Fluch oan:

Wat is deibesteging?

Deibesteging is in oanbod fan aktiviteiten mei begelieding wêrtroch’t jo:

  • Feardichheden behâlde. Om te foarkommen dat jo efterút geane en jo josels net mear rêde kinne.
  • Feardichheden ferbetterje of oanleare kinne. Sadat jo jo úteinlik wer sels rêde kinne, (frijwilligers)wurk dwaan kinne, ûnderwiis folgje kinne of dielnimme kinne oan (sport)aktiviteiten by jo yn ’e buert.

Hawwe jo deibesteging nedich?

Jo kinne help freegje yn jo eigen omjouwing.

Hawwe jo in reden wêrom’t jo net wurkje kinne (arbeidsbeheining)?

  • Kinne jo troch in sykte of handicap allinnich mei help of begelieding wurkje? Of kinne jo troch sykte of handicap hielendal net wurkje?
  • Kinne jo troch jo sykte of handicap net it minimumlean fertsjinje?
  • Kinne jo allinnich mei begelieding en oanpassenings op in wurkplak wurkje?
  • Hawwe jo op jonge leeftiid in sykte of handicap krigen en kinne jo dêrtroch no en yn de takomst net mear wurkje?

Dan komme jo mooglik yn oanmerking foar in yndikaasje fan it UWV. Sy kinne jo de folgjende yndikaasjes jaan:

  • Yndikaasje bane-ôfspraak
  • Advys yndikaasje beskut wurk
  • Takenning Wajong-útkearing

Mear ynformaasje en útlis fine jo op de website fan it UWV.

Hawwe jo in Wajong-, WIA-, WAO-, of WW-útkearing fia it UWV?

Ynformearje by it UWV nei de mooglikheden foar ûndersteuning en wurk.

Hawwe jo in bystânsútkearing fia de gemeente?

Ynformearje by jo kontaktpersoan fan de gemeente Ljouwert nei de mooglikheden foar ûndersteuning by it sykjen nei wurk of in oplieding.

Hawwe jo in yndikaasje Wlz-soarch?

Hawwe jo in yndikaasje út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei? Freegje dan de deibesteging oan by it Zorgkantoor Friesland. Deibesteging is in foarm fan ‘langduorjende soarch’.

Fragen of help nedich?

Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.

Oare mooglike oplossingen

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.