Fluch oan:

Skea troch in feiwein

Hawwe jo bygelyks in lekke bân krigen troch in stieltriedsje fan ’e feiwein? Nim kontakt op mei Omrin. Feiweinen binne net fan ’e gemeente.

Hoe wit ik oft ik de skea fergoede krij?

Jo krije de kosten fergoede, as der yndied skea ûntstien is troch optreden of dwaan fan ’e gemeente. De gemeente of har fersekering beoardielet jo oanfraach.

Wannear krij ik berjocht oer myn oanfraach?

Binnen 8 wiken.

Kosten makke foar in rioelûntstoppingsbedriuw

Waard de ferstopping feroarsake troch in stikkene of fersakke rioeloansluting op gemeentegrûn? Freegje de kosten fan it ûntstoppingsbedriuw werom fia it formulier ‘Oanspraaklikstelling yn ferbân mei skea’. Doch dêr it filmke fan it ûntstoppingsbedriuw by.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.