Parkearen foar handicapten
Kinne jo minimaal in healjier net fierder rinne as 100 meter? Ek net mei in helpmiddel? Hawwe jo foar jo ferfier in (eigen) auto nedich? Freegje in handicapteparkearkaart oan. Soms is medysk ûndersyk nedich. Binne de parkearplakken ticht by jo hûs meastal beset? As jo in handicaptekaart foar in bestjoerder hawwe, kinne jo in handicapteparkearplak oanfreegje. Dy krije jo allinnich as jo foldogge oan de betingsten.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier handicapteparkearkaart (PDF, 57,97 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs. Stjoer in pasfoto mei dy’t net te lang lyn makke is. Skriuw op de efterkant jo namme en bertedatum.
Soarten handicapteparkearkaarten
Bestjoerderskaart
Dizze kaart freegje jo oan as jo in beheining hawwe en sels jo auto bestjoere. Jo kinne net fierder as 100 meter rinne. De parkearkaart is persoansbûn. Dat betsjut dat allinnich jo de kaart brûke meie. Jo kinne de kaart yn elk foertúch brûke.
Passazjierskaart
Dizze kaart freegje jo oan as jo troch jo beheining immen oars nedich hawwe as bestjoerder. Jo kinne net fierder as 100 meter rinne. In passazjierskaart is persoansbûn. Dat betsjut dat allinnich jo de kaart brûke meie. Jo kinne de kaart yn elk foertúch brûke.
Ynstellingekaart
Dizze kaart is bedoeld foar (AWBZ-)ynstellings dy’t bewenners ferfiere. Op dy wize kinne ynstellings meardere minsken ferfiere. De ynstelling hoecht dan net foar elke bewenner apart in kaart oan te freegjen.
Handicapteparkearkaart ferlern of stellen
Ferlieze jo jo handicapteparkearkaart of is jo kaart stellen? Download de Ferklearring ferlies handicapteparkearkaart (PDF, 553,01 KB) en folje dy yn. Bring de ferklearring sels nei it gemeentehûs. Nim jo legitimaasjebewiis mei en in pasfoto dy’t net te lang lyn makke is. Skriuw op de efterkant jo namme en bertedatum.
Wêr meie jo mei de kaart parkeare?
Jo meie op in soad plakken stean yn de gemeente Ljouwert. Der binne wol in oantal regels:
- Jo handicapteparkearkaart moat altyd goed sichtber wêze.
- Parkeare op stoepen en fytspaden mei net.
- As jo parkeare, meie jo oare ferkearsdielnimmers net yn it paad sitte.
- Parkearen is fergees. Yn de parkeargaraazjes moatte jo betelje.
Handicapteparkearplak
- Stiet der in kenteken op dat net fan jo is, dan meie jo hjir net parkeare.
- Jo meie dêr allinnich parkeare as jo foertúch past by wat der op it boerd stiet.
Blauwe sône (parkearskiifsône)
- Jo meie binnen en bûten de fakken parkeare.
- Jo meie de hiele dei parkeare.
- Jo hoege gjin parkearskiif te brûken.
(Wen)hiem
- Mei in bestjoerderskaart meie jo binnen en bûten de fakken parkeare.
- Mei in passazjierskaart meie jo allinnich binnen de fakken parkeare.
Parkearferbod en parkearferbodssône
- Mei in bestjoerderskaart meie jo binnen én bûten de fakken parkeare.

- Jo meie oerdei maksimaal 3 oeren parkeare.
- Nei 18.00 oere meie jo maksimaal 5 oeren parkeare.
- Brûk in parkearskiif.
Fergunninghâldersplakken
- Jo meie hjir net parkeare mei jo handicapteparkearkaart.
Jo handicapteparkearkaart is jildich yn in soad Europeeske lannen. Jo moatte jo wol hâlde oan de regels dy’t jilde foar it lân dêr’t jo parkeare.
Ynrydfrijstelling auto-earme binnenstêd
Wenje jo yn de auto-earme binnenstêd (PDF, 2,28 MB) of moatte jo hjir wêze? Dan hawwe jo neist in parkearfergunning en handicapteparkearkaart en/of handicapteparkearplak, in ynrydûntheffing nedich. Mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan in ynrydûntheffing fine jo op de pagina Ynrydûntheffing auto-earme binnenstêd.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje fine jo op de website handicapteparkearkaart of yn de folgjende dokuminten:
In handicapteparkearplak oanfreegje
Freegje jo handicapteparkearplak digitaal oan. Jo hawwe DigiD nedich en in handicapteparkearkaart foar in bestjoerder. Foar mear ynformaasje oer de betingsten, nimme jo kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Download it formulier Oanfreegjen handicapteparkearplak (PDF, 74,64 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Kosten
- Oanfreegjen handicapteparkearkaart € 95,84. Jo betelje altyd foar it oanfreegjen fan in handicapteparkearkaart. Foar in nije oanfraach, mar ek foar in ferlinging. Ek as jo de kaart úteinlik net krije. Jo krije hjirfoar in rekken tastjoerd.
- Opheljen handicapteparkearkaart € 47,85. Dizze kosten betelje jo by it opheljen fan de kaart oan de baalje op it gemeentehûs.
- Oanfreegjen handicapteparkearplak € 120,98. Jo betelje altyd foar it oanfreegjen fan in handicapteparkearplak. Ek as jo it plak úteinlik net krije. Jo krije hjirfoar in rekken tastjoerd.
- It oanlizzen fan in handicapteparkearplak kostet € 664,67.
- Oanlizzen handicapteparkearplak? Dit is in foarsjenning út de Wmo wei.