Help by it húshâlden
Kinne jo jo hûs net mear (hielendal) sels skjinhâlde? Mooglik is help by it húshâlden in oplossing foar jo.
Hawwe jo help by it húshâlden nedich
Jo kinne (betelle) help by it húshâlden sykje yn jo eigen omjouwing. Ek kinne jo gebrûk meitsje fan in waskservice foar jo wask, in mielservice foar jo iten, of in besoarchservice fan de supermerk foar jo boadskippen.
Hawwe jo in yndikaasje Wlz-soarch?
Hawwe jo in yndikaasje út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei? Freegje help by it húshâlden oan by it Zorgkantoor Friesland (iepenet yn in nij ljepblêd). Help by it húshâlden is in foarm fan ‘langduorjende soarch’.
Is dat gjin oplossing foar jo?
Dan kinne jo mooglik help by it húshâlden krije út de Wmo wei. Nim dêrfoar kontakt op mei MIEP Huishoudservice en Thuiszorg Het Friese Land. Sy organisearje mei-inoar de help by it húshâlden foar de gemeente Ljouwert. Jo kinne help by it húshâlden oanfreegje fia de website fan HbH Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd) of belje nei 058-2337777. MIEP Huishoudservice en Thuiszorg Het Friese Land sjogge mei jo hokker ûndersteuning jo nedich hawwe. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.
Wolle jo sels help by it húshâlden ynkeapje mei in Persoansbûn budzjet (PGB)
Jou jo melding digitaal troch (iepenet yn in nij ljepblêd) (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Mear ynformaasje oer PGB fine jo op pagina Persoansbûn budzjet (PGB) Wmo.
Hoe giet it fierder?
- In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei jo melding. As der in soad meldingen binne, kin it langer duorje. Wy sille jo dit witte litte.
- Der folget in telefoanysk petear of in húsbesite om jo situaasje te besprekken. Mei-inoar wurdt nei in passende oplossing socht.
- Jo meie immen freegje om by it gesprek oanwêzich te wêzen. Dy persoan neame wy in kliïntûndersteuner.
- Jo hearre binnen 2 wiken nei it petear oft jo Wmo-help krije.
Understeuning fanút de Wmo kostet jild
De gemeente betellet in grut part fan de kosten. In part fan dy kosten betelje jo sels. Dat neame wy eigen bydrage yn de kosten..
Hawwe jo al help by húshâlden út de Wmo wei
Foar fragen, it trochjaan fan in wiziging of it ferlingen fan jo help by it húshâlden kinne jo terjochte by de organisaasje fan jo eigen help.
Jo kinne kontakt opnimme mei MIEP Huishoudservice:
- Telefoanysk fia: 0111 410 009
- Maile nei: info@miep.nu
Jo kinne kontakt opnimme mei Thuiszorg Het Friese Land:
- Telefoanysk fia: 058 233 7777
- Maile nei: ToegangHbH@thfl.nl
Hawwe jo sels help by it húshâlden ynkocht mei in PGB?
Dan kinne jo terjochte by de gemeente:
- Foar fragen oer it PGB kinne jo de gemeente belje op 14 058.
- Foar it trochjaan fan wizigingen fan jo PGB folje jo in wizigingsformulier yn.
- Foar it ferlingen fan jo help fia in PGB jouwe jo in melding troch oan de gemeente.
Hoe jou ik in melding troch oan de gemeente Ljouwert?
Jou jo melding digitaal troch (iepenet yn in nij ljepblêd) (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Oare mooglike oplossingen
Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:
Hawwe jo oare fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: