Atelier Stedsboumaster
Enerzjytransysje, klimaatferoaring, wenningbou: ús leefomjouwing sil der hiel oars útsjen. Mar hoe sjogge Ljouwert, de doarpen en it lânskip der yn 2050 út? Wêr wolle wy hinne? Wat moatte wy no dwaan om út te kommen dêr’t wy skielk wêze wolle? It Atelier Stedsboumaster giet hjirmei oan de slach. Hjoed bouwe wy de skiednis fan de takomst!
Atelier Stedsboumaster, wat is dat?
It Atelier Stedsboumaster is in kreatyf plak fan de gemeente Ljouwert. Hjir tinke wy mei-inoar nei oer hoe’t ús wenomjouwing der útsjen kin yn 2050.
Untwerpers en oare saakkundigen prate oer wichtige ûnderwerpen lykas wenningtekoart, mei-inoar libje, duorsume mobiliteit en it klimaat.
By leuke workshops, tentoanstellingen en lêzingen wurkje wy gear oan nije ideeën. Sa kombinearje wy kennis en kreativiteit. Wy betinke mei-inoar nije plannen foar de stêd en de doarpen deromhinne. Want de takomst meitsje wy mei-inoar, en dy begjint hjoed al.
Atelier Aginda 2023-2026
De kommende trije jier gripe wy oan om mei ûntwerpend ûndersyk takomstsenario’s út te tinken oer hoe’t wy tûker mei ús romte yn de gemeente Ljouwert omgean kinne. Op wat foar soart stêd, doarp of lânskip sette wy yn en wat is dêrfoar nedich? En wat moatte wy foaral sa litte, wat moatte wy beskermje?
9 ateliers, 9 tema’s
Wy wurkje neffens de Atelier Aginda. Dy aginda bestiet út 9 ateliers en 9 tema’s. Per atelier beljochtsje wy ien tema. De 9 tema’s binne de tema’s dy’t by de iepening fan it Atelier Stedsboumaster presintearre binne, oanskerpe troch de ynbring fan de besikers en in groep profesjonals dy’t mei ús meitinkt oer it atelier. Wy koerse op 3 ateliers per jier: 1 yn it foarjier, 1 yn de simmer en 1 yn it neijier. En by elk atelier beneame wy in ‘ateliermaster’, in spesjalist út de fakwrâld dy’t foar dat oanbelangjende atelier as gastkurator fungearret. Fansels organisearje wy no en dan ek ‘losse’ aktiviteiten, wannear’t de aktualiteit dêr om freget. Besjoch de Atelier Aginda 2023-2026 mei de misje, tema’s en de rûge planning foar de kommende trije jier.
Ateliers
Atelier 1 De binnenstêd as felingde húskeamer
Yn it earste atelier ûndersochten wy ‘De histoaryske binnenstêd’. Dêr’t yn ’e binnenstêd eartiids foaral wurke en winkele waard, komme der hieltyd mear minsken te wenjen. Wy rjochtsje ús yn dit atelier op hoe’t de binnenstêd yn 2050 as in ferlingde húskeamer wurket. Hoe moetsje jo inoar en binne dêr mooglikheden foar? En hoe soargje wy foar in sûne omjouwing, foar mins en bist?
Gearfetting, presintaasjes en ûndersiken
Alles wat der yn dit atelier ûndersocht, ûntwurpen en besprutsen is ha wy gearfette en fertaald yn ’e ‘Binnenstêd as ferlingde húskeamer, learde lessen fan Atelier #1. Ek binne de presintaasjes en ûndersiken taheakke.
- Binnenstêd as ferlingde húskeamer (Learde lessen Atelier #1).
- Binnenstêd fergelike mei oare binnenstêden (Nathan Kooistra).
- Binnenstêd Ljouwert wurkboek (Minke van Aspeteren)
- Wat as de stêd fan my is? (Fardau Nijboer).
- Grienfyzje Binnenstêd Ljouwert (Maike van Stiphout).
- Griene húskeamers yn ’e binnenstêd (NHL Stenden).
- Moetsje yn de publike romte (Gerben Helleman).
Atelier 2 De kompakte stêd
Op 10 july 2024 presintearre GEAR hoe’t Ljouwert op wei nei 2050 in stêd wêze kin dêr’tst tichtby wenje, wurkje en rekreëarje kinst. Sy betochten om nije strjitten dwers troch de stêd te lizzen, sadat wiken mei-inoar ferbûn wurde fan binnenstêd oant bûtengebiet en oarsom. Lykas de speaken fan in tsjil.
Tûke groei
Lâns dizze strjitten kin de stêd feroarje neffens GEAR. Bedriuweterreinen wurde wenwurksônes, op gebouwen mei ien laach wurde apparteminten boud en parken oan de strjitten wurde ferbûn troch grien. Sa groeit Ljouwert tûk op it mêd fan wenjen, wurkjen en ferbliuwen. Mear ynformaasje fine jo yn it wurkboek ‘De kompakte stêd.’
Atelier 3 De adaptive omjouwing
Yn Atelier #3 fan it Atelier Stedsboumaster stie it tema ‘adaptive omjouwing’ sintraal. Untwerpburo FABRICations wurke gear mei eksperts op it mêd fan wetter en erfgoed. Se ûndersochten hoe’t wetter ús stêd en it lânskip eartiids, no en yn de takomst beynfloedet.
Harren ûndersyk hjit Friezstad, in wetternetwurk fan de takomst. Se lieten 3 ideeën sjen oer hoe’t de takomst mei wetter der útsjen kin:
- dynamysk lykwicht
- fluch en stadich
- wurkjend wetter
It ûndersyk lit sjen dat wy opnij leare moatte gear te wurkjen mei wetter.
Der is ek in film makke. Dy wurdt toand op in tapyt fan 8 meter lang. Yn de film sjochst âlde bylden, tekeningen en 3D-modellen. Mei-inoar litte se sjen hoe wichtich oft wetter wêze kin foar in leefomjouwing dy’t goed taret is op klimaatferoaring.
Atelier 4 Mingde stêd
Hoe meitsje wy in stêd dêr’t minsken wenje en wurkje kinne en gebrûkmeitsje kinne fan foarsjenningen ticht by hûs? Dy fraach stie sintraal yn Atelier #4 fan Atelier Stedsboumaster.
Dielnimmers ûndersochten it idee fan de ‘15-minutestêd’. Se seagen op trije nivo’s. Stêd, wyk en gebou nei de mooglikheden en útdagingen fan it kombinearjen fan funksjes. De konklúzje wie: funksjes minge slagget allinnich mei in dúdlik plan, lef en maatwurk.
De wyk-ekonomy spilet dêr in belangrike rol yn. Lokale bedriuwen meitsje buerten net allinnich libbener, mar soargje ek foar mear ferbûnens tusken minsken. Se fertsjinje folle mear oandacht yn it belied. Funksjes minge is net maklik, mar it helpt wol om de stêd sterk en fleksibel te meitsjen.
Bliuw op ’e hichte!
Wolle jo op ’e hichte bliuwe fan Atelier Stedsboumaster? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster juny 2025
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster april 2025
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster juny 2024
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster novimber 2023
- Utnûging Atelier Stedsboumaster 28 juny 2024
- Utnûging iepening Obe Atelier Stedsboumaster
- Utnûging meetup 1 Atelier Stedsboumaster
- Utnûging Atelier Stedsboumaster 21 juny 2024
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster septimber 2024
Hawwe jo fragen?
Stjoer dan in e-mail nei stadsbouwmeester@leeuwarden.nl.