Fluch oan:

Kontakt mei Omrin

Gean nei de webside fan Omrin, as jo mear ynformaasje ha wolle oer bygelyks:

  • net ophelle ôffal
  • ekstra of stikkene kontener
  • ôffalkalinder
  • ynsammeljen fan omrinspullen
  • grut smoargens of snoeiôffal
  • ôffalapp
  • miljeupas
  • miljeustrjitte

As bedriuw binne jo sels ferantwurdlik foar it fuortbringen fan jo ôffal. Slút hjir sels in kontrakt foar ôf mei in ôffalynsamler.

Tips om ôffal te skieden

Besjoch it filmke mei tips oer it skieden fan ôffal en meitsje gebrûk fan de Omrin Offalapp.

Plestik mei by it restôffal

Omrin hat in fabryk dy’t plestik ferpakkingen, blikjes en drinkpakken út jo restôffal hellet. Dat neame wy neiskiede. Dy materialen kinne wy goed recycleje. De hoemannichte plestik dy’t de fabryk út jo ôffal hellet, is by neiskieding heger as wannear’t jo plestik, blikjes en drinkpakken thús al skiede.

Op lytse plestik drinkfleskes en blikjes sit staasjejild.

Dy kinne jo ynleverje by de winkel.

Offalcoach

Hawwe jo help nedich by it goed skieden fan jo ôffal? In ôffalcoach fan de Omrin kin jo tips jaan. Meitsje in ôfspraak fia afvalcoach@omrin.nl. Mear ynformaasje oer hokker regelingen der binne, fine op pagina Offal en Recycling.

Wêrom’t ôffal skiede belangryk is

Hiel Nederlân wurket oan it programma ‘Fan Offal nei Grûnstof’. Dêrmei wol de oerheid foarkomme dat wy in soad fan ús ôffal ferbrâne. Us restôffal sit nammentlik faak noch fol grûnstoffen dy’t wy opnij brûke kinne.

It is better foar it miljeu as wy grûnstoffen opnij brûke.

Dat slagget better as wy ôffal goed skiede. Dat betsjut ûnder mear griente-, fruit- en túnôffal (gft) en itensresten apart ynleverje. Mar ek papier, karton, glês en tekstyl skiede fan it restôffal. Sa kinne wy der mei-inoar foar soargje dat de ôffalberch yn Ljouwert lytser wurdt. Tagelyk hâlde wy dêrmei de stigende kosten foar it ferbrânen fan restôffal sa leech mooglik. En dat hat wer ynfloed op de ôffalstoffeheffing dy’t jo as ynwenner betelje.