Fluch oan:

Immen út jo eigen omjouwing

Jo kinne altyd immen freegje dy’t jo fertrouwe. Bygelyks in famyljelid, freon, freondin of goede buorman/buorfrou. Dy persoan mei mei jo mei nei in petear mei in sosjaal wurker of konsulint Wmo of Jeugdhelp fan de gemeente. Dy persoan jo ek helpe by it yntsjinjen fan in klacht of beswier.

In frijwilliger

Jo kinne help krije fan in frijwilliger fan it Buertservicepunt. De frijwilliger helpt en advisearret by fragen oer wenjen, wurk en ûndersteuning foar jo of jo bern. Ek helpt de frijwilliger jo yn it kontakt mei organisaasjes of de gemeente. Wolle jo help fan in frijwilliger? Nim kontakt om mei in Buert- of doarpskeamer by jo yn de buert.

In sosjaal wurker

Jo kinne help krije fan in sosjaal wurker fan it wykteam of doarpeteam by jo yn ’e buert. De sosjaal wurker sjocht tegearre mei jo wat jo oft jo bern nedich hawwe en hokker ûndersteuning dêrby past. De sosjaal wurker kin gearwurkje mei frijwilligers en oare organisaasjes. Nim kontakt op mei in wykteam of doarpeteam fan Amaryllis.

In ûnôfhinklik kliïntûndersteuner (OCO)

Wolle jo graach help fan ien dy’t ûnôfhinklik is? Jo kinne help krije fan Jeugdstem, Cliënt & Co of MEE Noord.

In ûnôfhinklik kliïntûndersteuner kin bygelyks:

  • mei jo meitinke oer hokker help by jo of jo bern past;
  • jo tariede op in gesprek oer ûndersteuning of jeugdhelp;
  • meigean nei in gesprek;
  • helpe as jo net tefreden binne oer de help dy’t jo of jo bern krije;
  • helpe by in klacht oer in soarchoanbieder of de gemeente.

Kontaktgegevens Jeugdstem

Kontaktgegevens Cliënt&Co

Kontaktgegevens MEE Noord

Klacht yntsjinje of beswier meitsje

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Melding wen-, wurk- en leefomjouwing (kopke ‘Klacht yntsjinje’) of op de pagina Beswierskrift yntsjinje.

Mear ynformaasje

  • Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo.
  • Mear ynformaasje oer Jeugdhelp fine jo op de pagina Jeugdhelp.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.