Fluch oan:

Sjenswize yntsjinje

Stjoer jo sjenswize uterlik 14 dagen foar de ein fan ’e ynsjochtermyn yn. Jo fersyk moat binnen de stelde termyn yntsjinne wêze. Meastal is dit 6 wiken, of der moat in oare termyn oanjûn wêze.

Skriftlik

Neam yn jo brief:

  • it foarnommen plan of beslút dêr’t jo in sjenswize oer yntsjinje;
  • it dossiernûmer fan it foarnommen plan of beslút;
  • de redenen wêrom’t jo in sjenswize yntsjinje;
  • de datum;
  • jo namme en adres;
  • jo hantekening.

As immen oars in sjenswize foar jo yntsjinnet, moat dy persoan in troch jo ûndertekene skriftlike machtiging meistjoere.

Rjochtsje jo brief oan dejinge dy’t it beslút nommen hat. Bygelyks it kolleezje fan boargemaster en wethâlders of de gemeenteried.

Mûnling

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert om in ôfspraak te meitsjen.

Offisjele bekendmakkingen

Wolle jo op ’e hichte bliuwe fan offisjele oansizzingen? Gean foar mear ynformaasje nei de pagina Publikaasjes, bekendmakkingen en lokale regeljouwing.

Foarnimmen ta ferlienen begruttingssubsydzjes ynsjen

In begruttingssubsydzje is in subsydzje dy’t yn taheakke C fan de gemeentlike begrutting stiet. De gemeente moat plannen foar it jaan fan dy subsydzje iepenbier meitsje. Sa krije oare organisaasjes in earlike kâns om ek foar de subsydzjes yn oanmerking te kommen. De foarnimmens ta ferliening fan begruttingssubsydzjes fine jo op Overheid.nl (iepenet yn in nij ljepblêd).

Romtlike plannen ynsjen

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Romtlike plannen ynsjen.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.