Melding wen-, wurk- en leefomjouwing of Klacht yntsjinje
Jou in melding troch as wat stikken is, better kin yn jo wen-, wurk- en leefomjouwing (iepenbiere romte), of wannear’t jo tinke dat ien bout sûnder fergunning. Jou in klacht troch as jo in ferfelende ûnderfining hiene mei de gemeente, of net goed holpen binne.
Melding trochjaan
Jou in melding troch (iepenet yn in nij ljepblêd) as wat stikken is, as jo tinke dat ien bout sûnder fergunning, of as der wat better kin yn jo wen-, wurk- en leefomjouwing (iepenbiere romte). Bygelyks in melding oer ûnkrûd, loslizzende stoepetegels, ôffaldumpen, swalkôffal, graffity, lûdsoerlêst fan bedriuwen en evenminten, gefaarlike ferkearssituaasjes of oerlêst fan fjoerwurk.
Meitsje jo geregeld meldingen?
Meitsje dan in link oan op jo telefoan of tablet.
Android-smartphone/tablet
- Iepenje de browser Chrome.
- Gean nei meldingen.leeuwarden.nl.
- Druk op de trije puntsjes rjochts boppe-yn.
- Druk op ‘App installeren’ of ‘Toevoegen aan startscherm’.
- Fier in namme yn.
- Druk op ‘Toevoegen’.
- Druk nochris op ‘Toevoegen’.
iPhone/iPad
- Iepenje de browser Safari.
- Gean nei meldingen.leeuwarden.nl.
- Tik ûnderyn (iPad boppe-yn) op ’e dielknop (fjouwerkant mei pylkje nei boppe).
- Tik op ‘Zet op beginscherm’.
- Tik eventueel op ’e namme om oan te passen.
- Tik op ‘Voeg toe’.
Klacht yntsjinje
Jou digitaal in klacht troch (iepenet yn in nij ljepblêd) as jo in ferfelende ûnderfining hiene mei de gemeente, jo net goed holpen binne, of as jo brief net beäntwurde wurdt.
Kinne of wolle jo net digitaal in klacht trochjaan?
- Download it klachteformulier (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
- Of belje nei 14 058.
- Of kom persoanlik lâns op it gemeentehûs.
- Of skriuw in brief en stjoer dy op nei de gemeente Ljouwert.
Hoe lang duorret de ôfhanneling?
De klacht moat binnen 6 wiken ôfhannele wêze. Dit kin ien kear mei 4 wiken ferlinge wurde. As dat sa is, ûntfange jo in brief fan ús.
Net iens mei de ôfhanneling?
Freegje de Nationale Ombudsman (iepenet yn in nij ljepblêd) om help. Dit kin allinnich as earst de gemeente Ljouwert jo klacht yn behanneling nommen hat. De klacht moat al ôfhannele wêze.
Jierferslach klachten
Yn it jierferslach fine jo in oersicht fan ús klachten en hoe’t wy hjirmei omgeane:
- Jierferslach klachten 2025
- Jierferslach klachten 2024
- Jierferslach klachten 2023
- Jierferslach klachten 2022
Ofhannele klachten (klachtoardielen)
De Wet iepen oerheid (Woo) giet oer it rjocht op ynformaasje fan de oerheid. De wet bepaalt ek hokker ynformaasje altyd iepenbier makke wurde moat. Sa ek ôfhannele klachten. Op side Ofhannele klachten 2025 (klachtoardielen) fine jo hokker klachten de gemeente Ljouwert ôfhannele hat.
Fersyk ta hanthavening
Mei in hanthaveningsfersyk starte jo in formele proseduere. Jo freegje ús in offisjeel beslút te nimmen. Der wurdt sjoen oft de regels oertrêde wurde. Bygelyks bouwe sûnder fergunning of in gebou dat brûkt wurdt foar wat dat neffens it omjouwingsplan net mei.
In hanthaveningsfersyk kinne net anonym. Jo namme en kontaktgegevens binne dan bekend by de persoan tsjin wa’t jo it hanthaveningsfersyk yntsjinje.
Hanthaveningsfersyk yntsjinje
Tsjinje digitaal jo fersyk ta hanthavening (iepenet yn in nij ljepblêd) yn.
Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan
Tsjinje skriftlik in hanthaveningsfersyk yn. Stjoer it fersyk op nei:
Gemeente Ljouwert
Kolleezje fan boargemaster en wethâlders
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert
Wat skriuwe jo yn jo hanthaveningsfersyk
- jo namme, adres, telefoannûmer en eventueel jo e-mailadres;
- de datum dêr’t jo it fersyk op skriuwe;
- in dúdlike omskriuwing fan de situaasje dêr’t jo in hanthaveningsfersyk oer yntsjinje;
- it adres of lokaasje dêr’t de yllegale situaasje him foardocht;
- wat jo wolle dat wy oan de situaasje dogge;
- wêrom ûnderfine jo oerlêst fan de situaasje;
- hawwe jo al ris earder oer deselde situaasje in hanthaveningsfersyk yntsjinne? En is dêr in beslút oer nommen? Jou dan oan wêrom’t dizze situaasje nij is;
- jo hantekening.
Strjitte-yntimidaasje
Wy wolle dat elkenien him feilich fielt op strjitte. Dêr heart strjitte-yntimidaasje net by.
Foarbylden fan strjitteyntimidaasje
- neifluitsje of neiroppe
- útskelle
- efterfolge wurde
- seksuele of agressive opmerkingen
Mear ynformaasje oer yntimidaasje op strjitte en it melden hjirfan fine jo op de pagina Strjitteyntimidaasje.
Sosjale oerlêst
Hawwe jo te meitsjen mei ferfelende situaasjes lykas buorrerúzjes, hingjeugd of drugsoerlêst? Meld dit by it Meldpunt Oerlêst. Fia it Meldpunt Oerlêst (MOL) giet de gemeente mei jo yn petear. De gemeente wurket nau gear mei oare partijen lykas de plysje, wenningbou of soarchynstellingen om de oerlêst oan te pakken.
Fundearringsskea
De fundearring is de konstruksje dy’t in pân draacht. As de fundearring it pân net mear drage kin, kin dat in soad skea feroarsaakje. Der kinne skuorren en fersakkingen ûntstean, of it kin sels ynstoarte. Jou jo melding troch fia it Fundearringsloket (iepenet yn in nij ljepblêd).
Spoed
Giet it om in melding mei spoed en is de gemeente slette? Belje nei de plysje. Telefoannûmer 0900 – 8844.
Fluch oan: