Fluch oan:

In útfeart regelje. Wat binne de wichtichste regels?

  • In begraffenis of kremaasje mei net earder as 36 oeren en net letter as 6 wurkdagen nei it ferstjerren plak hawwe.
  • De útfeartûndernimmer, of immen oars, moat oanjefte dwaan fan it ferstjerren. Dit moat by de gemeente dêr’t de persoan stoarn is.
  • De gemeente fan ferstjerring jout dan tastimming om de ferstoarne te begraven of kremearjen. Dit hjit ferlof.

Jo hawwe in registraasjenûmer nedich dat heart by de ferstoarne. De útfeartûndernimmer of immen oars moat dit nûmer en it ferlof ynlevery by de begraffenis of kremaasje.

Binne jo útfeartûndernimmer?

Jo reservearje de útfeart. Log yn fia de webaginda. De aginda is 24 oeren deis, 7 dagen yn ’e wike beskikber.

Hawwe jo noch gjin ynloggegevens? Stjoer in e-mail nei begraafplaatsen@leeuwarden.nl.

Binne jo útfeartûndernimmer bûten de regio, of wolle jo it sels regelje?

Download dan ien fan de folgende formulieren en stjoer dy dan nei begraafplaatsen@leeuwarden.nl. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei jo op.

In kremaasje regelje

De gemeente Ljouwert hat gjin gemeentlik krematoarium. Der is yn ’e gemeente wol in partikulier krematoarium. Foar mear ynformaasje oer dit ûnderwerp of it regeljen fan in kremaasje, nimme jo kontakt op mei in krematoarium of in útfeartûndernimming.

Begrave, bysette en jiske ferstruie

Begrave of jiskebus bysette

Der binne 7 gemeentlike begraafplakken dêr’t minsken begroeven wurde kinne of dêr’t jo in jiskebus bysette kinne:

  • It Noarderbegraafplak en it Huzumerbegraafplak in Ljouwert
  • de begraafplakken yn Grou, Jirnsum, Reduzum, Warten en Wergea

Urnemuorre

It Noarderbegraafplak en de begraafplakken yn Grou, Warten en Reduzum hawwe in urnemuorre. Hjir kinne jo in jiskebus yn sette.

Jiske ferstruie

Dit mei op it struifjild fan it It Noarderbegraafplak.

Wolle jo in jiskebus bysette of jiske ferstruie?

Dan hawwe jo, neist in formulier mei de oanjefte fan ferstjerren, ek in kremaasjeferklearring nedich. Dizze ferklearring krije jo yn it krematoarium, lyk mei de jiskebus.

Mear witte?

  • Mear ynformaasje is te finen op de folgjende pagina’s op dizze webside:
    • Grêfbedekking
      De gemeente Ljouwert ûnderhâldt de algemiene begraafplakken. As rjochthawwer betelje jo dêroan mei. Der jilde betingsten en regels foar grêfbedekking en grêfûnderhâld.
    • Grêfrjocht
      Grêfrjocht útjefte, ferlingje, oerskriuwe, ôfstân dwaan. Sykje nei rjochthawwers en belanghawwers
    • Begraafplakken
      Adres en iepeningstiden gemeentlike begraafplakken. Grêf sykje.

Kosten

Nûmer Begraven / jiskebesoarging Kosten
2.1 Op moandei oant en mei freed tusken 10:00 en 16:00 oere
2.1.1 Folwoeksene € 1.088,21
2.1.1.1 Folwoeksene 2de laach € 1.632,31
2.1.2 Bern fan 1 oant 12 jier € 544,10
2.1.2.1 Bern fan 1 oant 12 jier 2de laach € 816,15
2.1.3 Bern oant 1 jier en deaberne berntsje € 272,05
2.1.3.1 Bern oant 1 jier en deaberne berntsje 2de laach € 408,07
2.1.4 Foetus (fan minder as 24 wiken) € 136,02
2.1.4.1 Foetus (fan minder as 24 wiken) 2de laach € 204,03
2.2 Op moandei oant en mei freed tusken 10:00 en 15:00 oere
2.2.1 Jiskebusbysetting yn in grêf € 544,10
2.2.2 Jiskebusbysetting yn in urnenis € 272,05
2.2.3 JJiskebusbysetting op in grêf € 136,02
2.2.4 Ferstruien fan jiske € 136,02
2.3 Op moandei oant en mei freed, tusken 08:00 oere en 10:00 oere en tusken 16:00 en 18:00 oere en op sneon tusken 10:00 en
12:00 oere bedraacht it taryf 150% fan it taryf sa as neamd ûnder 2.1
2.4 Op snein en feestdagen, op moandei oant en mei freed bûten 08:00 en 18:00 of op sneon bûten 10:00 en
12:00 oere bedraacht it taryf 225% fan it taryf sa as neamd ûnder 2.1
2.5 Foar elke lyktidige begraving/bysetting yn itselde grêf bedraacht it taryf 50% fan it taryf ûnder 2.1, 2.2
of 2.3
2.6 Begraven yn de tredde laach (ienmalige ekstra kosten per grêf) € 1.088,21

 

Nûmer Ferskaat Kosten
5.1 Ferrjochtsjen fan wurksumheden op it begraafplak per meiwurker
5.1.1 Op moandei oant en mei freed tusken 08:00 en 16:30 oere per oere  € 83,49
5.1.2 Bûten de tiden fan 08:00 oant 16:30 oere fan moandei oant en mei freed per oere € 125,25
5.2.1 Tinkplaatsje op pylder struifjild Noarderbegraafplak (foar 20 jier) € 318,33
5.2.2 Nammebuordsje op grêf (foar maksimaal de termyn fan it grêfrjocht) € 52,94
5.2.3 Natoerstiennen ôfdekplaat op nis yn urnemuorre (foar maksimaal de termyn fan it grêfrjocht) € 318,33
5.3 Fergunning grêfkelder € 1.900,79
5.4.1 Oerskriuwen fan partikuliere grêven yn in dêrfoar ornearre register per grêf € 33,05
5.4.2 Ferstrekken fan in duplikaatbewiis fan it rjocht ta begraven per grêf € 33,05
5.5 Gebrûk mobile lûdsynstallaasje per kear € 42,11
5.6 Ta de beskikking stellen amer sân by begraffenis € 12,50

 

Nûmer Aula’s Noarder- en Huzumerbegraafplak Kosten
6.1 Gebrûk aula
6.1.1 earste heal oere € 168,58
6.1.2 twadde en elk folgjend heal oere, per heal oere € 84,24
6.2 CD-opname fan de útfearttsjinst € 42,11

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering gemeentlike begraafplakken.
  • Utfieringsbeslút gemeentlike begraafplakken.
  • Feroardering Begraafrjochten.