Fluch oan:

Echtskieding ynskriuwe

In rjochter beslist oer de echtskieding. Dy beslissing stiet yn in offisjele útspraak (beskikking). Binnen 6 moanne moatte jo de útspraak ynskriuwe litte yn de gemeente dêr’t jo troud binne. Meastal docht jo advokaat dit. Jo kinne it ek sels melde. Dit moat binnen 6 moanne dien wurde, oars is de útspraak net mear jildich.

Meinimme nei de ôfspraak

As jo sels oanjefte dogge op it gemeentehûs, nimme jo it folgjende mei:

  • Skriftlik fersyk ta ynskriuwing fan de echtskieding.
  • Ofskrift fan de útspraak (echtskiedingsbeskikking) fan de rjochter.
  • Ferklearring fan de griffier fan de rjochtbank dat der gjin berop oantekene is.
  • Akten fan berêsting fan josels en jo eardere partner.

Echtskieding digitaal regelje

Mear ynformaasje fine jo op de website fan de Raad voor Rechtsbijstand (iepenet yn in nij ljepblêd).

Untbining registrearre partnerskip

Hawwe jo bern jonger as 18 jier? Dan moat de rjochter it partnerskip ûntbine. In advokaat regelet dit foar jo. Jo meitsje tegearre ôfspraken oer de spullen, de wenning, it jild en de bern. De rjochter moat dy ôfspraken goedkarre.

Binne jo it tegearre iens oer de ûntbining? Dan leverje jo de útspraak (beskikking) fan de rjochtbank binnen 6 moanne yn by de boargerlike stân fan de gemeente dêr’t it partnerskip registrearre waard. Meastal docht jo advokaat dit. It partnerskip hâldt pas offisjeel op as de gemeente de beskikking ynskreaun hat.

Beëiniging registrearre partnerskip

Hawwe jo gjin bern? En binne jo it tegearre iens oer it ferdielen fan de spullen, jild en wenning? Dan kinne jo it registrearre partnerskip beëinigje. Jo geane tegearre nei in advokaat of notaris. Dêr wurdt in konvenant opmakke mei alle ôfspraken. De advokaat of notaris stelt in ferklearring op dat it partnerskip einige is. Dy ferklearring leveret de advokaat of notaris binnen 3 moanne yn by de boargerlike stân fan de gemeente dêr’t it partnerskip registrearre is. Earst nei ynskriuwing is de beëiniging offisjeel.

Kosten

Regelje by feroaringen yn jo libben

Der feroaret wat yn jo libben. Dit neame wy in libbensbarren. Soms bart dit ûnferwachts, soms planne jo it sels. Op de website fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo ynformaasje oer wat jo regelje kinne en witte moatte.

Fragen

Gean foar mear ynformaasje nei de paginaTrouwe en registrearre partnerskip.
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.