Fluch oan:

Wat is Skills yn Ljouwert?

Yn it pân wolle it Leger des Heils, Wender en Limor ynfolling jaan oan it projekt ‘Skills yn Ljouwert’. Skills biedt in (t)hús, (beskerme) wenjen en ûndersteuning oan 48 jongfolwoeksenen yn ’e âldens fan 16 oant 27 jier. Dizze jongfolwoeksenen hawwe op meardere gebieten ûndersteuning nedich. Mei Skills krije sy in eigen plak dêr’t sy op wei holpen wurde om fierder te groeien yn selsstannich en folwoeksen wêzen. De oandacht leit op it mei-inoar oplûken en it op wei helpen mei ynset fan profesjonals, ûnderfiningssaakkundigen en oare jongerein.

Wêr steane wy no?

De kommende perioade sil it pân foaral de oandacht krije en dit dogge wy yn oparbeidzjen mei de klankboerdgroep. Ek de ynfolling fan it programma Skills yn ’e stêd krijt de kommende tiid fierder foarm. Dit pakke wy op yn ’e mande mei it Leger des Heils, Wender, Limor, Sosjaal Domein Fryslân en de Advysried Sosjaal Domein.

Klankboerdgroep

De klankboerdgroep is opstarten mei as doel om direkt mei de omwenners yn petear te wêzen oer de komst fan Skills. In klankboerdgroep is in groep dy’t advys jout en ferskillende saken mei-inoar besprekt. Yn de perioade fan tarieding op de start prate wy mei-inoar oer ûnderwerpen dy’t ta mooglike oerlêst liede kinne. Dit kinne ûnderwerpen wêzen ûnder de boufaze en as it pân bewenne en brûkt wurdt. Ek wurde folgjende ûnderwerpen bepraat:

  • Ynrjochting fan it pân mei de bûtenromte.
  • De manier dêr’t it pân op brûkt wurde sil.
  • It kontakt tusken de soarchoanbieders en de omwenners. Wat ferwachtsje wy faninoar?

De klankboerdgroep bestiet út 9 persoanen út de omjouwing fan it Jacob Catsplein én it wykpanel, de gemeente en soarchoanbieders. De leden fan de klankboerdgroep prate ek út namme fan de oanre ynwenners út ’e buert. Sy hawwe in advisearjende rol.

Feslaggen Klankboerdgroep

Ferslach febrewaris 2024

Planning

De planning is sa:

  • 2024-2025: Oanbesteging en útfiering ferbou Jacob Catsplein 3.
  • 2026: Oplevering.
  • 2026: Start Skills yn ’e Stêd yn Ljouwert.

Fragen

Wolle jo yn kontakt komme mei de klankboerdgroep of hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op mei de gemeente Ljouwert.