Wenningsplitsing
Yn de gemeente Ljouwert is wenningsplitsing sûnder omjouwingsfergunning net tastien. Dit betsjut it boukundich en/of funksjoniel splitsen fan ien wenning yn meardere wenningen. It pleatsen fan mantelsoachwenningen falt hjir net ûnder. Ek mei in funksje, oars as wenjen, (bygelyks in leechsteande winkel) net omset wurde nei ien of mear wenningen.
Wenningsplitsing of wenningomsetting
Foar wenningsplitsing of wenningomsetting is in omjouwingsfergunning nedich. In omjouwingsfergunning wurdt allinnich ferliend as de oanfraach foldocht oan de kritearia út it omjouwingsplan ‘Ljouwert – Parsjele wiziging wenningsplitsing en wensoarchfunksjes’. Dizze kritearia binne:
- Mei in omjouwingsfergunning is in (soarch)wenningsplitsing en/of (soarch)wenningomsetting tastien, as:
- dit yn oerienstimming is mei it gemeentlik wenbelied;
- foldien wurdt oan de aktuele regionale wenningbouôfspraken wannear’t der sprake is fan in taname fan it oantal wenningen;
- en gjin ûnevenredige ôfbrek dien wurdt oan:
- it strjitte- en bebouwingsbyld;
- de wensituaasje;
- de ferkearsfeiligens;
- de parkearsituaasje;
- de sosjale feiligens;
- de kultuerhistoaryske wearden;
- de gebrûksmooglikheden fan oanbuorjende grûnen en
- As der sprake is fan in kombinaasje mei bouwen, ek in omjouwingsfergunning as bedoeld yn kêst 4 lid 2 ferliend wurde kin.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje fine jo op de side Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. Mooglik hawwe jo ek in fergunning nedich foar technysk bouwen. Gean nei de pagina Boufergunning oanfreegje foar mear ynformaasje hjiroer.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: