Fluch oan:

Wenferlet yn Stiens

Yn Stiens is it wenningferlet yn de perioade oant 2031 rûsd op 170 ekstra wenningen. Dat blykt út in wenferletûndersyk dat yn 2021 holden waard. Der is de kommende jierren foaral ferlet fan iengesinswenningen. It giet hjirby om rychjeswenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen en frijsteande wenningen. Der is in beheinde fraach nei keapapparteminten.

Yn de sosjale hiersektor is it winsklik om mear libbensrinbestindige wenningen mei in (lytse) tún ta te heakjen. Dit binne wenningen dy’t geskikt binne foar minsken mei in (lichte) beheining of âlderen. Dit oanbod is op it stuit net of kwealik oanwêzich yn Stiens en kin in wichtige bydrage leverje oan it ferheegjen fan de trochstreaming yn de besteande wenningfoarried.

Mear ynformaasje fine jo yn it rapport nei it wenningferlet yn Stiens dat útfierd is troch Companen, in advysburo foar wenningmerk en leefomjouwing.

Utwreiding fan Steenslân

Wy wolle yn it nije gebiet romte biede oan

  • Wenjen foar elkenien
  • Bioferskaat
  • Grien
  • Rekreaasje (kuierpaden, fytsrûte)
  • Wetter

Ambysjes fan de gemeente Ljouwert en Pleatslik Belang Stiens

Wy hawwe de winsk om hjir in moai leefgebiet te ûntwikkeljen:

  • It wurdt net allinnich in nij wengebiet, wy hawwe de ambysje om in gebiet te ûntwikkeljen dat foar alle Stienzers oantreklik is om te ferbliuwen en elkoar te moetsjen.
  • In útnûgjend iepenbier gebiet mei grien dat in goede oergong foarmet mei it lânskip yn de omjouwing fan Stiens.
  • Der is romte foar alle doelgroepen yn Stiens.
  • Kaartsje fan Steenslân 2 (PDF, 7,23 MB)

Stêdeboukundich plan

It stêdeboukundich plan Steenslân II is klear. It plan jout in dúdlik byld fan wêr’t ûnder mear wenningen, diken, grien en wetter komme. Yn 2023 lei it ûntwerp-stêdeboukundich plan op besjen. It ûntwerp is op inkele punten wizige troch reaksjes fan ynwenners en organisaasjes. De wichtichste wizigingen troch de reaksjes op it ûntwerp binne:

  • der komme 5 sosjale hierwenningen ekstra;
  • oant it wetter komme allinnich keapwenningen (gjin hier);
  • der komt in fyts- en rinbrêge by it Mierepaad, sadat de kuierrûte ek foar minderfaliden tagonklik is;
  • der wurde libbensrinbestindige wenningen boud.

Mear ynformaasje fine jo yn it Stêdeboukundich plan. Dit is fêststeld troch de ried op 6 desimber 2023.

Partisipaasjewurkgroep

15 ynwenners fan Stiens foarmen in partisipaasjewurkgroep. Sy fertsjintwurdigje in trochsneed fan de befolking fan Stiens en direkt oanwenjenden.

Konsept-ûntwerp

Uteinlik is der in konsept-ûntwerp ûntstien dat de wurkgroep oan de doarpsbewenners presintearre hat. Dat plan waard troch in soad ynwenners goed ûntfongen. It levere entûsjaste reaksjes op. Alle tips en opmerkingen waarden dêrnei nochris yn de plannen ferwurke. Sa ûntstie in folslein plan dat foarlein is oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried.

Op dizze wize is der troch alle partijen mienskiplik in plan ûntwikkele. In wurkwize dêr’t wethâlder Hein de Haan, sels oanwêzich by 1 fan de partisipaasjesesjes, tige bliid mei is. Ek de wurkgroep is entûsjast oer de wurkwize.

Planning

De gemeente wurket yn stappen oan de tariedingen:

  • Earste helte 2026 freegje wy fergunningen oan by it Wetterskip en de Provinsje Fryslân. Dy fergunningen binne nedich om wettergongen te graven. Dit proses duorret ûngefear 6 moanne.
  • Foarjier 2026 begjinne wy mei it tarieden fan de boaiem. Hjirfoar wurdt tydlik sân dellein. Sa kin de grûn steviger wurde foar de oanlis fan diken.
  • Nei it ferstevigjen fan de boaiem, wurdt der in tydlike boudyk oanlein. Fia dizze dyk kinne masines en frachtweinen it gebiet yn.
  • Ein 2026 en 2027 begjint de ferkeap fan frije kavels, sosjale hierkavels en projektmjittige kavels.
  • Ein 2026 – begjin 2027 meitsje wy it gebiet klear foar de bou. Tink oan it oanlizzen fan liedingen, kabels en riolearring.

