Fluch oan:

Kolleezje fan boargemaster en wethâlders

In oersjoch fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fine jo hjirûnder:

Kolleezje Ljouwert (nammen, foto’s en portefúljes).

 

De boargemaster is foarsitter fan de gemeenteried en fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De boargemaster hanthavenet de iepenbiere oarder en feiligens. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders (b & w) is it deistich bestjoer fan de gemeente. It kolleezje makket it belied foar de gemeente. Dêrneist fiert it kolleezje selsstannich wetten en regelingen fan Ryk en Provinsje út. Alle ynformaasje oer gearkomsten fan b & w, de aginda en de byhearrende stikken fine jo op de website Bestjoerlike ynformaasje.

Gemeenteried (gearkomsten, aginda en livestream)

In oersjoch fan de gemeenteried Ljouwert fine jo hjirûnder:

Gemeenteried Ljouwert (nammen, foto’s en partijen)

 

De gemeenteried is it heechste bestjoersorgaan fan de gemeente. Dy bepaalt de haadlinen foar it belied fan de gemeente en kontrolearret it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Alle ynformaasje oer gearkomsten fan de gemeenteried, de aginda en de byhearrende stikken fine jo op de website Bestjoerlike ynformaasje. De gearkomsten binne live te folgjen.

Rekkenkeamer

De Rekkenkeamer is in ûnôfhinklike kommisje dy’t de gemeenteried ûndersteunt. Dy ûndersiket oft it gemeentebestjoer it jild goed besteget en oft it belied wurket. Dêrmei ûndersteunt de Rekkenkeamer de gemeenteried. Mear ynformaasje oer de ûndersyksrapporten fan de Rekkenkeamer fine jo op de website Bestjoerlike ynformaasje.

Besluten gemeenteried en kolleezje

It kolleezje komt elke tiisdei byinoar. Fan tiisdeitemiddei ôf kinne jo hieltyd de nijste gearkomstestikken en besluten ynsjen. De gemeenteried komt elke woansdei gear. De aginda en byhearrende stikken wurde 10 dagen yn it foar publisearre.

Koalysje-akkoart

Yn it koalysje-akkoart 2022-2026 steane de plannen en ôfspraken foar de 4 jier duorjende bestjoersperioade. It koalysje-akkoart krijt jierliks syn oersetting nei de gemeentebegrutting. Ferantwurding oer de plannen bart yn de jierstikken. Yn it online koalysje-akkoart lêze jo hjir mear oer.

Begrutting en jierstikken

Begrutting

Yn de begrutting lêze jo wat de gemeente it kommende jier berikke wol, wat se dêrfoar dwaan sil en hoefolle dat kostje sil. Alle ynkomsten, útjeften en foarstellen foar nije ynvestearringen steane yn de gemeentebegrutting. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Bestjoerlike ynformaasje.

Jierstikken

Yn de jierstikken lêze jo wat de gemeente it ôfrûne jier berikt hat, wat se dêrfoar dien hat en hoefolle dat koste hat. De gemeenteried stelt de begrutting meastal fêst yn novimber en de jierstikken yn july. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Bestjoerlike ynformaasje.

Berneried en berneboargemaster

De berneried is in projekt foar basisskoallen yn de gemeente Ljouwert. Elk jier dogge 6 skoallen mei groep 7 mei. De skoallen leare oer polityk en demokrasy. Op de dei fan de berneried is der in debatwedstriid. Ien groep wint mei in plan dat ek echt útfierd wurde sil. Op dizze dei wurdt ek de nije berneboargemaster keazen. Mear ynformaasje fine jo op pagina Berneried en berneboargemaster.

Skoalle en ekskurzje

Wolle jo mei in groep fan jo skoalle in besite oan it stedhûs bringe? Dat kin. Yn oerlis mei jo wurdt in programma gearstald. Dat kin bestean út in besite oan de riedseal, mei in ferhaal oer de lokale polityk en demokrasy. Keppele oan in rûnlieding troch it stedhûs. Jo kinne ek sels in debat organisearje yn de riedseal. Nim kontakt op mei de griffy fia it e-mailadres griffie@leeuwarden.nl om te oerlizzen wat der mooglik is.