Fluch oan:

Riedsgearkomste

Yn april is it dan safier: 6 groepen fan 6 bern fan de dielnimmende skoallen nimme plak yn de riedseal fan it Stedhûs fan Ljouwert. De oare bern sitte op de tribune om harren oan te moedigjen. Elke groep presintearret syn eigen foarstel. Dêrnei kiest de berneried it bêste foarstel. It winnende foarstel wurdt útfierd foar € 5.000.

Berneboargemaster

Elk jier hat de gemeente in nije berneboargemaster en loko-berneboargemaster. De berneboargemaster is in hiel jier lang de ambassadeur fan alle bern yn de gemeente Ljouwert.

Oprop

Fia de skoallen en ús sosjale media freegje wy yn it foarjier bern om mei te dwaan oan de ferkiezing. Bern dy’t berneboargemaster wurde wolle, stjoere in filmke yn. De seis leukste filmkes wurde útkeazen. Dy bern meie nei it Stedhûs komme om har foar te stellen. De sjuery kiest dêrnei wa’t berneboargemaster en loko-berneboargemaster wurde.

Nije berneboargemaster

De foarige berneboargemasters Femke Bakker en Hylke Faber rôpen alle bern fan de groepen 6 en 7 út de gemeente Ljouwert op om in filmke yn te stjoeren wêrom’t sy fine dat sy in goede berneboargemaster wêze soene. De sjuery hat alle filmkes besjoen en 5 kandidaten útnûge om nei it Stedhûs te kommen. Sy mochten harsels en in plan presintearje foar de sjuery. Dêr binne de berneboargemaster en in loko-berneboargemaster út keazen.

Wat docht de berneboargemaster?

  • Hy/sy bringt in besite oan ferskillende eveneminten, allinnich of mei de boargemaster en in wethâlder. Bygelyks de yntocht fan Sinteklaas en de krânslizzing by de deadebetinking fan oarlochsslachtoffers op 4 maaie.
  • De loko-berneboargemaster ferfangt de berneboargemaster as dy net oanwêzich wêze kin by in evenemint.
  • Bern út de gemeente Ljouwert kinne mei harren fragen terjochte by de berneboargemaster troch te mailen nei kinderburgemeester@leeuwarden.nl.

Wa is de berneboargemaster?

Levi Silvijn fan ‘De Sprong’ is berneboargemaster fan Ljouwert.

Loko-berneboargemaster

Anouk van der Zee fan de ‘Albertine Agnesskoalle’ is loko-berneboargemaster fan Ljouwert.

10 jier Berneried

Fanwegen it 10-jierrich bestean fan de berneried (yn 2014) hat de gemeente Ljouwert in berneriedsjoernaal meitsje litten oer de berneried yn de ôfrûne jierren. Dy ôfleveringen kinne jo hjir weromsjen:

ôflevering 1ôflevering 2 en ôflevering 3.

Film

Fan de berneried 2014 is in moaie film makke, ynklusyf it konsert fan B-Brave. It konsert wie in kadootsje fan de gemeente Ljouwert oan alle bern út de groepen 6, 7 en 8 fan de basisskoallen yn de gemeente Ljouwert.

Winnende foarstellen

  • 2023: Gjin berneried. Dit yn ferbân mei de organisaasje fan de Lanlike Dei foar Berneboargemasters yn Ljouwert.
  • 2022: Gjin berneried yn ferbân mei it Covid 19-firus (te min tariedingstiid).
  • 2021: Gjin berneried yn ferbân mei it Covid 19-firus.
  • 2020: Gjin berneried yn ferbân mei it Covid 19-firus.
  • 2019: Maximaskoalle. Foarstel: grutte bak-dei.
  • 2018: Keningin Wilhelminaskoalle, lokaasje Transvaalstrjitte. Foarstel: survival-boarterstún by de Rengershal.
  • 2017: Dr. Algraskoalle. Foarstel: ûntwikkeljen fan in app/game foar bern dy’t oanslút by LF2018 (Kulturele Haadstêd).
  • 2016: Ljouwerter Skoalferiening. Foarstel: meitsjen fan in kist mei allegear (âld)Hollânske spultsjes en in kwis. Dy meie alle skoallen út de gemeente Ljouwert liene. It doel is om flechtlingebern te helpen mei yntegrearjen.
  • 2015: Willem Alexanderskoalle. Foarstel: it meitsjen fan in kist mei allegear spultsjes deryn foar in seiskamp dy’t alle skoallen yn de gemeente Ljouwert liene meie.
  • 2014: OBS de Pionier. Foarstel: It bouwen fan in Bûtenklasse.
  • 2013: Keningin Wilhelminaskoalle. Foarstel: ‘Crazy Sportdei’, ien dei lekker gek dwaan en alles dwaan wat thús net kin. Lykas spekhappe fan in trampoline ôf of in wettergefjocht hâlde. Yn it skoft jout dûnsskoalle Urban Raw in optreden.
  • 2012: Prins Mauritsskoalle. Foarstel: ‘Sport en bewegen’, it ûntwerpen fan in sportkalinder yn gearwurking mei BV Sport. En it organisearjen fan sportclinics yn de simmermoannen yn de wyk Bilgaard.
  • 2011: IBS De Wester. Foarstel: ‘Der op út’, in leskist mei fragen, opdrachten en materialen foar in speurtocht troch it Ljouwerter Bosk.
  • 2010: IBS De Wielen. Foarstel: ‘Green Stars’, it opknappen fan âlde boarterstastellen yn de Griene Stjer en it oanlizzen fan in aventoerepaad by it strân.

Meidwaan oan de Berneried

Liket it jim leuk om ek in kear mei te dwaan oan de Berneried? Stjoer dan in e-mail nei miriam.heida@leeuwarden.nl. Yn in koart filmke lizze wy jo út hoe’t de dei fan de Berneried ferrint.