Subsydzje AED-netwurk Ljouwert
De gemeente Ljouwert wol in ‘hertfeilige gemeente’ wêze. Dit hâldt yn dat oeral binnen 6 minuten mei reanimaasje begûn wurde kin. Hjirfoar is in netwurk fan AED’s en boargerhelpferlieners nedich. Is der in nije AED of bûtenkast nedich? Of wolle jo in reanimaasjekursus of opfriskursus folgje? De gemeente betellet in part fan de kosten.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Subsydzjeoanfraach AED-nertwurk opsette (PDF, 144.48 KB) en ful yn. Stjoer it formulier tagelyk mei de offerte op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Meart hertfeiligens nedich yn jo buert?
De subsydzje foar in AED is bedoeld foar as der gjin AED oanwêzich is yn de omjouwing. Op de dekkingskaart fan HartslagNu fine jo in oersjoch wêr’t AED’s en boargerhelpferlieners yn jo buert binne.
Wêr kinne jo subsydzje foar oanfreegje?
Jo kinne in fergoeding oanfreegje foar de kosten fan in AED, bûtenkast, reanimaasjekursus of ûnderhâld. De fergoeding is maksimaal 50% fan de kosten.
Hoefolle subsydzje kinne jo oanfreegje?
Maksimaal € 2.000,-.
Wa kin subsydzje oanfreegje?
Elkenien kin dizze subsydzje oanfreegje. Ek bedriuwen. Faak dogge ynwenners dit fanút it bestjoer fan bygelyks in wykferiening, doarpsbelang, sportklup, EHBÛ- of oare feriening.
Wat binne de betingsten foar de subsydzje?
- De AED melde jo oan by it lanlike netwurk HartslagNu.
- De AED moat binnen de grinzen fan de gemeente Ljouwert pleatst wurde.
- It ûnderhâld fan de AED regelje jo sels.
- Ynwenners dy’t mei dizze subsydzje in reanimaasjetrening folgje, wurde boargerhelpferliener. Meld jo oan by it lanlike netwurk HartslagNu.
- Boargerhelpferlieners moatte yn de gemeente Ljouwert wenje.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Fluch oan: