Fluch oan:

Wat binne jo plichten

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Feroaringen foar bystânsútkearing trochjaan.

Op syk nei wurk

Fyn wurk mei ús app LeeuwardenWerkt!

Wurk fine kin lestich wêze. Dêrom is der in app mei fakatueres. Mei dy app krije jo elke dei:

  • ynformaasje oer fakatueres
  • ynformaasje oer opliedingen
  • ynformaasje oer gearkomsten
  • tips foar it sykjen fan nij wurk
  • jo fine de fakatueres ek op de webside Ljouwert dynabloqs

Wolle jo de app brûke? Download de app LeeuwardenWerkt yn ’e Play Store of App Store op jo mobile telefoan of tablet.

Wy helpe jo by it sykjen fan wurk

Hawwe jo in útkearing en wolle jo (wer) oan it wurk? En hawwe jo net mear de juste wurkûnderfining? De gemeente helpt jo mei it trajekt Vizier op Werk.

Mei Vizier op Werk meitsje jo jo klear foar in nije baan. Wy besjogge wat jo dêrfoar nedich hawwe. It programma duorret in pear wiken oant maksimaal in pear moannen.

  • Wy sjogge earst wat by jo past en wêr’t wurk is.
  • Jo leare wat der nedich is as jo aanst wurknimmer binne.
  • Jo leare wat jo nedich hawwe foar it wurk dêr’t jo op sollisitearje wolle.
  • Jo krije in sollisitaasjetrening.
  • Jo krije in koarte kursus oer jildsaken.

Past Vizier op Werk by jo?

  • Jo hawwe nocht om oan it wurk te gean.
  • Jo kinne Nederlânsk ferstean, prate en skriuwe.
  • Jo kinne omgean mei ynternet en e-mail.

Oanmelde foar Vizier op Werk

Nim kontakt op mei jo kontaktpersoan by de gemeente Ljouwert.

Hawwe jo gjin kontaktpersoan? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of gean lâns by de Buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert.

Fine jo wurkje in (te) grutte stap?

Wolle jo wol graach oan it wurk, mar fine jo it in grutte stap? Oerlis mei jo kontaktpersoan fan de gemeente wat der mooglik is.

Op syk nei frijwilligerswurk

Tinke jo dat betelle wurk foar jo op dit stuit net helber is? Dan is frijwilligerswurk miskien wat foar jo.

Hawwe jo in útkearing?

Freegje yn it foar tastimming om frijwilligerswurk te dwaan.

Wichtichste spulregels

  • It frijwilligerswurk mei net yn it plak komme fan in betelle baan.
  • Jo meie gjin frijwilligerswurk dwaan foar in organisaasje dy’t winst makket.
  • As jo frijwilligerswurk dogge, bliuwe jo ferplicht de dingen te dwaan dy’t by jo útkearing hearre. Bygelyks meiwurkje oan re-yntegraasje.

Foardielen fan frijwilligerswurk

Frijwilligerswurk is in moaie wize om:

  • ûnderfining te krijen mei wurkjen;
  • minsken kennen te learen;
  • nije dingen te learen.

Mear ynformaasje oer frijwilligerswurk?

Sollisitaasjebrief en cv

By jo sollisitaasjebrief stjoere jo in cv mei. Yn in cv jouwe jo koart ynformaasje oer josels en oer jo ûnderfining mei (frijwilligers)wurk. It is wichtich om in opmaak te kiezen dy’t by jo past. In cv is nammentlik it earste dat in bedriuw fan jo sjocht. Op ynternet fine jo in soad ynformaasje oer it meitsjen fan in goed cv. Bygelyks:

  • Wat sette jo op in cv?
  • Hoe moat in cv derútsjen?

Tips foar it meitsjen fan in sollisitaasjebrief en cv

  • Skriuw sûnder flaters. Freegje immen om jo brief en cv nei te lêzen, foar’t jo de sollisitaasje opstjoere.
  • Brûk 1 lettertype.
  • Pas jo cv oan op it wurk dêr’t jo op reagearje. Hawwe jo bygelyks wurk dien dat goed oanslút op ’e baan dêr’t jo op reagearje? Dan neame jo fakânsjebaantsjes dy’t jo dêrfóár dien hawwe net yn jo brief en cv.
  • Meitsje in PDF-bestân fan jo brief en cv. De opmaak bliuwt yn in PDF-bestân better en kreazer as yn in Word-bestân.
  • Slaan jo cv op ’e folgjende wize op: ‘CV_Foarnamme_Achternamme.pdf’. Dat stiet profesjoneel en makket jo cv maklik te finen.

Fergese cv-makker

Mei de webside CV Template meitsje jo fergees in goed cv. It is maklik, sjocht der moai út en jo sjogge fuortdalik jo cv.

Byleare of omskoalje

Oplieding, diploma of sertifikaat foar jo (nije) baan nedich?

Hawwe jo foar in baan in ekstra oplieding of sertifikaat nedich? Dat kin faak fia in koarte oplieding, trening of kursus. Tink bygelyks oan in EHBU-diploma, heftrucksertifikaat of taksypas. Koarte opliedingen binne der om te sjen oft jo geskikt binne foar de baan dy’t jo sykje, of foar de baan dy’t jo al hawwe. By guon beroppen moatte jo beslist in bepaalde oplieding hawwe om it wurk dwaan te meien. Foar oare beroppen hoege jo net beslist in oplieding te dwaan, mar meitsje jo dêrmei wol mear kâns op in baan. Foar in koarte oplieding, trening of kursus krije jo gjin stúdzjefinansiering. Meastal moatte jo de kosten sels betelje. Soms betellet immen oars mei. Bygelyks de wurkjouwer, it UWV, de gemeente of jo soarchfersekering. Sykje goed út hoe’t it mei de kosten sit foar’t jo oan in oplieding of trening begjinne.

Hawwe jo rjocht op stúdzjefinansiering?

Foar in langere stúdzje hawwe jo soms rjocht op stúdzjefinansiering. Binne jo jonger as 56 jier? Mooglik kinne jo jild liene foar in stúdzje. Dat hjit it ‘Levenlanglerenkrediet’. Mear ynformaasje oer de betingsten, hoefolle oft jo liene meie en hoe’t it sit mei werombeteljen, lêze jo op de webside fan DUO. Hjir kinne jo ek in oanfraach yntsjinje.

Fryske skoallingstrajekten

Mear ynformaasje oer hokker skoallingstrajekten der binne yn Fryslân, fine op op de webside Fryslânwerkt.

Wurkje en leare tagelyk

Wurkje en leare tagelyk kin mei de Berops Begeliedende Learwei (BBL).

  • Jo wurkje mear as dat jo op skoalle binne. Jo leare dus foaral yn ’e praktyk.
  • Jo geane 1 of 2 dagen yn ’e wike nei skoalle. Op de oare dagen wurkje jo. Jo hawwe dus minder kontakt mei stúdzjegenoaten en mear mei kollega’s.
  • Jo kinne allinnich in BBL-oplieding dwaan as jo wurkjouwer in offisjeel learbedriuw is.
  • Meastal krije jo in salaris fan jo wurkjouwer en hawwe jo gjin rjocht op stúdzjefinansiering of in ov-kaart.
  • Guon wurkjouwers jouwe in reiskostefergoeding.

Wolle jo in BBL-oplieding dwaan? Dan hawwe jo in praktykplak by in wurkjouwer nedich. Mear ynformaasje fine jo op ien fan de folgjende websiden:

Leankostesubsydzje

As jo in sykte of beheining hawwe, kin it lestich wêze om in baan te finen. Bygelyks om’t jo dêrtroch minder fluch wurkje kinne of om’t jo ekstra help nedich hawwe. De gemeente Ljouwert wol graach dat wurkjouwers minsken mei in arbeidsbeheining yn tsjinst nimme. Jo kinne as wurkjouwer subsydzje oanfreegje by de gemeente. Dit hjit ‘leankostesubsydzje’. Mear ynformaasje foar wurkjouwers en wurknimmers hjiroer fine jo op de pagina Leankostesubsydzje.

Mear ynformaasje of help nedich?

Nim kontakt op mei jo kontaktpersoan fan de gemeente Ljouwert.

Hawwe jo gjin kontaktpersoan?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of gean lâns by de Buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert.