Fluch oan:

Wêr steane wy no?

Ein 2025 lizze wy it omjouwingsplan en it Omjouwingseffektrapport (OER) foar oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dêrnei krijt elk 6 wiken de tiid om it omjouwingsplan te besjen en te reagearjen. Wy organisearje yn dy perioade ek ynformaasjegearkomsten. Dêr kinne jo al jo fragen stelle.

Wy litte op tiid witte wannear’t dizze perioade begjint. Dit dogge wy fia de offisjele berjochten op Overheid.nl en yn ’e Hûs oan Hûs-krante fan Ljouwert.

Wat is der dien?

Der is al wol in foarriedich omjouwingsplan foar Ljouwert-Bûtengebiet Súd. Dit hyt in pre-omjouwingsplan. Dit is makke tegearre mei bewenners, ûndernimmers en organisaasjes út it gebiet. De gemeenteried hat it pre-omjouwingsplan op 15 juny 2021 fêststeld.

Dêrneist hawwe organisaasjes en de gemeenteried ekstra oandachtspunten, winsken en opmerkings oanjûn. Dy steane yn it dokumint Notysje Boustiennen foar it Untwerp-Omjouwingsplan.

 

 

Omjouwingseffektrapport (OER)

Neist it meitsjen fan in nij omjouwingsplan ûndersykje wy ek wat it nije plan betsjut foar de omjouwing. Bygelyks foar it miljeu (sa as rook, stikstof, lucht en natuer), foar de sûnens fan minsken, de ekonomy en de lânbou. Dit fetsje wy gear yn it OER. It OER helpt ús goede karren te meitsjen foar regels yn it nije omjouwingsplan. As part fan dit ûndersyk hawwe wy yn 2022 en 2025 ek praten mei boeren út it gebiet.

It opstellen fan it OER begûn mei de Notysje Draachwiidte en Detailnivo (NRD). Dêryn stiet wat wol en net yn it OER ûndersocht wurdt en hoe dat bart.

 

Mear ynformaasje

Stjoer in e-mail nei omgevingswet@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.