Fluch oan:

Rolstoel foar in koarte of lange tiid

Rolstoel foar in koarte tiid

Hawwe jo út en troch in rolstoel nedich foar bygelyks in dei fuort? Hawwe jo de rolstoel koarter as 6 moannen nedich? Bygelyks om’t jo werstelle moatte fan in stikkene skonk? Dan kinne jo dy liene by in thússoarchwinkel.

Rolstoel foar in langere tiid

Kinne jo jo fanwegen in sykte of handicap net mear sels ferpleatse yn en om jo wenning? Hawwe jo alle dagen in rolstoel nedich? Hawwe jo de rolstoel langer nedich as 6 moanne? Dan komme jo mooglik yn oanmerking foar in rolstoel.

Hawwe jo in rolstoel nedich?

Rolstoel út en troch nedich of foar in koarte tiid (koarter as 6 moannen)?

Lien in rolstoen by in thússoarchwinkel.

Wenje jo yn in soarchynstelling?

Wenje jo bygelyks yn in ferpleechhûs of in ynstelling foar handicaptesoarch? Betelje jo hjirfoar gjin wenkosten lykas hier, gas, wetter, elektrysk? Freegje in rolstoel oan by Zorgkantoor Friesland.

Rolstoel nedich foar wurk of ûnderwiis?

Hawwe jo in rolstoel nedich om jo wurk goed dwaan te kinnen of ûnderwiis folgje te kinnen? Freegje in rolstoel oan by it UWV.

Rolstoel nedich foar oare situaasjes?

Dan kinne jo mooglik in rolstoel krije út de Wmo wei. Jou hjirfoar in melding troch oan de gemeente Ljouwert.

Hoe jou ik in melding troch?

Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe giet it fierder?

In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei ûntfangst fan jo melding. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo in rolstoel krije. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.

 

As der in soad meldingen tagelyk binne, kin it in bytsje langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.

Oare mooglike oplossingen

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.