Fluch oan:

Meinimme nei de ôfspraak

  • In jildich legitimaasjebewiis.
  • In doktersferklearring fan it ferstjerren.
  • B-slúf mei dêryn de gegevens oer de deadsoarsaak. Dy krije jo fan de dokter.

Digitaal oanjefte foar útfeartûndernimmers

Utfeartûndernimmers kinne digitaal in oanjefte ferstjerren (iepenet yn in nij ljepblêd) trochjaan.

Ergenamteûndersyk oanfreegje

Nei it ferstjerren fan in famyljelid krije jo te meitsjen mei it erfrjocht. As net dúdlik is wa’t de erfgenamten binne, is erfgenamteûndersyk nedich. Hjirfoar wurdt bygelyks gebrûk makke fan de Basisregistraasje Persoanen (BRP) fan de gemeente. In notaris freget it erfgenamteûndersyk digitaal oan (iepenet yn in nij ljepblêd). Hjirfoar hat de notaris hat E-werkenning nedich mei op syn minst betrouberheidsnivo EH2+.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Stjoer in brief nei de gemeente Ljouwert oan: de ôfdieling Boargersaken.

Kosten

  • Oanjefte dwaan fan ferstjerren is fergees.
  • Oanfreegjen fan in ergenamteûndersyk kostet € 25,80 per kertier. De notaris krijt in rekken tastjoerd.

Regelje by feroaringen yn jo libben

Der feroaret wat yn jo libben. Dit neame wy in libbensbarren. Soms bart dit ûnferwachts, soms planne jo it sels. Op de website fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo ynformaasje oer wat jo regelje kinne en witte moatte.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.