Fluch oan:

Kinne jo tydlik net (mear) selsstannich wenje?

Behanneling of genêskundige soarch

Hawwe jo in behanneling of genêskundige soarch nedich? Nim kontakt op mei jo (hús)dokter.

Psychyske of psychososjale problemen

Hawwe jo muoite mei selsstannich wenjen? Bygelyks troch psychyske of psychososjale problemen? Dan kinne jo mooglik ûndersteuning krije út de Wmo wei. Gean hjirfoar lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Yn elke buert- of doarpskeamer sitte meiwurkers fan Amaryllis dy’t jo hjir fierder by helpe kinne.

Understeuning fanút de Wmo kostet jild

De gemeente betellet in grut part fan de kosten. In part fan dy kosten betelje jo sels. Dat neame wy in eigen bydrage yn de kosten.

Kinne jo bliuwend net mear selsstannich wenje?

Kinne jo bliuwend (foar de rest fan jo libben) net mear selsstannich wenje, fanwegen:

  • lichaamlike sykte
  • psychogeriatryske problemen (bygelyks deminsje)
  • ferstanlike beheining
  • lichaamlike beheining
  • sintúchlike beheining
  • psychiatryske problemen

Is it nedich dat der immen fuortdaliks foar jo is as jo dat nedich hawwe of dat immen oerdeis en nachts op jo let? Dan kinne jo mooglik yn oanmerking komme foar soarch út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei. Freegje Wlz-soarch oan by it CIZ (Centrum Indicatiestelling Zorg).

Oare mooglike oplossingen

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.