Fluch oan:

Utlis fia filmkes

Yn it filmke Ynljochtingeplicht wurdt útlein wat de Ynljochtingeplicht is. Ek wurde foarbylden jûn. Besjogge jo dit filmke leaver net? Alle ynformaasje fine jo dan op dizze pagina.

Wat is de Ynljochtingeplicht?

As jo in útkearing krije, moatte jo guon feroaringen oan ús trochjaan. It giet om feroaringen yn jo persoanlike situaasje en feroaringen yn jo ynkommen. It is wichtich dat jo witte hokker feroaringen jo trochjaan moatte. Dêrmei komme jo problemen foar.

Feroaringen yn jo persoanlike situaasje

Jou bygelyks dizze feroaringen oan ús troch:

  • As jo ferhúzje, by-inoar wenjen geane of as der ien fuortgiet út jo húshâlding.
  • As ien tydlik by jo komt te wenjen.
  • As jo in relaasje krije, hyltied faker tegearre binne en by-inoar útfanhúzje. Dat moatte jo ek trochjaan as jo beide noch in eigen wenning hawwe.

Feroaringen yn jo ynkommen

It is wichtich dat wy yntiids witte wat jo ynkomsten binne. Allinnich as wy jo ynkomsten witte, kinne wy berekkenje hoefolle bystân oft jo krije.

Ynkommen is mear as allinnich salaris. Ynformaasje oer yn hokker situaasjes jo ynkomsten trochjaan moatte, fine jo op pagina Ik ha in bystânsútkearing en krij ynkomsten.

Twivelje jo oft jo wol as net wat trochjaan moatte?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Mear ynformaasje oer de regels dy’t foar jo jilde

Dy fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.

Hoe jouwe jo in feroaring troch?

Feroaringen trochjaan oan de gemeente

Feroaringen jouwe jo troch fia it wizigingeformulier. Dat formulier hawwe jo krigen doe’t jo útkearing begûn. Hawwe jo it formulier net mear? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Feroaringen trochjaan oan de Belestingtsjinst

Yn it filmke Feroaringen Belestingtsjinst trochjaan lizze wy út hokker feroaringen oft jo oan ’e Belestingtsjinst trochjaan moatte.

It is wichtich dat jo feroaringen yn jo wensituaasje of jo ynkommen trochjouwe oan de Belestingtsjinst. Dêrmei komme jo foar dat jo letter jo taslach werombetelje moatte.

Wat bart der as jo gjin of ferkearde ynformaasje trochjouwe?

As jo gjin ynformaasje trochjouwe, of ferkearde ynformaasje, dan betelje wy jo miskien net de juste útkearing. Wat jo te folle krije, moatte jo werombetelje. Soms moatte jo ek in boete betelje as jo troch ferkearde ynformaasje te folle útkearing krigen hawwe.

De gemeente jout ynformaasje troch oan de Belestingtsjinst, de Sosjale Fersekeringsbank en oare organisaasjes. Wy krije ek ynformaasje fan dy organisaasjes. Dochs moatte jo séls ek ynformaasje oan ús trochjaan. Soargje dêrom dat jo alle ynformaasje en feroaringen yn jo situaasje yntiids trochjouwe.

Ynformaasjeboekje oer in útkearing

Yn it ynformaasjeboekje Iedereen in beweging fine jo in soad ynformaasje oer in útkearing. Jo krije bygelyks antwurd op dizze fragen:

  • Hoe freegje jo in útkearing oan?
  • Wat docht de gemeente as jo in útkearing krije?
  • Wat moatte jo dwaan as jo in útkearing krije?
  • Hoe sit it mei it sykjen nei wurk?