorporaasje Elkien.

Mear ynformaasje?

Hawwe jo fragen? Mail dan nei gemeente@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert en freegje nei de projektlieder Herman van der Maas.

Nije lokaasje Integraal Kind Centrum (IKC) yn Lekkum

It skoalgebou fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum is te lyts. Dêrom komt der in nij skoalgebou op in nije lokaasje. It stribjen is om de nije skoalle fan begjin 2026 ôf te brûken.

It ûndersyk nei in geskikte lokaasje

Advysburo ICS Adviseurs hat de meast geskikte lokaasje ûndersocht. Dit wie yn opdracht fan de gemeente Ljouwert. Der is bygelyks sjoen nei hoe’t it IKC yn it lânskip past, nei de ferkearsfeiligens en nei de ynfloed op de omjouwing en omwenjenden. Ut dit ûndersyk kaam it gerslân neist it keatsfjild yn Lekkum as de meast geskikte lokaasje. Omdat dizze grûn net fan de gemeente is, moatte wy dizze grûn earst keapje fan de eigener. De gemeente en de eigener binne hjiroer yn ûnderhanneling.

Proloog is bouwhear

De gemeente en Proloog hawwe mei-inoar besletten dat Proloog bouhear en opdrachtjouwer is foar de bou fan it IKC. En it skoalplein/terrein dat hjirby heart. De gemeente bluwt ferantwurdlik foar de needsaaklike oanpassingen oan de ynfrastruktuer. Tink dan bygelyks oan de berikberens, parkearen en it heljen en bringen fan bern.

Bewenners prate mei

De bewenners oan De Buorren wurde yn in iere faze belutsen, as de keap fan de grûn trochgiet. Sy wenje dan aanst tsjinoer it nije skoalgebou. Wy besprekke en beoardielje graach yn ’e mande mei harren in oantal konkrete opsjes foar it nije IKC. Tink bygelyks oan de ynrjochting fan it plein, de pleatsing fan it gebou, it ferkear of parkearen. De ynwenners dy’t yn de direkte omjouwing fan it nije gebou wenje, meie ek meitinke oer it ûntwerp.

Tuskenoplossing

De skoalle hat al jierren te min romte. En in part fan de learlingen krijt les yn it doarpshûs. De situaasje wurdt hieltyd driuwender. Dêrom wurdt sjoen nei in tydlike oplossing foar ekstra romtes.

Werynrjochting fan De Kei yn Bilgaard

Wy wurkje oan de ûntwikkeling fan De Kei yn Bilgaard. Der is in ûntwerp fan it gebiet. Dit is ôfstimd mei ynwenners út de wyk. Der komt nije riolearring en mear grien yn de wyk. Wy ferwachtsje yn 2024 útein te setten mei de werynrjochting. Mear ynformaasje oer dit projekt fine jo yn de nijsbrief.

Untwikkelkader Sint Vitusplein Stiens

MFC De Skalm en de biblioteek binne ferhuze nei it âlde gemeentehûs yn Stiens, de Nije Skalm. Troch de ferhuzing binne der kânsen om it Sint Vitusplein en direkte omjouwing te ferbetterjen. Yn ’e mande mei it doarp binne wy op ’e syk gien nei dy kânsen. Hjirfan makket de gemeente in ûntwikkelkader. In ûntwikkelkader is in plan dêr’t wy de kaders foar takomstige ûntwikkelingen yn meitsje. It is in soarte blaudruk foar takomstige plannen. It ûntwikkelkader jout dúdlikens oer de ynfulling fan it gebiet, oer de winske funksjes, nije gebouwen, de ynrjochting fan it plein en it gebrûk fan it plein. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Untwikkelkader Sint Vitusplein Stiens.

Beammen Mozartstrjitte

De beammen yn de Mozartstrjitte feroarsaakje in soad oerlêst. De ûndergrûnske groeiromte is ‘fol’, dêrtroch giet de kondysje fan de beammen hurd efterút. De opdrukkende beamwoartels kinne net fuorthelle wurde om’t de beam dêr tefolle fan te lijen krijt en de stabiliteit yn gefaar komt. Dat kin ta gefaarlike situaasjes liede. Dêrom hat de gemeente besletten de 25 beammen te kapjen en de strjitte op ’e nij yn te rjochtsjen. Der komme mear beammen foar werom. Jelle Bijlsma BV sil dizze wurksumheden útfiere. It ûntwerp kinne jo besjen yn it Plan ferfangen beammen Mozartstrjitte.

Planning

De wurksumheden wurde yn fiif fazen útfierd.

  • Faze 1: Schubertstrjitte – Händelstrjitte oanslutend.
  • Faze 2: Händelstrjitte – Beethovenstrjitte oanslutend.
  • Faze 3: Beethovenstrjitte – Mendelssohnstrjitte oanslutend.
  • Faze 4: Mendelssohnstrjitte – Bachstrjitte oanslutend.
  • Faze 5: Bachstrjitte – Obrechtstrjitte.

Oerlêst

It plande wurk jout oerlêst yn de Mozartstrjitte, mar ek yn de oanbuorjende strjitten yn de muzykwyk. De wenningen bliuwe foar de bewenners en helptsjinsten berikber. De gemeente en oannimmer sille harren bêst dwaan de oerlêst safolle mooglik te beheinen.

Gemeente Ljouwert past beplanting Bernesân oan

De gemeente Ljouwert sil de beplanting op it Bernesân oanpasse om mear ferskaat en better te ûnderhâlden grien te kreëarjen. Hjirfoar is yn gearwurking mei in wurkgroep fan omwenners in ûntwerp makke. De haadstruktuer fan de parksône, lykas paden, beammen en boartersplakken, bliuwt behâlden.

Planning

De oanpassingen wurde fasearre útfierd oer in perioade fan fjouwer jier, te begjinnen yn it neijier. De gemeente hopet mei dizze oanpassingen in prachtich en duorsum einresultaat te berikken foar it Bernesân.

Wêr wurkje wy noch mear oan?

En eventueel noch mear projekten op de pagina Romtlike plannen (ynsjen en reagearje).

Glêsfezel

Yn alle doarpen en wiken yn de gemeente Ljouwert wurdt glêsfezel oanlein. Yn hokker folchoarder dat bart, moat noch bepaald wurde. Jo krije hjiroer in brief. Glêsfezel wurdt oanlein troch Glaspoort en DELTA Netwerk.

DELTA Netwerk

DELTA Netwerk begjint yn septimber 2022 yn Grou mei de graafwurksumheden. Safier’t no bekend is, lizze sy glêsfezel oan yn alle doarpen súdlik fan de stêd.

Glaspoort

Glaspoort leit oanslutingen oan yn de folgjende doarpen en yndustryterreinen: Stiens, Grou, Britsum, Koarnjum, Jelsum, Baard, Bears, Easterlittens, Feinsum, Hijum, Hilaard, Húns, Idaerd, Jirnsum, Jorwert, Lekkum, Mantgum, Alde Leie, Reduzum, Wergea, Warten, Weidum, Wytgaard en Wurdum, en bedriuweterreinen De Hemrik, Biensma, Oedsmawei, Middelsee, Ljouwert West, Businesspark Ljouwert, yndustryterrein Noarderfjild, bedriuweterrein Wergea en yndustryterrein String.

Moat ik ferplicht gebrûk meitsje fan de glêsfezeloansluting?

Nee, jo binne net ferplicht in abonnemint ôf te sluten. Wolle jo wol in abonnemint ôfslute? Dit kin fuortdaliks of letter.

Fragen oer dizze glêsfezeloanslutingen?

Mear ynformaasje fine jo op de websites fan Glaspoort en DELTA Netwerk.

Elektrisiteitsnetwurk

It elektrisiteitsnet

It is drok op it elektrisiteitsnet. Dat komt troch in tanommen fraach nei elektrisiteit. Faak út bedriuwen wei mar ek troch bygelyks gebietsûntwikkelingen lykas nije wenwiken/wenningbou. En der is ek mear oanbod fan duorsume enerzjy. Op hieltyd mear dakken lizze sinnepanielen dy’t elektrisiteit weromleverje oan it elektrisiteitsnet.

Oersichtskaart kapasiteit stroomnet

De netbehearders TenneT en Liander wurkje dêrom oan it fersterkjen fan it elektrisiteitsnet sadat der mear kapasiteit komt. Hjirtroch komme der minder ‘piken’ yn it elektrisiteitsnet en rekket it net oerbelêste. Sjoch foar mear ynformaasje en in oersichtskaart op de webside fan Liander. Yn hiel Ljouwert wurde dêr ekstra elektrisiteitskasten pleatst en ekstra kabels lein. Ek is der in nij heechspanningsstasjon pland. As se by jo yn de wyk hjirmei oan de slach gean, krije jo in brief.

Wurksumheden middenspanningsnet (NuLelie-projekten)

Liander fersterket it middenspanningsnet. Dat dogge se troch it oanlizzen fan ekstra elektrisiteitskabels yn de wenwiken en it pleatsen fan nije elektrisiteitskasten.
Safier’t no bekend is, geane se fan maart 2023 ôf o/m foarjier 2025 yn de folgjende gebieten oan de slach: Westeinde, Slauerhoffwei, WTC-gebiet, businesspark Westeinde. Nylân, de Swette, Marshallwei, Snitsertrekwei, Julianaleane, Lorentzkade, Súdlannen, Middelsee en Goutum.

Nij heechspanningsstasjon TenneT

TenneT en Liander bouwe in nij heechspanningsstasjon. Dat is nedich om de fraach en it oanbod fan elektrisiteit oan te kinnen op it netwurk fan Ljouwert. It soarget foar in gruttere kapasiteit. Dit heechspanningsstasjon komt op in plak dêr’t de nije boppegrûnse kabels oanslute op it besteande elektrisiteitsnet by Ljouwert. Der wurdt in ûndergrûnse kabelferbining oanlein dy’t oanslút op it besteande (middenspannings)net fan Liander.

 

In heechspanningsstasjon is in knooppunt fan elektrisiteit. Elektrisiteit wurdt hjir omset fan heechspanning (110 kV netwurk TenneT) nei middenspanning (20 kV netwurk Liander) en oarsom. De kabels fan Liander bringe de elektrisisteit fierder (mei in legere spanning) de wiken yn, oant úteinlik nei it stopkontakt yn de wenning.

Wat fernim ik fan de wurksumheden?

Wannear TenneT of Liander by jo yn de wyk oan de slach giet, krije jo hjiroer in brief. Hjiryn stiet oanjûn wat jo fan de wurksumheden fernimme sille. Dat kin per wyk/strjitte ferskille.

Fragen oer dizze wurksumheden oan it elektrisiteitsnet?

Mear ynformaasje oer it nije ûnderstasjon fine jo op de website fan TenneT. Ynformaasje oer de NuLelie-projekten yn jo buert fine jo op de website fan Liander.

Fragen?

Stjoer in e-mail nei wijwerkenaan@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Planning omjouwingsplanproseduere ûnderstasjon Ljouwert Boksumerdyk

  • Opstellen omjouwingsplan:
    Om de nije plannen bouwe te kinnen, moat de gemeente it omjouwingsplan oanpasse. Yn in omjouwingsplan beskriuwt de gemeente wêr’t de grûn en bouwurken foar brûkt wurde meie en hokker ûntwikkelingen der yn de takomst komme meie.
  • Foarûntwerp omjouwingsplan yn te sjen & ynformaasjegearkomste:
    It plan wurdt publisearre op de website Overheid.nl. En yn de Hûs-oan-Hûs-krante. Jo kinne it plan (online of op it Gemeentehûs) besjen en jo miening jaan op de plannen (ynspraakreaksje, binnen 6 wiken).
  • Ferwurkjen reaksjes:
    Wat bart der mei jo reaksje? De gemeente sammelet alle mieningen en reaksjes yn in dokumint. Dat hjit in reaksjenota. De gemeente jout oan mei hokker reaksjes wat dien wurde kin. Dy punten wurde ferwurke yn it ûntwerp-omjouwingsplan.
  • Untwerp omjouwingsplan ter fyzje:
    It plan wurdt publisearre op de website Overheid.nl. En yn de Hûs-oan-Hûs-krante. Jo kinne it plan (online of op it Gemeentehûs) besjen en jo miening jaan op de plannen (sjenswize yntsjinje, binnen 6 wiken).
  • Ferwurkjen reaksjes:
    De gemeente sammelet alle mieningen en reaksjes yn in dokumint. Dat hjit in reaksjenota. Boargemaster en wethâlders besprekke de plannen en alle reaksjes dêrop. De reaksjes kinne liede ta in oanpassing yn it fêst te stellen omjouwingsplan. Sy stjoere it dêrnei nei de gemeenteried.
  • Fêststelling omjouwingsplan troch de gemeenteried:
    De gemeenteried bepaalt oft sy mei de plannen akkoart is.

Farwegen

Wurdumer Feart

Fanheal juny oant ein july is de farrûte troch de Wurdumer Feart net berikber. Dizze farrûte is ûnderdiel fan de rûte Wurde-De Súdlannen. De berm neist de N31 wurdt breder makke en ferlein. Foar de bermferbreding wurdt in part fan de trochgeande sloeperûte lâns de N31 tichtmakke en oan de oare kant opnij groeven. De opkearing fan it wetter wurdt mei buorden oanjûn lâns de farrûte fanôf it Van Harinxmakanaal en it Eagumerdjip/Ringsleat op ’e hichte fan Wergea.

Wêrom is de ferbreding fan de berm nedich?

Yn de wyk Unia wurde nije kavels makke foar de bou fan wenningen. Unia wurdt geskikter makke om te wenjen, troch in lûdsskerm oan te lizzen lâns de N31. De besteande berm is te smel foar in lûdsskerm. De oanlis fan in bredere berm soarget derfoar dat de besteande Wurdumer Feart ferlein wurde moat.

Riolearring

Rioelferfanging Britsum

Hjir wurdt de besteande riolearring oer in lingte fan 1000 meter ferfongen op en om de terp hinne. De wurksumheden binne yn útfiering en de planning is om dy foar de krystdagen 2024 ôfrûnje te kinnen. Nei it oanbringen fan de riolearring wurdt de iepenbiere romte op ’e nij ynrjochte.

Oanlis reinwetterriolearring Boarskulp, Lege Herewei en Hege Herewei yn Stiens

Yn Stiens is der wetteroerlêst fan in bepaalde hoemannichte delslach ôf; dêrom leit de gemeente reinwetterriolearring oan. Ek wurde der oanslutings oanlein oan wenningen/tunen ta. Jo kinne dêr sels jo reinwetterôffier op oanslute. oan de Boarskulp en Lege Herewei wurdt nei de oanlis fan de reinwetterriolearring de strjitte wer werom brocht sa’t it wie. Oan de Hege Herewei komt it asfalt net werom, mar wurdt strjitfluorring lein. Hjirby wurdt de strjitte ek ferbettere foar de ferkearsfeiligens. De planning is dat der yn de maitiid fan 2025 útein setten wurdt en dat de wurksumheden yn itselde jier klear binne.

Rioelferfanging Truerderdyk yn Stiens

Oan de Truerderdyk wurdt op it bedriuweterrein de riolearring ferfongen en útwreide. Nei oanlis fan de riolearring wurdt de strjitte opnij ynrjochte. Ek wurdt de krusing mei it Noarderfjild oanpakt en fytsfeilich makke. Dêrnei wurdt op de krusing in frijlizzend fytspaad oanlein, oan de krusing mei de Boskrâne ta. De planning is begjin 2025 útein te setten mei de wurksumheden.

Rioelferfanging en oanlis reinwetterriolearring Fûgelbuert yn Stiens

Yn Stiens is der wetteroerlêst fan in bepaalde hoemannichte delslach ôf; dêrom leit de gemeente reinwetterriolearring oan. Ek wurde der oanslutings oanlein oan wenningen/tunen ta. Jo kinne dêr sels jo reinwetterôffier op oanslute. Yn de Fûgelbuert wurdt ek de besteande riolearring ferfongen. De nutsbedriuwen sille ek wurksumheden útfiere, lykas it ferfangen fan de wetterlieding en gaslieding. Oer de planning kinne we noch neat sizze om’t we dy ôfstimme moatte op de nutsbedriuwen. De bedoeling is wol om yn de simmer fan 2025 útein te setten.

Fragen?

Stjoer in e-mail nei gemeente@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.