Fluch oan:

Wat is it doelgroepregister?

It doelgroepregister is in lanlike list fan it UWV. Minsken mei in arbeidsbeheining steane yn dit register. Wurkjouwers kinne foar dy minsken subsydzje, helpmiddels of ekstra ûndersteuning oanfreegje. Minsken dy’t ynskreaun steane yn it doelgroepregister, meitsje mear kâns op in baan.

Trochjaan dat jo yn it doelgroepregister steane

Jo kinne josels net oanmelde yn it doelgroepregister. Dat wurdt foar jo dien troch bygelyks it oanfreegjen fan in ‘beoardieling arbeidsfermogen’ by it UWV. Op de webside Werk.nl kinne jo trochjaan dat jo yn it doelgroepregister steane. Log yn mei jo DigiD en gean nei ‘Mijn CV’. Fink de opsje ‘Banenafspraak’ oan.

Leankostesubsydzje oanfreegje

Ynformaasje foar de wurkjouwer

As wurkjouwer kinne jo in wurknimmer yn tsjinst nimme mei leankostesubsydzje. Jo hawwe rjocht op dy subsydzje as de wurknimmer net selsstannich it wetlik minimumlean fertsjinje kin. De hichte fan ’e subsydzje hinget ôf fan ’e leanwearde fan ’e wurknimmer. Dat hjit de ‘fertsjinkapasiteit’. In sertifisearre meiwurker (in leanwearde ekspert) mjit wat de leanwearde fan de wurknimmer is. It diel fan it wetlik minimumlean dat de wurknimmer net selsstannich fertsjinje kin, is it bedrach dat jo as wurkjouwer krije as leankostesubsydzje.

Ynformaasje foar de wurknimmer

  • Stap 1: Oan it wurk
    • As jo ergens oan it wurk geane, begjinne jo meastal mei in (ûnbetelle) proefperioade. Sa kinne jo en jo wurkjouwer beide ûnderfine oft it wurk by jo past.
    • Immen fan de gemeente komt del op jo wurk (jobcoach).
  • Stap 2: Oanraach subsydzje
    • Wolle jo en de wurkjouwer graach mei-inoar fierder en krije jo in kontrakt? De wurkjouwer kin dan leankostesubsydzje oanfreegje by de gemeente. Foar dy oanfraach jout de wurkjouwer ynformaasje oer jo oan de gemeente.
  • Stap 3: Undersyk
    • Der komt immen lâns om te ûndersykjen hoe’t jo jo wurk dogge. Dy ûndersiker bepaalt jo ‘leanwearde’. Dat is in oar wurd foar hoe fluch oft jo wurkje en hoe’t jo wurkje.
  • Stap 4: Petear mei de gemeente
    • Jo kontaktpersoan fan de gemeente, meastal is dat de jobcoach, komt lâns op jo wurk. Tegearre mei jo wurkjouwer besprekke jim de útkomst fan it ûndersyk.

Oare help en ûndersteuning (wurkjouwer)

  • Nimme jo immen yn tsjinst dy’t yn it doelgroepregister stiet? Dan kinne jo fergoedingen oanfreegje by de gemeente Ljouwert Bygelyks foar it oanpassen fan it wurkplak, in oanpaste burostoel, spesjale skuon of in oanpast toilet.
  • Jo hawwe as wurkjouwer rjocht op in No-Risk polis. Mei dy fersekering krije jo in fergoeding fan it UWV foar de oeren dat jo wurknimmer siik is.
  • Jo kinne elk jier jild krije foar wurknimmers mei in leech salaris. Dat is it ‘lege-ynkommensfoardiel’ (LKV). Jo freegje it LKV oan fia de oanjefte leanheffingen fia de Belestingtsjinst.
  • Jo kinne elk jier jild krije as jo wurknimmers yn tsjinst nimme dy’t dreech oan wurk komme. Dat is it ‘leankostefoardiel’ (LIV).

Oare help en ûndersteuning (wurknimmer)

Moat jo wurkplak oanpast wurde?

Dan kin jo wurkjouwer in fergoeding oanfreegje. Bygelyks foar de kosten fan in oanpaste burostoel of spesjale skuon.

Help fan in jobcoach

In jobcoach kin jo helpe op jo wurkplak. Bygelyks:

  • By it ynwurkjen.
  • By it wennen oan jo nije kollega’s en it wurk dat jo dogge.
  • Petearen tusken jo en jo wurkjouwer.
  • Meiwurkje op jo wurkplak.

Fragen of help nedich?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert en freegje nei in jobcoach fan team Wurk.