Fluch oan:

Subsydzje foar ryksmonuminten

Wenhûssubsydzje

Binne jo eigener fan in ryksmonumint mei in wenfunksje? En hawwe jo it ôfrûne jier dwaande west mei jo wenning? Elk jier kinne jo wenhûssubsydzje oanfreegje. Dat kin tusken 1 maart en 30 april.

Ynstânhâldingssubsydzje

Binne jo eigener fan in ryksmonumint sûnder wenfunksje? Bygelyks fan in tsjerke, kantoar of fabryk? Freegje dan de ynstânhâldingssubsydzje oan. Dizze subsydzje is bedoeld om it ryksmonumint netsjes te hâlden en wurdt oer in perioade fan 6 jier útbetelle.

Mear ynformaasje en hoe’t jo dizze subsydzjes oanfreegje kinne, fine jo op de website fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed (RCE).

Stimulearringsregeling foar monuminten

De Provinsje Fryslân stelt dizze regeling elk jier fêst. De Provinsje jout subsydzje oan ryksmonuminten, gemeentlike monuminten en oan karakteristike pânen (gjin wenhuzen).

Mear ynformaasje en hoe’t jo dizze subsydzjes oanfreegje kinne, fine jo op de website fan de Provinsje Fryslân.

Lieningen foar histoaryske gebouwen en monuminten

Kultuerfûns-hypoteek

Freegje de Kultuerfûns-hypoteek oan foar restauraasje fan jo pân. Dat kin ek yn kombinaasje mei werbestimming en ferduorsuming. It maksimale lieningsbedrach is € 200.000.
De Kultuerfûns-hypoteek is in liening mei in lege rinte. Dizze liening is foar net-ryksmonuminten:

  • Gemeentlike monuminten.
  • Karakteristike pânen oanwiisd yn in omjouwingsplan.
  • Byldbepalende pânen yn in beskerme steds- of doarpsgesicht.
  • In pân dat troch de oerheid beskerme is.

De rinte leit 4,5% ûnder de merkrinte, mei in minimum fan 1,5%. Jo kinne maksimaal € 200.000 liene.

Mear ynformaasje oer de Kultuerfûns-hypoteek fine jo op de website fan it Restauratiefonds.

Ljouwerter Restauraasjefûns-hypoteek

Freegje de Ljouwerter Restauaraasjefûns-hypoteek oan foar restauraasjekosten. Dat kin as jo eigener binne fan in gemeentlik monumint of in oanwiisd byldbepalend pân. De gemeente bepaalt de hichte fan de liening. Dat dogge sy op grûn fan de subsidiabele kosten. De rinte leit 5% ûnder de merkrinte, mei in minimum fan 1,5%.

Mear ynformaasje fine jo yn it dokumint Ljouwerter Restauraasjefûns (PDF, 651,55 KB) of op de website fan it Restauratiefonds.

Monumint ferduorsumje

Op de webside De Griene menukaart fine jo ynformaasje oer wat der mooglik is, hokker finansjele stipe jo krije kinne en oft der regels binne dêr’t jo rekken mei hâlde moatte.

Regeling Subsydzje Zadelfûns

Binne jo fan doel om foar ien kear in lytsskalich projekt op it mêd fan erfgoed (monumintesoarch, archeology, kultuerlânskip) út te fieren? In lytsskalich projekt foar ien kear is bygelyks:

  • In aktiviteit lykas in publikaasje.
  • Tentoanstelling.
  • Reparaasje fan in stek of in gevelstien, dêr’t gjin reguliere subsydzjeregelingen op fan tapassing binne.

Mooglik kinne jo in gemeentlike subsydzjebydrage út it Zadelfûns oanfreegje.

Hoe wurket it?

  • In oanfraach moat uterlik 4 wiken foar’t de aktiviteit útfierd wurdt yntsjinne wêze.
  • De oanfraach wurdt (as dat fan tapassing is) yntsjinne mei fotomateriaal en oar dokumintaasjemateriaal.
  • By de oanfraach moat in ynhâldlike taljochting en in spesifisearre begrutting fan de kosten sitte.
  • It subsydzjebedrach is maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten oant it fêststelde subsydzjeplafond ta.

De regeling Subsydzje Zadelfûns komt út de rinte-opbringsten út de neilittenskip fan de famylje Zadel wei dy’t ten goede komme moatte oan de gemeentlike monumintesoarch yn de meast romme sin fan it wurd.

Fragen?

Mail nei monumentenzorg@leeuwarden.nl.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten en regeljouwing fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Subsydzje ynstânhâlding monuminten.
  • Erfgoedwet.

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Erfgoedferoardering gemeente Ljouwert.
  • Feroardering Restauraasjefûns Ljouwert.
  • Wolstânsnota gemeente Ljouwert.
  • Regeling Subsydzje Zadelfûns gemeente Ljouwert 2019.