Fluch oan:

Handicapteparkearkaart oanfreegje of ferlingje

Freegje jo handicapteparkearkaart digitaal oan. Jo hawwe in DigiD nedich.

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier handicapteparkearkaart (PDF, 57.97 KB) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs. Stjoer in pasfoto mei dy’t net te lang lyn makke is. Skriuw op de efterkant jo namme en bertedatum.

Nei jo oanfraach folget in medysk ûndersyk.

In nij medysk ûndersyk is net altyd nedich. Bygelyks as jo al in handicapteparkearkaart hawwe foar 5 jier. Of wannear’t de beheining bliuwend is.

Soarten handicapteparkearkaarten

Bestjoerderskaart

Dizze kaart freegje jo oan as jo in beheining hawwe en sels jo auto bestjoere. Jo kinne net fierder as 100 meter rinne. De parkearkaart is persoansbûn. Dat betsjut dat allinnich jo de kaart brûke meie. Jo kinne de kaart yn elk foertúch brûke.

Passazjierskaart

Dizze kaart freegje jo oan as jo troch jo beheining immen oars nedich hawwe as bestjoerder. Jo kinne net fierder as 100 meter rinne. In passazjierskaart is persoansbûn. Dat betsjut dat allinnich jo de kaart brûke meie. Jo kinne de kaart yn elk foertúch brûke.

Ynstellingekaart

Dizze kaart is bedoeld foar (AWBZ-)ynstellings dy’t bewenners ferfiere. Op dy wize kinne ynstellings meardere minsken ferfiere. De ynstelling hoecht dan net foar elke bewenner apart in kaart oan te freegjen.

Wêr meie jo mei de kaart parkeare?

Stiet der in parkearmeter of betelautomaat?

Ek mei in handicapteparkearkaart betelje jo parkearjild.

Net yn it sintrum ride bûten de ‘finstertiden’

Yn in part fan it sintrum fan Ljouwert jilde ‘finstertiden’. De finstertiden binne moandei oant en mei sneon 7:30 oant 12:00 oere, behalve as der merk, eveneminten en wurksumheden binne. Bûten dy tiden meie jo hjir net ride. Binnen de finstertiden meie jo hjir wol ride en parkeare. Wol jilde de regels dy’t hearre by de handicapteparkearkaart.

Handicapteparkearkaart ferlern of stellen

Ferlieze jo jo handicapteparkearkaart of is jo kaart stellen? Download de Ferklearring ferlies handicapteparkearkaart (PDF, 553,01 KB) en folje dy yn. Bring de ferklearring sels nei it gemeentehûs. Nim jo legitimaasjebewiis mei en in pasfoto dy’t net te lang lyn makke is. Skriuw op de efterkant jo namme en bertedatum.

In handicapteparkearplak oanfreegje

Freegje jo handicapteparkearplak digitaal oan. Jo hawwe DigiD nedich en in handicapteparkearkaart foar in bestjoerder.

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Oanfreegjen handicapteparkearplak (PDF, 74,64 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Ynrydfrijstelling auto-earme binnenstêd

Wenje jo yn de auto-earme binnenstêd (PDF, 2,28 MB) of moatte jo hjir wêze? Dan hawwe jo neist in parkearfergunning en handicapteparkearkaart en/of handicapteparkearplak, in ynrydûntheffing nedich. Mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan in ynrydûntheffing fine jo op de pagina Ynrydûntheffing auto-earme binnenstêd.

Kosten

  • Oanfreegjen handicapteparkearkaart € 91,19. Jo betelje altyd foar it oanfreegjen fan in handicapteparkearkaart. Foar in nije oanfraach, mar ek foar in ferlinging. Ek as jo de kaart úteinlik net krije. Jo krije hjirfoar in rekken tastjoerd.
  • Opheljen handicapteparkearkaart € 45,53. Dizze kosten betelje jo by it opheljen fan de kaart oan de baalje op it gemeentehûs.
  • Oanfreegjen handicapteparkearplak € 115,11. Jo betelje altyd foar it oanfreegjen fan in handicapteparkearplak. Ek as jo it plak úteinlik net krije. Jo krije hjirfoar in rekken tastjoerd.
  • Oanlizzen handicapteparkearplak? Dit is in foarsjenning út de Wmo wei.