Bestimmingsplan en byldkwaliteitsplan

It stêdeboukundich plan is op 6 desimber 2023 troch de gemeenteried fêstlein. Op 25 septimber 2024 hat de gemeenteried ek it bestimmingsplan en it byldkwaliteitsplan goedkard. Tsjin it bestimmingsplan is berop oantekene, wêrtroch’t de bou tydlik net starte koe. Dit berop is behannele troch de Raad van Sate.

Utspraak Raad van State

Op woansdei 21 jannewaris 2026 hat de Raad van State útspraak dien. 2 bewenners út Stiens hiene berop dien tsjin de fêststelling fan it bestimmingsplan foar de nije wyk Steenslân II. Yn novimber 2025 waard de saak behannele yn in sitting. De Raad van State hat de beswieren fan de bewenners ûnbegrûne ferklearre, wat betsjut dat De Raad van State bepaald hat dat de beswieren fan de bewenners net terjochte binne. Hjirtroch kin de gemeente starte mei de tariedingen foar de bou fan 105 wenningen. Yn de folgjende tekst fine jo mear ynformaasje oer dizze plannen.

Bestimmingsplan

It bestimmingsplan fan Steenslân II makket de realisaasje fan in wenwyk mei 105 wenningen yn Stiens mooglik. De nije wenwyk bestiet út in mjuks fan sosjale hierwenningen, (keap)rychjeswenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen, frijsteande wenningen, arken en apparteminten. De bebouwing ken in doarpske útstrieling mei fariaasje yn wenningtypen en bouhichten en ferspringende roailinen. Platte dakken binne net tastien.

De wenningen komme yn in griene en wetterike omjouwing. It plan is rom opset en ken in lege bebouwingstichtheid. It plan foarmet de natuerlike ôfrûning fan it doarp Stiens en wurdt omseame troch in soad grien.

Mear ynformaasje fine jo yn it Untwerp bestimmingsplan.

Untwerp byldkwaliteitsplan mei wolstânsrjochtlingen

Hoe komme de huzen derút te sjen? Wat wurdt it materiaal of wat wurde de kleuren? Hoe sjogge de hiemôfskiedingen derút? Dat stiet allegear yn it ûntwerp byldkwaliteitsplan. Dit binne de saneamde wolstânsrjochtlingen. Dus wêr’t in gebou oan foldwaan moat. Hjir stiet ûnder mear yn foar hokker gevels nêstfoarsjennings foar fûgels of flearmûzen komme moatte. Takomstige bou-oanfragen wurde op grûn fan dizze rjochtlingen toetst.

Mear ynformaasje fine jo yn it Fêststelde byldkwaliteitsplan.

Bioferskaat

Wy wolle safolle mooglik romte jaan oan de natuer, ek om ús wenten hinne. Foar Steenslân II binne der doelsoartkaarten makke. Dit binne kaarten mei de easken dy’t in diersoarte oan syn omjouwing stelt. Doel is dat soarten dy’t al yn de buert libje, in plak yn de wyk fine kinne. Foar Steenslân II binne der 5 doelsoarten, dêrûnder ek de otter. De doelsoartkaarten wurde ferwurke yn it ynrjochtingsplan en it bestek foar it bouryp en wenryp meitsjen.

Mear ynformaasje fine jo yn de Doelsoartekaarten foar Steenslân II.

Boumaterialen ferbouwe

De gemeente Ljouwert sil natuerlike boumaterialen ferbouwe op it plak dêr’t de nije wyk Steenslân II komt. Dizze materialen wurde letter brûkt by de bou fan de wyk. Sa wurdt der op in duorsume manier boud. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Gemeente Ljouwert ferbout sirkulêr boumateriaal.

Beskikberheid kavels en wenningen

Der binne noch gjin boukavels, keapwenningen, keapapparteminten of sosjale hierwenningen beskikber. Sadree’t bekend is wannear’t dy beskikber komme en hoe’t jo hjirfoar jo ynteresse kenber meitsje kinne of ynskriuwe kinne, wurdt dat hjir oanjûn.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer it projekt Steenslân II? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei steenslan@leeuwarden.nl.