Omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd
De gemeente Ljouwert wurket oan ien Omjouwingsplan foar de hiele gemeente. Dat moat uterlik op 1 jannewaris 2032 klear wêze. We dogge dat stap foar stap. It Bûtengebiet Súd is it earste gebiet dêr’t in nij Omjouwingsplan foar makke wurdt.
Wat is in Omjouwingsplan
Yn it Omjouwingsplan stean alle regels foar de omjouwing dêr’t wy yn wenje en wurkje. Tink oan regels foar bouwen, it gebrûk fan grûn en gebouwen, natoer, wetter en milieu. Yn it plan stiet wat der op in plak wol en net mei. Bygelyks as jo (fer)bouwe wolle, in bedriuw útwreidzje wolle of grûn oars brûke wolle. It Omjouwingsplan jildt foar elkenien.
Wat is it Bûtengebiet Súd
It Bûtengebiet Súd fan de gemeente Ljouwert is it earste gebiet dêr’t in nij omjouwingsplan foar makke wurdt. It leit besuden Ljouwert en bestiet út greiden, pleatsen, lytse buorskippen en doarpen. De doarpen Grou, Jirnsum en Wergea hearre hjir net by.
Wat is der dien?
Yn oparbeidzjen mei bewenners, ûndernimmers en organisaasjes út it gebiet binne ôfspraken makke foar it nije Omjouwingsplan Bûtengebiet Súd. Dy stean yn it pré-omjouwingsplan (iepenet yn in nij ljepblêd). De gemeenteried hat dit plan yn juny 2021 goedkard.
Dêrnei hawwe organisaasjes en de gemeenteried reagearre. Sy joegen winsken en opmerkingen mei. Dy stean yn de Notysje Boustiennen foar it ûntwerp-omjouwingsplan (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wêr steane wy no?
Wy binne betiid begûn mei it meitsjen fan it Omjouwingsplan foar it Bûtengebiet Súd. Sûnt it pré-omjouwingsplan yn 2021 goedkard is, hawwe wy in soad ynformaasje sammele en fierder útwurke. Wy hawwe no in goed byld fan de ûnderwerpen en regels dy’t yn it Omjouwingsplan komme moatte.
Der leit no in wiidweidich plan. Dochs is it plan noch net ienfâldich genôch yn gebrûk. Wy wolle dat elkenien aanst fluch en dúdlik sjen kin hokker regels der jilde op in bepaald plak. Bygelyks fia in digitale kaart. Dêrop kinne jo in lokaasje oanklikke en fuortdaliks sjen hokker regels der jilde. Dêr wurkje wy no oan.
Hoe giet it fierder
Wy nimme de tiid om it omjouwingsplan dúdlik en oersichtlik te meitsjen. As it plan dúdlik genôch is, kinne minsken it besjen en derop reagearje. Wy organisearje dan ek ynformaasjegearkomsten. Wy litte fia dizze website witte wannear’t it safier is.
Oant dy tiid jilde hjoeddeistige regels (iepenet yn in nij ljepblêd). Oanfragen en plannen wurde behannele neffens de regels dy’t no jilde.
Omjouwingseffektrapport (OER)
Wy hawwe ek ûndersocht wat it nije plan betsjut foar de omjouwing. Bygelyks foar it miljeu (sa as geur, stikstof, lucht en natuer), sûnens, ekonomy en lânbou.
De útkomsten fan dit ûndersyk stean yn it Omjouwingseffektrapport (OER). Dit helpt de gemeente by it meitsjen fan karren foar it Omjouwingsplan. Yn de Notysje Rikwiidte en Detailnivo (NRD) (iepenet yn in nij ljepblêd) stiet wat wy krekt ûndersykje.
Dokuminten
Omjouwingsplan
- Pre-omjouwingsplan ‘Ljouwert-Bûtengebiet Súd’ (PDF, 3,45 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
- ‘Notysje Boustiennen Omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd’ (PDF, 427,42 KB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Riedsfoarstel (iepenet yn in nij ljepblêd)
Ferslaggen petearen pre-omjouwingsplan
- Dialoochsesje 4 febrewaris 2021 (PDF, 1,84 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Ferslach wurkateliers op 13, 18 en 20 septimber 2018 (PDF, 674,59 KB) (iepenet yn in nij ljepblêd).
OER
- Notysje Draachwiidte en Detailnivo (PDF, 18,94 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Reaksjenota op de konsept-NRD (PDF, 300,77 KMB) (iepenet yn in nij ljepblêd).
Ferslaggen sesjes mei boeren
- Presintaasje ynformaasjegearkomste 4 april 2025 (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Ferslach ynformaasjegearkomste 4 april 2025 (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Ferslach dialoochgearkomste 7 desimber 2022 (PDF, 326,70 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Handout presintaasje (PDF, 1,64 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
Mear ynformaasje
Stjoer in e-mail nei omgevingswet@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: