Fluch oan:

Hawwe jo persoanlike fersoarging nedich?

Jo kinne help freegje yn jo eigen omjouwing.

Hawwe jo in yndikaasje út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei?

Hawwe jo in yndikaasje út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei? Freegje persoanlike fersoarging oan by Zorgkantoor Friesland. Persoanlike fersoarging is in foarm fan ‘langduorjende soarch’.

Hawwe jo de hiele dei (24 oeren) soarch tichtby of tafersjoch nedich?

Hawwe jo fanwegen in sykte of oandwaning de hiele dei (24 oeren) soarch of tafersjoch nedich? Dan kinne jo mooglik yn oanmerking komme foar persoanlike fersoarging út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei. Freegje Wlz-soarch oan by it CIZ (Centrum Indicatiestelling Zorg).

Hawwe jo in ferstanlike, sintúchlike of psychiatryske beheining?

Hawwe jo begelieding nedich by jo deistige soarch fanwegen in ferstanlike, sintúchlike of psychiatryske beheining? Dan kinne jo mooglik persoanlike fersoarging krije út de Wmo wei. Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.

Hawwe jo in lichaamlike beheining, lichaamlike sykte of psychogeriatryske oandwaning?

Hawwe jo ferpleging of fersoarging (genêskundige soarch) nedich fanwegen in lichaamlike beheining, lichaamlike sykte of psychogeriatryske oandwaning (lykas deminsje)? Of hawwe jo in heech risiko op it nedich hawwen fan genêskundige soarch? Freegje persoanlike fersoarging oan by in wykferpleechkundige fan in organisaasje foar thússoarch.

Ferpleging of fersoarging troch in wykferpleechkundige

In wykferpleechkundige fiert hannelingen út dy’t by jo thús dien wurde kinne. Bygelyks:

  • wûnefersoarging
  • it klearsetten fan medisinen en it tatsjinjen dêrfan
  • stomasoarch
  • kateterisearje
  • fersoarging fan de hûd
  • help by it oanklaaien en útklaaien
  • help by it waskjen en dûsen

De wykferpleechkundige besjocht tegearre mei jo hokker soarch foar jo nedich is. Hjirfoar is gjin ferwizing nedich fan in húsdokter of medysk spesjalist.

 

Kinne jo sels gjin wykferpleechkundige fine? Freegje jo soarchfersekerder. Dy kin jo trochferwize nei in wykferpleechkundige (organisaasje foar thússoarch) by jo yn de buert.

Oare mooglike oplossingen

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.