(Taksy)ferfier
Kinne jo sels net mear fytse, autoride of mei in scooter of brommer ride? Kinne jo ek net (mei begelieding) mei it iepenbier ferfier? Mooglik is taksyferfier in oplossing foar jo.
Taksyferfier binnen 25 km fan jo wenadres (binnen jo regio)
Hawwe jo ferfier nedich binnen 25 km fan jo wenadres? Dan binne der meardere mooglikheden.
Ferfier fan en nei it sikehûs, jo soarchferliener of in soarchynstelling
Freegje medysk ferfier oan by jo soarchfersekerder.
Ferfier fan en nei de deibesteging of deibehanneling
Freegje ferfier oan by jo soarchoanbieder.
Ferfier fan en nei it wurk of nei skoalle
Freegje ferfier oan by it UWV (iepenet yn in nij ljepblêd).
Ferfier fan en nei it (spesjaal) basisûnderwiis of fuortset ûnderwiis
Freegje ferfier oan by de ôfdieling Learlingeferfier fan de gemeente.
Ferfier foar oare situaasjes
Lykas besite oan famylje of freonen, nei in (sport)aktiviteit of klup, nei it teäter of de film, om te winkeljen of boadskippen te dwaan. Jo kinne mooglik (taksy)ferfier krije út de Wmo wei (Wmo-ferfier).
- Lykas foar iepenbier ferfier, betelje jo foar Wmo-ferfier in reisbydrage per rit (ynstaptaryf) en per kilometer.
- Jou digitaal in melding (iepenet yn in nij ljepblêd) troch oan de gemeente Ljouwert as jo Wmo-ferfier nedich hawwe (jo hawwe DigiD nedich).
- Kinne of wolle jo net digitaal in melding trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Hoe giet it fierder
- In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei jo melding.
- Der folget in telefoanysk petear of in húsbesite om jo situaasje te besprekken.
- Mei-inoar wurdt nei in passende oplossing socht.
- Jo hearre binnen 2 wiken nei it petear oft jo Wmo-ferfier krije.
- As der in soad meldingen binne, kit it wat langer duorje. Wy sille jo dit witte litte.
Taksyferfier fierder as 25 km fan jo wenadres (bûten jo regio)
Wolle jo fierder reizgje as 25 km fan jo wenadres ôf? Dan komme jo mooglik yn oanmerking foar ferfier fia Valys. Valys is ferfier foar minsken mei in beheining.
Mear ynformaasje oer Valys
Sjoch op de website fan Valys (iepenet yn in nij ljepblêd) of belje 0900-9630.
Jo hawwe minimaal ien fan de folgjende bewiisstikken nedich.
- Bewiis fan de gemeente dat jo Wmo-ferfier, in Wmo-rolstoel of Wmo-scootmobyl hawwe.
- In handicapteparkearkaart.
- In OV-begeliederskaart.
Hawwe jo gjin bewiisstikken?
Dan kinne jo in oanfraach dwaan by Argonaut (iepenet yn in nij ljepblêd). Jo betelje hjirfoar in eigen bydragen fan € 50,-. Argonaut beoardielet jo oanfraach op basis fan jo medyske gegevens.
It iepenbier ferfier (bus of trein)
Bussen en bushaltes binne meast tagonklik foar rollators en rolstuollen.
Reizgje mei in OV-chipkaart, bankpas of OVpay-app
- Mei in persoanlike OV-chipkaart en de OVpay-app kinne jo mei leeftydskoarting reizgje.
- In persoanlike OV-chipkaart freegje jo oan fia de website OV-chipkaart (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Utlis oer it reizgjen mei in OV-chipkaart fine jo op de pagina uitleg OV-chipkaart. (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Ynformaasje oer it reizgjen mei Ovpay fine jo op de website Ovpay (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Foar ynformaasje kinne jo ek terjochte by it OV-servicepunt op it stasjon yn Ljouwert.
Help nedich by de oanfraach fan in OV-chipkaart
Meitsje in ôfspraak by in buertservicepunt. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Stifting Buertservicepunt Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd). Of fia telefoannûmer 06-34843569.
Reisadvys
Foar reisadvys geane jo nei de webside 9292 reist met je mee (iepenet yn in nij ljepblêd), of de app fan 9292. Jo kinne ek belje mei 0900-9292 (€1,- per minút, mei in maksimum fan € 20,-).
Help nedich by it ynstappen of útstappen fan de trein
Jo kinne fergees gebrûk meitsje fan reisassistinsje.
- Arriva: belje mei 0800-0232545 of gean nei de webside fan Arriva (iepenet yn in nij ljepblêd).
- NS: belje mei 030-2357822 of gean nei de webside fan NS (iepenet yn in nij ljepblêd).
Begelieder mei yn it iepenbier ferfier
Kinne jo troch in beheining net selsstannich reizgje? Dan kinne jo mooglik in lanlike OV-begeliederskaart krije. Mei de OV-begeliederskaart nimme jo fergees in persoanlik begelieder mei yn de trein, bus, tram en metro yn hiel Nederlân. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Argonaut (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wannear kom ik yn oanmerking foar de OV-begeliederskaart?
As jo âlder binne as 12 jier en:
- In rinbeheining foar in lange tiid hawwe, wêrtroch’t it jo mei helpmiddels net slagget om sels in ôfstân fan mear as 100 meter te rinnen.
- Langer as in jier yn in ynstelling of opfang foar handicaptesoarch (mei 24-oers soarch) ferbliuwe.
- Oan epilepsy liede, mei faker as ien kear deis in oanfal.
- Blyn of minsjend binne en mei gebrûk fan helpmiddels in gesichtsskerpte hawwe fan minder as 30% of in gesichtsfjild fan minder as 30 graden.
- In ferstanlike beheining hawwe dy’t sa earnstich is dat it jo dêrtroch net slagget om allinnich mei it iepenbier ferfier te reizgjen.
- In psychysk syktebyld hawwe, dat sa earnstich is dat it jo dêrtroch net slagget om allinnich mei it iepenbier ferfier te reizgjen.
Ferfier troch frijwilligers
Yn ’e gemeente binne der ek frijwilligers dy’t helpe by it ferfier. Bygelyks by in sport- of buertferiening of leauwige mienskip. Wolle jo sels frijwilliger wurde? Nim kontakt op mei de organisaasje. Dêrneist binne der yn ’e gemeente 2 inisjativen:
Wykauto Westeinde
Wenje jo yn de wyk Westeinde? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan de wykauto. De wykauto rydt troch Ljouwert fanút en nei Westeinde. Mear ynformaasje kinne jo fine op de webside fan Wykbelang Westeinde (iepenet yn in nij ljepblêd).
Grou Mobyl
De Grou Mobyl is foar ynwenners fan Grou mei in fysike beheining dy’t gjin eigen ferfier hawwe. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Ferfiersservice Grou Mobyl (iepenet yn in nij ljepblêd).
Oare mooglike oplossingen
Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:
Hawwe jo oare fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: