Wêr en wannear
- De oanjefte bart yn Ljouwert as de persoan hjir stoarn is.
- Oanjefte fan ferstjerren moat binnen 6 dagen nei it ferstjerren dien wurde. Meastal docht de begraffenisûndernimmer dit.
- Nei it opmeitsjen fan de dea-akte wurdt it ferstjerren registrearre yn de Basisregistraasje Persoanen fan de wengemeente.
Begraffenis of kremaasje
De begraffenis of kremaasje is meastentiids binnen 6 dagen nei it ferstjerren. Om immen begrave of kremearje te kinnen, hawwe jo in ‘ferlof ta begraven of kremearjen’ nedich. De gemeente dêr’t immen stoarn is, jout dy ôf.
Ferstjerren yn it bûtenlân
Is in ynwenner fan Ljouwert yn it bûtenlân stoarn? Dan moatte jo dit trochjaan oan de gemeente. Jo moatte in dea-akte ynleverje. De dea-akte moat legalisearre wêze. Is de akte opsteld yn in oare taal as it Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk of Frânsk? Dan moatte jo de akte oersette litte troch in beëdige oersetter.
Bysûndere registraasje fan ferstjerren
Yn it gefal fan in libbenleas berne berntsje kin in akte fan ferstjerren opmakke wurde.