Fluch oan:

Eveneminten Griene Stjer

De gemeente wol eveneminten stimulearjen en fasilitearjen bliuwe yn De Griene Stjer. De reden hjirfoar is ûnder oare dat eveneminten leechdrompelich binne en tagonklik foar in breed publyk. Ek komme troch de eveneminten in soad minsken yn oanrekking mei kultuer. Eveneminten jouwe ek in ympuls oan de Ljouwerter ekonomy.

De Griene Stjer en de binnenstêd hawwe de grutste oanlûkingskrêft foar eveneminten. Beide lokaasjes binne en bliuwe om dy reden wichtige evenemintelokaasjes. Sjoch ek de pagina: Lokaasjeprofyl eveneminten.

Oanpassing bestimmingsplan

Om de festivals mooglik te meitsjen yn De Griene Stjer hat de gemeente oant no ta wurke mei omjouwingsfergunningen. Dêrmei kin ôfwykt wurde fan it besteande bestimmingsplan. De opdracht oan de gemeente – mei troch útspraken fan de rjochter – is om it hâlden fan eveneminten te regeljen fia it bestimmingsplan sels. Yn dit gefal in parsjele oanpassing (parsjele feroaring), om’t it bestimmingsplan De Griene Stjer foar in grut part goed wurket. Dêrneist om’t eveneminten net yn it hiele gebiet fan De Griene Stjer hâlden wurde. Dy oanpassing fan it plan giet fia in bestimmingsplanproseduere. In bestimmingsplanproseduere is in lange proseduere. Ek is it wat dat wy soarchfâldich trochrinne wolle om omwenjenden, eveneminte-organisaasjes en oare belanghawwers in stim te jaan. Yn 2018 is mei dit proses úteinset, is in plan fan oanpak opsteld en wiene der ferskate petearen mei belanghawwers.

Weromblik

It foarûntwerpbestimmingsplan hat fan 26 july 2018 oant en mei 19 septimber 2018 op besjen lein. Dat betsjut dat elkenien dit plan besjen koe. Op it foarûntwerp binne meardere reaksjes binnenkommen. Dy ynspraakreaksjes (sjenswizen) binne meinommen by it opstellen fan it ûntwerp-bestimmingsplan.

De Rjochtbank Noard-Nederlân hat by trije útspraken oer eveneminten yn De Griene Stjer yn 2018 oardiele dat der in Passende Beoardieling op grûn fan de Wet Natuerbeskerming komme moat oer de ympakt fan de (muzyk)eveneminten op de marflearmûs. Yn in Passende Beoardieling wurde de mooglike effekten fierder ûndersocht en kinne maatregels beskreaun wurde dy’t derfoar soargje dat negative effekten útbliuwe. By it bepalen oft in Passende Beoardieling nedich is, meie de maatregels lykwols net meinommen wurde. It útfieren fan in Passende Beoardieling liedt ta it ferplicht opstellen fan in miljeu-effektrapport (MER). It MER bringt alle ferwachte miljeu-effekten yn byld dy’t fan belang binne foar de beslútfoarming. De Passende Beoardieling sil ûnderdiel útmeitsje fan it MER. Mei it MER/de Passende Beoardieling kin de gemeenteried fan Ljouwert de miljeugefolgen meiweagje by de beslútfoarming oer it bestimmingsplan.

Wêr steane wy no?

De parsjele feroaring bestimmingsplan De Griene Stjer lei fan 30 maart o/m 11 maaie 2023 op besjen. Mei oare wurden: it ûntwerpbestimmingsplan De Griene Stjer is klear.

Fan no ôf kin elkenien it plan besjen op it gemeentehûs of digitaal fia overheid.nl. Foar elkenien wie it oant en mei 11 maaie 2023 ek mooglik om hjirop te reagearjen. Amtlik hjit dat ‘in sjenswize yntsjinje’.

Dêrnei wurdt sjoen oft nei oanlieding fan de reaksjes it ûntwerpplan noch oanpast wurdt. Nei alle gedachten wurdt dan nei de simmer it fernijde bestimmingsplan fia it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oan de gemeenteried foarlein.

De earste stap yn de proseduere wie it ôfbeakenjen fan de ûndersykskaders foar it miljeu-effektrapport. Dat barde yn de Notysje Draachwiidte en Detailnivo. Yn dizze notysje is ûnder mear beskreaun wat de gemeente Ljouwert mooglik meitsje wol yn De Griene Stjer, hokker miljeu-effekten ûndersocht wurde en mei hokker djipgong. De notysje lei fan 6 febrewaris 2020 oant en mei 18 maart 2020 op besjen.

De ûnôfhinklike Kommisje foar de Miljeu-effektrapportaazje is frege om advys te jaan oer de Notysje Draachwiidte en Detailnivo. En letter ek oer it miljeu-effektrapport mei Passende Beoardieling. Op 27 febrewaris 2020 wie der in ynformaasjegearkomste. Op dy jûn waard yngien op it proses oant no ta, op de Notysje Draachwiidte en Detailnivo en it ferfolch om te kommen ta in bestimmingsplan dat eveneminten mooglik makket.

Mei de dêr neamde opmerkingen, ynspraakreaksjes en ek ferskillende ûndersyksútkomsten is it bestimmingsplan fierder útwurke. Dêrby is ek rekken hâlden mei útspraken fan de rjochtbank dy’t der de ôfrûne jierren west hawwe.

Nijsbrieven, ferslaggen, presintaasjes ensfh.

Nijsbrief omwenjenden De Griene Stjer

Wolle jo op de hichte bliuwe oer de ûntwikkelingen yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer? Skriuw jo dan yn fia it Oanmeldformulier foar de nijsbrief.

Presintaasjes ynformaasjegearkomsten

Omwenjenden en oare ynteressearre minsken dy’t nei oanlieding fan de ynformaasjegearkomste op 30 novimber 2022 noch fragen hienen, koenen dy stelle oan de fakspesjalisten op de ynfojûn op tongersdeitejûn 8 desimber 2022.

Klankboerdgroep gemeenteried

Plan fan oanpak 2018

Ferslaggen belanghawwers 2018