Fluch oan:

Hawwe jo in wenfoarsjenning nedich?

In wenfoarsjenning keapje

In soad wenningoanpassingen of helpmiddels yn ’e hûs binne te keap yn de winkel. Dy kinne jo net fia de gemeente krije. Bygelyks: in muorrebûgel, drompelhelp, ferhege wc-bril, dûsstoel, antyslip badmatte, badplanke of in stean-op-stoel.

Ferhúzje nei in geskikte wenning

Faak is ferhúzjen nei in lykflierse wenning of in wenning dy’t spesjaal boud is foar âlderen of minsken mei in handicap in goede oplossing.

Jild liene om sels jo wenning oan te passen

Mei in fersulverliening kinne jo jo wenning oanpasse om der langer, feilich en noflik wenjen bliuwe te kinnen of te ferduorsumjen. Tink oan in oanpassing yn de badkeamer, in sliepkeamer ûnder of oanpassingen foar de tagong fan de wenning of tún. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Fersulverliening.

Understeuning út de Wet langduorjende soarch wei

Hawwe jo fanwegen in sykte of oandwaning dei en nacht soarch of tafersjoch nedich?
Dan kinne jo mooglik yn oanmerking komme foar soarch by jo thús of in ferbliuw yn in ynstelling út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei. Freegje Wlz-soarch oan by it CIZ (Centrum indikatiestelling Zorg).

In wenfoarsjenning oanfreegje út de Wet maatskiplike ûndersteuning (Wmo) wei

Binne der foar jo gjin oare oplossingen? Dan kinne jo mooglik in wenfoarsjenning krije út de Wmo wei. Bygelyks in treplift, plafondlift of tillift. Of in oanpassing fan wc, dûs of keuken. Jou hjirfoar in melding troch oan de gemeente Ljouwert.

Hoe jou ik in melding troch?

Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe giet it fierder?

In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei ûntfangst fan jo melding. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo in wenfoarsjenning krije. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage. As der in soad meldingen tagelyk binne, kin it in bytsje langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.

Oare mooglike oplossingen

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.