Fluch oan:

Sportfoarsjennings

In helpmiddel of oanpassing oanfreegje fia jo soarchfersekering

De basisfersekering fergoedet in helpmiddel dat in lichemsdiel ferfangt of it lichem ûndersteunt. Bygelyks in proteze, orteze, rinframe of rinfyts.
Freegje dy oan by jo eigen soarchfersekerder.

In helpmiddel liene by in útlienservice

Wolle jo in (nije) sport útprobearje? Dan kinne jo tydlik in sporthelpmiddel liene. Dat kin fia de útlienservice fan Uniek Sporten Uitleen. De gemeente jout subsydzje oan dizze organisaasje. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Unieksporten.

In helpmiddel of oanpassing keapje mei jild fan in fûns

Der binne ferskillende fûnsen dyt jild jouwe foar ûndersteuning by sport. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Gehandicaptensport en Uniek Sporten. Bygelyks oer: Fonds Gehandicaptensport, Stichting Het Gehandicapte kind, Fonds Kind en Handicap, Jeugdfonds Sport en Cultuur, Foppe Fonds, Dirk Kuyt Foundation, Esther Vergeer Foundation, Johan Cruyff Foundation.

In sportfoarsjenning oanfreegje út de Wet maatskiplike ûndersteuning (Wmo) wei

Wolle jo mei oaren sporte by in feriening of klup? Dan krije jo mooglik in jildbedrach foar in sportfoarsjenning út de Wmo wei. Jo krije maksimaal € 3.000 foar in perioade fan 3 jier. Dêrmei keapje jo in sporthelpmiddel of in oanpassing om mei te dwaan oan 1 sport nei kar. Bygelyks in sportrolstoel, runnerblades, in (fêstframe)handbike, in sportorteze of in sportproteze. Jou hjirfoar in melding troch oan de gemeente Ljouwert.

Hoe jou ik in melding troch?

Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe giet it fierder?

In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei ûntfangst fan jo melding. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo in sportfoarsjenning krije. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.

 

As der in soad meldingen tagelyk binne, kin it in bytsje langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.

Ferfier nei treningen en wedstriden

Sporters mei in slimme lichaamlike beheining dy’t net selsstannich mei it iepenbier ferfier reizgje kinne, kinne ferfier krije fia Special Heroes Nederland. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Stichting Special Heroes.

Sporte by in feriening

Der binne ferskillende ferieningen dêrt’t jo (ek) mei in beheining sporte kinne. Fyn in sport(feriening) fia de website Uniek Sporten. Binnen ús gemeente kinne jo bygelyks:

• Sporte foar handicapten by Sportferiening DOV.
• Sporte foar minsken mei in ferstanlike beheining by Spelend Sporten Ljouwert.
• Sporte by ‘Hartsportvereniging Leeuwarden’.
Drempelleas sporte.
• Framerunning by Atletykferiening Lionitas.
• Fuotbalje (G-team) by Blau Wit 34.
• Kuorbalje (G-team) by Korfbalvereniging Leeuwarden.
• Sile by wettersportferiening Frisia.

Oare mooglike oplossingen

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer: