Grinsferlizzend Spoardok
Spoardok: in ferbinend, eigen en fernijend plak. Spoardok wurdt yn de takomst in unyk plak dêr’t minsken wenje, wurkje, ûntspanne en leare kinne. It ferbynt de stêd mei it plattelân en bringt minsken byinoar. Us plannen binne gruts en fernijend en wurde yn gearwurking mei eigeners en oare belutsenen makke.
Oer Projekt Spoardok
Spoardok leit ticht by it stasjon, tsjin de binnenstêd oan en tusken it spoar, de Harnzerfeart, it Stephensonfiadukt en it gebou fan Rykswettersteat. Troch de sintrale lizzing biedt it Spoardok kânsen foar ekonomy en romte. De werûntwikkeling draacht by oan de grutte opjeften lykas it klimaat, bioferskaat, enerzjy, mobiliteit, wenningbou. By nije wenningen stean betelberens, duorsumens en sirkulêr bouwen sintraal. De ûntwikkeling fan Spoardok kostet tiid en bart stap foar stap. Wy hawwe elkoar de kommende jierren hurd nedich om dizze wyk werklikheid te meitsjen. Dêrom wurkje gemeente, partners en bewenners gear.
Underdiel fan Spoarsône Ljouwert
Troch hiel Ljouwert wurkje wy oan 8 projekten dy’t mei-inoar Spoarsône Ljouwert foarmje. Yn dit gebiet gean wenjen, wurkjen en in duorsume ynrjochting fan de iepenbiere romte gear mei grutte kânsen om it spoar te ferbetterjen. De 8 projekten fan Spoarsône Ljouwert binne Mobiliteitshub Werpsterhoeke, Middelsee, Spoarbrêge Van Harinxma, Swettehaven, Spoardok, Media en Ynnovaasjecampus (MICA), Spoar Ljouwert-Grins op -1 en de Merodestrjitte.
Aktueel
Planûntwikkeling Leyten
Oan de Lange Merkstrjitte wurket projektûntwikkeler Leyten oan plannen foar in nij wenprojekt, fuort neist de besteande parkeargaraazje. It plan biedt romte oan likernôch 50 apparteminten, sawat 320 studintewenningen en foarsjenningen mei lytsskalige hoareka.
Om ynteressearren en omwenners te ynformearjen, wurdt op moandei 11 maaie fan 17.00 oant 19.00 oere in ynrinbyienkomst organisearre yn it Stasjonskertier (Snitsertrekwei 1). Jo kinne frij ynrine om de plannen te besjen en yn petear te gean mei Leyten, arsjitekt De Zwarte Hond en de gemeente Ljouwert.
Kinne jo net oanwêzich wêze, mar wolle jo wol reagearje? Stjoer dan in e-mail nei spoordok@leeuwarden.nl.
Stêdeboukundich ramtwurk
De plannen foar de hiele gebietsûntwikkeling fan Spoordok stean net stil. Nei it fêststellen fan it ûntwikkelkader binne wy fierder gien mei it útwurkjen fan de plannen yn in stêdeboukundich ramtwurk. Dit plan giet net allinnich oer gebouwen en diken, mar ek oer wetter, enerzjy, duorsumens en mobiliteit.
Wy ferwachtsje dat it kolleezje yn it neijier in beslút nimt om it konsept stêdeboudkundich ramtwurk op besjen te lizzen. Wy organisearje yn dy perioade in ynrinbyienkomst om jo te ynromearjen oer de plannen en jo de moogliheid te jaan om jo miening hjiroer te jaan.
Active Cities
Yn Spoardok krije fuotgonger en fytser mear romte. Dat is no al te sjen mei it Europeeske projekt Active Cities. Dit dogge wy troch in blauwe markearring, in sône foar rinnen en fytsen, te meitsjen op de besteande dyk. Op de besteande wei is in blauwe sône foar rinnen en fytsen makke. Automobilisten wurde wiisd op oerstekplakken. De blauwe kleur makket rinnen en fytsen troch Spoardok oantrekliker.
Mear witte?
Wolle jo mear witte oer Active Cities yn Spoardok? Gean nei de nijsbrief (iepenet yn in nij ljepblêd) fan oktober 2024.
Untwikkelkader Spoardok
It Untwikkelkader Spoardok (iepenet yn in nij ljepblêd) en de Miljeu Effektrapportaazje (MER) Spoardok (iepenet yn in nij ljepblêd) binne op 26 novimber 2024 definityf fêststeld, neidat beide 6 wiken op besjen lein hawwe. De sjenswizen binne beoardiele. Mear ynformaasje fine jo by de kolleezjebesluten (iepenet yn in nij ljepblêd).
Hoe fierder
De gemeente sil mear ûndersyk dwaan en wurket de plannen fierder út. Dat bart yn it stêdeboukundich ramtwurk.
Gebietsfyzje
Gebietsregisseurs fan de gemeente Ljouwert en BPD | Bouwfonds Gebiedsontwikkeling wurken gear mei ûnder oare grûneigeners en advysburo’s ZUS en SITE oan de gebietsfyzje foar Spoardok. ‘Spoardok Ljouwert, in ynspiraasjedokumint’ wie foar dizze fyzje de basis. De gebietsfyzje is ein 2021 troch de gemeenteried fêststeld.
- Gebietsfyzje Grinsferlizzend Spoardok (PDF, 14,26 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Spoardok Ljouwert, in ynspiraasjedokumint (PDF, 6,5 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Fideo gebietsfyzje Spoardok (iepenet yn in nij ljepblêd)
Der hawwe ferskillende byienkomsten west dêr’t belangstellenden ynput leverje koene.
- De ideeën dy’t op 30 novimber 2022 en 9 jannewaris 2023 ophelle binne, binne ferwurke yn in Stedsbyienkomst (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Yn septimber en oktober 2021 wie der it Tafelpetear Spoardok (iepenet yn in nij ljepblêd).
Nijsbrieven
Wolle jo de digitale nijsbrief oer Spoardok ûntfange? Folje dan jo gegevens yn en meld jo oan (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Nijsbrief maart 2025 (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Nijsbrief oktober 2024 (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Nijsbrief maart 2024 (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Nijsbrief jannewaris 2024 (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Nijsbrief july 2023 (iepenet yn in nij ljepblêd)
- Nijsbrief maart 2023 (iepenet yn in nij ljepblêd)
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Of stjoer in e-mail nei spoordok@leeuwarden.nl.
Fluch oan: