Fluch oan:

Kontakt mei Omrin

Gean nei de webside fan Omrin, as jo mear ynformaasje ha wolle oer bygelyks:

  • net ophelle ôffal
  • ekstra of stikkene kontener
  • ôffalkalinder
  • ynsammeljen fan omrinspullen
  • grut smoargens of snoeiôffal
  • ôffalapp
  • miljeupas
  • miljeustrjitte

As bedriuw binne jo sels ferantwurdlik foar it fuortbringen fan jo ôffal. Slút hjir sels in kontrakt foar ôf mei in ôffalynsamler.

Tips om ôffal te skieden

Yn it filmke Goed terecht in Leeuwarden krije jo tips oer it skieden fan ôffal. Of meitsje gebrûk fan de Omrin Offalapp.

Plestik mei by it restôffal

Omrin hat in fabryk dy’t plestik ferpakkingen, blikjes en drinkpakken út jo restôffal hellet. Dat neame wy neiskiede. Dy materialen kinne wy goed recycleje. De hoemannichte plestik dy’t de fabryk út jo ôffal hellet, is by neiskieding heger as wannear’t jo plestik, blikjes en drinkpakken thús al skiede.

Op lytse plestik drinkfleskes en blikjes sit staasjejild.

Dy kinne jo ynleverje by de winkel.

Offalcoach

Hawwe jo help nedich by it goed skieden fan jo ôffal? In ôffalcoach fan de Omrin kin jo tips jaan. Meitsje in ôfspraak fia afvalcoach@omrin.nl.

Mear ynformaasje oer hokker regelingen der binne, fine jo op pagina Offal en Recycljen.

Wêrom’t ôffal skiede belangryk is

Hiel Nederlân wurket oan it programma ‘Fan Offal nei Grûnstof’. Hjirmei wol de oerheid foarkomme dat in soad fan ús ôffal ferbaarnd wurdt. Us restôffal sit nammentlik faak noch fol grûnstoffen dy’t wy opnij brûke kinne.

Grûnstoffen opnij brûke

Dat slagget better as wy ôffal goed skiede. Dat betsjut ûnder mear dat griente-, fruit- en túnôffal (gft) en itensresten skieden wurde fan it restôffal. Mar ek papier, karton, glês en tekstyl moat skieden wurde. Sa meitsje wy mei-inoar de ôffalberch yn Ljouwert lytser. Dêrtroch wurde de kosten foar it ferbrânen fan restôffal leger. En dat merke jo fuortdaliks yn de ôffalstoffeheffing dy’t jo as ynwenner betelje.

Kontenerslot

Jo kinne in kontenerslot bestelle fia de webside fan Omrin of de Omrin ôffalapp. De totale kosten foar oanskaf en ynstallaasje fan dit slot binne € 80,-. Ynwenners fan Ljouwert betelje foar in slot € 65,-. De gemeente Ljouwert draacht de oare € 15,- euro by.

Kosten foar it dumpen en bysetten fan ôffal

Wurdt ôffal earne bypleatst of dumpt op in plak dêr’t dat net mei? Us hanthaveners en meiwurkers fan Omrin romje dit op.

Blykt it ôffal fan jo te wêzen?

Dan krije jo in rekkening foar it opromjen. De kosten hjirfoar binne meastal € 159,70. De rekkening wurdt ferstjoerd troch de gemeente Ljouwert.