Fluch oan:

Wat is in eigen bydrage?

Help en ûndersteuning kostet jild. De gemeente betellet in grut part fan dy kosten. In part fan dy kosten betelje jo sels. Dat neame wy in ‘eigen bydrage’ yn de kosten.

Hoe heech is de eigen bydrage?

De eigen bydrage is foar de measte Wmo-foarsjennings € 20,60 per moanne. Dizze bydrage betelje jo oan it ‘Centraal Administratiekantoor (CAK)‘.

Reisbydrage Wmo-taksyferfier

Foar it Wmo-taksyferfier betelje jo in reisbydrage dy’t gelyk is oan it taryf fan it iepenbier busferfier. Dit is in reisbydrage per rit (ynstaptaryf) én in reisbydrage per kilometer. In rit is in inkele reis. Jo betelje de reisbydrage oan it taksybedriuw dêr’t de gemeente Ljouwert in kontrakt mei hat. Dat is no Taxi Witteveen. De reisbydragen passe wy alle jierren oan. Foar 2024 binne de reisbydragen:

  • Foar persoanen ûnder de 65 jier: € 1,08 per rit (ynstaptaryf) én € 0,187 per kilometer.
  • Foar persoanen fan 65 jier of âlder: € 0,71 per rit (ynstaptaryf) én € 0,123 per kilometer.
  • Foar meireizgjende bern ûnder de 12 jier: € 0,71 per rit (ynstaptaryf) én € 0,123 per kilometer.
  • Foar meireizgjende bern ûnder de 4 jier (mei in maksimum fan 2 per rit): Gjin reisbydrage.
  • Foar in begelieder op (medyske) yndikaasje: Gjin reisbydrage.

Jo betelje Taxi Witteveen foar ritten dy’t de gemeente net fergoedet. It taryf fan Taxi Witteveen hjirfoar is:

  • Foar in meireizgjende persoan fan 12 jier en âlder: € 2,50 per rit.
  • Foar ritten bûten it ferfiersgebiet, dit is op syn meast 25 kilometer fan jo wenadres ôf: € 1,60 per kilometer.

Eigen bydrage Beskerme Wenjen

De eigen bydrage foar Beskerme Wenjen hinget ôf fan de soarte stipe dy’t jo krije. Jo betelje de eigen bydrage oan it CAK.

  • Foar Yntramuraal Beskerme Wenjen (yn in ynstelling fan in soarchoanbieder dêr’t de gemeente in kontrakt mei hat) jildt in eigen bydrage dy’t ôfhinklik is fan jo ynkommen en fermogen. It CAK berekkenet de hichte fan jo eigen bydrage.
  • Foar Yntramuraal Beskerme Wenjen (wat jo sels ynkeapje mei in Persoansbûn Budzjet) jildt op dit stuit in eigen bydrage fan € 20,60 per moanne.
  • Foar Ambulant Beskerme Wenjen, JongThuis of ThuisBasis jildt op dit stuit in eigen bydrage fan € 20,60 per moanne.

Eigen bydrage Opfang

Foar Opfang is de eigen bydrage ôfhinklik fan jo ynkommen en fan de soarte Opfang. Dit kin bygelyks dei-opfang, nachtopfang of frouljusopfang wêze. Dizze bydrage betelje jo oan de Opfang en net oan it CAK.

Wannear betelje jo gjin eigen bydrage?

Jo betelje gjin eigen bydrage foar:

  • In rolstoel.
  • In helpmiddel foar in minderjierrige.
  • It brûken fan kliïntûndersteuning.
  • In fergoeding foar ynformele ûndersteuning yn de foarm fan Koartduorjend Ferbliuw of Deibesteging.
  • In foarsjenning wêrfan’t de kostpriis mei de eigen bydrage hielendal ôfbetelle is.

Jo betelje ek gjin eigen bydrage as jo:

  • Al foar in oare foarsjenning út de Wmo of Wlz wei in eigen bydrage betelje.
  • Troud binne of in registrearre partner hawwe én jo of jo partner jonger is as de AOW-leeftyd.

Mear ynformaasje oer de eigen bydrage?

Mear ynformaasje oer de ‘eigen bydrage’ kinne jo fine op de website fan it ‘Centraal Administratiekantoor’ (CAK). Jo kinne it CAK belje fia telefoannûmer 0800-1925.

Eigen bydrage werom krije út de soarchfersekering

Jo kinne jo eigen bydrage by guon oanfoljende soarchfersekerings (foar in part) werom krije.

Hawwe jo fia de gemeente Ljouwert de oanfoljende soarchfersekering AV Frieso Compleet ôfsluten by De Friesland Zorgverzekeraar? Dan kinne jo de eigen bydrage foar Wmo-foarsjennings werom krije.

Mear ynformaasje?

Ekstra kosten troch jo sykte of handicap?

Libje mei in groanyske sykte of handicap leveret faak ekstra kosten op. Dêrom kinne jo soarchkosten werom freegje fia jo belestingoanjefte of gebrûk meitsje fan finansjele regelingen.

Mear ynformaasje en útlis fine jo op de website fan Meerkosten.nl.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo.