Riolearring op eigen terrein
Riolearring op gemeentegrûn wurdt oanlein en ûnderholden troch de gemeente. Riolearring op jo eigen terrein moatte jo sels oanlizze en ûnderhâlde. Foar in ferstopping nimme jo kontakt op mei in ûntstoppingsbedriuw. Sy meitsje de rioeloansluting skjin. Dit kostet jo jild.
Wat docht it ûntstoppingsbedriuw?
Is jo rioeloansluting stikken?
It komt foar dat de riolearring net mear wurket om’t de rioeloansluting op gemeentegrûn stikken of fersakke is. It ûntstoppingsbedriuw kin dit mei help fan in rioelkamera sjen en hjir in filmke fan meitsje. It ûntstoppingsbedriuw kin it probleem net foar jo oplosse, dat docht de gemeente. Nei’t it ûntstoppingsbedriuw in filmke fan ’e stikkene of fersakke oansluting makke hat, kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente.
Wurde de kosten fergoede?
As de rioeloansluting yndien stikken of fersakke is, dan kinne jo de makke kosten werom krije fan ’e gemeente. Om de kosten fergoede te krijen hawwe jo it rapport en it filmke fan it ûntstoppingsbedriuw nedich. Mear ynformaasje fine jo op de pagina ”Oanspraaklikstelling gemeente”.
Rioeloansluting oanfreegje
Jou in melding wen-, wurk- en leefomjouwing troch.
Is der in ferstopping yn ’e riolearring of wolle jo jo septic tank of bearput leegje litte?
Dat moatte jo sels regelje, dat kostet jo jild. Jo kinne hjirfoar in ûntstoppingsbedriuw ynskeakelje.
Driuwende situaasjes bûten kantoaroeren?
Nim kontakt op mei de plysje. Sy nimme kontakt op mei de steuringstsjinst fan ’e gemeente.
Mear witte?
Mear ynformaasje fine jo op Stichting Rioned bygelyks oer:
- Ferstoppingen.
- Stank út it rioel.
- Bepale wêr’t jo rioel leit.
- Hoe it rioel wurket.
Hawwe jo nei it besjen fan ’e webside fan Stichting Rioned noch fragen, nim dan kontakt op mei de gemeente.
Jo betelje gemeentlike belesting (rioelheffing) foar de ynsammeling, ôffier en suvering fan ôffal- en reinwetter.
Wet- en regeljouwing
- Wet Miljeubehear.
- Wetterwet.
- Boubeslút 2012.
- Programma Wetter en Riolearring 2023-2027.
De wet- en regeljouwing fan ’e gemeente Ljouwert kinne jo ynsjen fia de lanlike foarsjenning Overheid.nl.