Fluch oan:

Wurksumheden

It doel fan it opknappen fan de Westersingel en de Pier Panderstrjitte is it werombringen fan de snelheid nei 30 kilometer yn ’e oere. De rydbaan wurdt smeller en de fytsstroken breder. Oerstekplakken by de Molestrjitte en Fonteinstrjitte wurde ferbettere. De besteande beammen wurde ferfongen om’t se net goed groeie. Nije beammen wurde plante oan beide kanten fan de strjitte. Op ’e kade bliuwt romte foar parkearen en komt der mear grien. Fia in kuierpaad op ’e kade rinne jo dan ûnder de beammen en tusken it grien lâns de stedsgrêft.

Ferfangen en fersterkjen dielen kademuorre

Neist it opnknappen wurdt ek in diel fan de kademuorre ferfongen en in oar diel fan de kademuorre sterker makke. Dit is noadich omdat op dizze dielen de peallen ûnder de kademuorre beskeadige binne. Hjirtroch binne se net mear sterk genôch om de kademuorre te ûndersteunen.

Definityf ûntwerp

Yn maart 2023 begûn de projektgroep fan de gemeente mei 15 fertsjintwurdigers fan beide strjitten (in klankboerdgroep) mei it meitsjen fan in ûntwerp foar beide strjitte. Nei trije byienkomsten mei de klankboerdgroep en ferskillende ûndersiken, is der in foarriedich ûntwerp makke.

Dit foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting Westersingel en Pier Panderstrjitte waard op 12 juny 2024 oan de buert presintearre yn wykgebou De Remise. Mei de opmerkingen fan de buertbewenners hat de gemeente it definitive ûntwerp makke.

Planning wurksumheden

De werynrjochting fan de Westersingel en de Pier Panderstrjitte duorret oant ein dit jier. De wurksumheden fiere wy yn fazen út:

Wurk oan de kademuorre

  • Tusken Molestrjitte en Fonteinstrjitte:
    • De kademuorre is klear. Begjin july komme de earste wenskippen werom.
  • Tusken Fonteinstrjitte en Tesselschadestrjitte:
    • Ein july is dit diel klear. Dêrnei komme ek hjir de wenskippen werom.

Faze 1: Pier Panderstrjitte

  • Dizze faze is hast klear. Fan moandei 7 july ôf is de strjitte wer iepen foar ferkear. De asfalttoplaach wurdt noch net fuortendaliks oanbrocht. Dat bart letter yn septimber.

Faze 2: Molestrjitte oant en mei de mikrorotonde by de Fonteinstrjitte

  • Dizze faze begjint op 7 july. Dit diel fan de Westersingel is ôfsletten. Ferkear moat omride fia de omliedingsrûtes. De wurksumheden duorje oant en mei 3 oktober.

Faze 3: Fonteinstrjitte oant Tesselschadestrjitte

  • Perioade: begjin oktober oant en mei desimber.

Faze 4: Westersingel 2-4 (fytsstrjitte by Mient de Vries)

  • De oanlis fan de fytsstrjitte begjint op moandei 18 augustus. It wurk duorret oant freed 3 oktober. Yn dizze perioade is dit diel fan de Westersingel ticht. De parkeargaraazje Westerparkstaete bliuwt meastal iepen.

Mear details oer dizze fazen folgje yn de rin fan it jier.

Ynformaasjegearkomst

Op 16 april hawwe wy in ynformaasjebyienkomst organisearre yn de Remise. Jo koene dêr fragen stelle oer de útfiering en de definitive planning.

Dykôfsluting

Under de wurksumheden binne de Pier Panderstrjitte en de Westersingel folslein stremd. Der bliuwt in rinrûte beskikber fan de Molestrjitte nei de Froupoartsbrêge. De omliedingen wurde mei buorden oanjûn.

Bussen

Under de wurksumheden kinne de bussen net lâns de Westersingel en de Pier Panderstrjitte. De measte bussen ride dan wer tydlik lâns it Ruterskertier yn de binnenstêd.

Nijsbrief

Begjin april is der in nijsbrief ferstjoerd nei de omwenners.

Maatregels flearmûzen

By de wurksumheden wurde maatregels nommen om de fleanrûte fan flearmûzen te beskermjen.

  • Tydlike maatregels: Ferfangende fleanrûtes mei beammen, flearmûspanielen en skermen.
  • Permaninte maatregels: Oanplant fan ipen foar in bliuwende fleanrûte.
  • Ekologyske begelieding: Logboek mei befiningen fan fjildbesites.