Asbest
Jo meie asbest net sels ferwiderje, dêrfoar hawwe jo tastimming noadich fan de gemeente. Asbest is in gefaarlike stof. As it brekt, komme der fezels frij dy’t kanker feroarsaakje kinne. Meld asbest oan fia it Omjouwingsloket.
Asbest (oan)melde
Jou minimaal 5 dagen yn it foar in melding troch fia it Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd):
- Gean nei it ûnderdiel: Oanfreegje.
- Sykje by aktiviteiten op: Slope.
- Selektearje it formulier Slopen fan in bouwurk of diel dêrfan of asbest ferwiderje – Melding (Ryk).
Soargje dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylagen stean. Bygelyks: jo namme, adres of BSN.
Untfangstbefêstiging
Jo krije fan dizze melding in ûntfangstbefêstiging. Dy leverje jo yn by de Miljeustrjitte.
Asbestbelykjend materiaal (oan)melde
Asbestbelykjend materiaal liket op asbest mar dat kinne jo net sjen. Wolle jo dit nei de Miljeustrjitte bringe? Jou dit dan digitaal (iepenet yn in nij ljepblêd) oan ús troch (jo hawwe DigiD nedich). Stjoer ek in bewiis mei dat it materiaal gjin asbest befettet.
Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan
Download it formulier Akseptaasjeformulier asbestbelykjend materiaal (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer ek in bewiis mei dêr’t út blykt dat it materiaal gjin asbest befettet. Stjoer it op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Hoe asbest fuorthelje?
Jo meie allinnich sels asbest fuorthelje yn jo eigen wenning, tún en berging as:
- It bestiet út skroeve hiele platen, dêr’t de asbestrizels yn fêst sitte.
- It plaatoerflak maksimaal 35 m2 is.
- It net-lime asbestbefetsjende flierbedekking is.
- It asbestbefetsjende fliertegels binne.
- It gjin daklaaien binne.
Yn alle oare gefallen as hjirboppe neamd, moatte jo asbest troch in sertifisearre asbestferwideringsbedriuw (iepenet yn in nij ljepblêd) fuorthelje litte.
Hoe asbest bewarje?
Leverje it binnen 2 wiken yn by de Miljeustrjitte. Hoe’t jo dit feilich ferpakt ynleverje moatte, fine jo op de webside fan de Omrin (iepenet yn in nij ljepblêd). Foardat jo it ynleverje by de Miljeustrjitte:
- slaan it op yn in ôfsluten romte, sadat oaren net yn oanrekking komme mei it asbest;
- bewarje it skieden fan al it oare ôffal.
Kosten
- Melding dwaan is fergees.
- De kosten foar in mooglik asbestynventarisaasjerapport betelje jo sels.
Fragen
Sjoch earst sels op de website van it Omgevingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd). Hawwe jo dan noch hieltyd help nedich of fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: