Bystânsútkearing oanfreegje
Hawwe jo gjin of minder ynkommen? En hawwe jo dêrtroch te min jild om fan te libjen? Miskien kinne jo in (oanfullende) bystânsútkearing krije. Untdek oft jo rjocht hawwe troch in pear fragen te beäntwurdzjen. Yn de fideo (iepenet yn in nij ljepblêd) lizze wy jo út hoe’t it oanfreegjen fan in bystânsútkearing giet.
Hoefolle jild krije jo
Yn it dokumint Noarmbedraggen Partisipaasjewet fine jo de bedraggen.
Wat bepaalt de hichte fan de útkearing?
Foar de hichte fan it bedrach fan jo útkearing hâlde wy rekken mei:
- jo wensituaasje;
- oar ynkommen;
- in bydrage fan âlden of in eks-partner.
Mear ynformaasje fine jo op de pagina Ferhaalsbydrage.
Hokker regels jilde as jo in útkearing krije
Jo moatte meiwaan oan aktiviteiten om wurk te finen. As jo net aktyf meiwurkje, kinne wy jo útkearing ferleegje. As der wat feroaret yn jo wensituaasje of jo ynkommen, jouwe jo dat troch oan ús. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Feroaringen foar bystânsútkearing trochjaan.
Kontrolearje sels wêr’t jo rjocht op hawwe
Neist de bystânsútkearing biedt de gemeente ek oare regelingen en fergoedingen. Doch de check fia de webside De VoorzieningenWijzer (iepenet yn in nij ljepblêd) om te sjen op hokker regelingen en taslaggen oft jo rjocht hawwe.
Mear ynformaasje of help nedich?
- Der binne in oantal betingsten om foar in bystânsútkearing yn oanmerking te kommen. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Hawwe jo bysûndere kosten dy’t jo net betelje kinne? Kinne jo gjin help freegje oan buorlju, famylje of freonen? Is der ek gjin oare regeling dêr’t jo gjin gebrûk fan meitsje kinne kinne en hawwe jo gjin eigen jild? Mooglik kinne jo bysûndere bystân oanfreegje. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Bysûndere bystân.
Fragen of help nedich?
Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: