Fluch oan:

Untwikkelkader Spoardok: stedsterp fan de takomst!

De Fryske terp is in ikoan foar de skiednis fan Ljouwert en is de ynspiraasjeboarne foar Spoardok. Spoardok is dêrmei de Stedsterp fan de takomst! Hoe’t dat bart stiet omskreaun yn it Untwikkelkader Spoardok. Mear lêze jo yn de nijsbrief fan maart 2024.

Yn it ûntwikkelkader wurde de dielgebieten, ús ambysjes en it programma útwurke. Dêrnei sette wy konkretere stappen yn it stêdeboukundich plan.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders leit it ûntwikkelkader tagelyk mei de miljeu-effektrapportaazje (plan-MER) foar Spoardok mei yngong fan 4 april oant en mei 15 maaie foar de doar fan 6 wiken op ynsjen. Elkenien kin der dan op reagearje.

Hoe kin ik reagearje?

Reagearje kin yn in petear mei de gemeente, mei in brief of mei in e-mail. Jo kinne hjirfoar in sjenswize yntsjinje. Nei’t it ûntwikkelkader op ynsjen lein is, kin dy nei oanlieding fan reaksjes oanpast wurde. Dêrnei wurdt it ûntwikkelkader fêststeld.

Jo binne wolkom by de ynrinbyienkomst

Hawwe jo fragen oer it ûntwikkelkader of wolle jo graach mear witte? Dan binne jo fan herten wolkom by in ynrinbyienkomst op tiisdei 16 april yn it Stasjonskertier oan de Snitsertrekwei 1 yn Ljouwert. Jo kinne ynrinne op in momint dat jo past tusken 17:00 en 20:00 oere.

Der stiet in makette fan Spoardok en der binne koarte presintaasjes om 17:30 en 19:00 oere. Kristian Koreman fan ZUS en Francesco Veenstra fan Vakwerk Architecten jouwe dan in taljochting op it ûntwikkelkader Spoardok. Wethâlder Hein de Haan en projektmanager Renske Keijzer fersoargje de ynlieding.

Hoe fierder?

Yn it ûntwikkelkader stean ús ambysjes. Nei it ûntwikkelkader giet de gemeente oan ’e slach mei in konkretere útwurking yn it stêdeboukundich plan. Dat bart krekt as by it meitsjen fan de gebietsfyzje en it ûntwikkelkader yn ’e mande mei eigeners en belutsenen. It is de bedoeling dat de bou fan de earste wenningen yn 2027 yn it eastlike part fan Spoardok begjinne kin.

Stappen: mei elkoar Spoardok meitsje

De ûntwikkeling fan Spoardok kostet tiid en bart net fan de iene op de oare dei. Wy hawwe inoar de kommende jierren hurd nedich om fan Spoardok werklikheid te meitsjen. Yn ’e mande mei eigeners, saakkundige partners en de mienskip. Spoardok meitsje wy mei-inoar!

Gebietsfyzje (ôfrûne)

Gebietsregisseurs fan de gemeente Ljouwert en BPD | Bouwfonds Gebiedsontwikkeling wurken gear mei ûnder oare grûneigeners en advysburo’s ZUS en SITE oan de gebietsfyzje foar Spoardok. ‘Spoardok Ljouwert, in ynspiraasjedokumint’ wie foar dizze fyzje de basis. De gebietsfyzje is ein 2021 troch de gemeenteried fêststeld.

By it evenemint Grinsferlizzend Spoardok yn septimber en oktober 2021 koenen ynwenners Spoardok ûntdekke en priuwe. En foaral meitinke oer de takomst fan Spoardok. Dat koe by in ekspo yn winkelsintrum Saailân, troch online fragen te beäntwurdzjen, mei te kuieren troch it gebiet en troch mei te praten yn in online tafelpetear ûnder lieding fan sjoernaliste en earder profhurdfytster Marijn de Vries. De ynformaasje dy’t ophelle waard, is ferwurke yn de gebietsfyzje. Jo kinne it tafelpetear Spoardok hjirûnder weromsjen:

Gearkomsten 30 novimber 2022 en 9 jannewaris 2023

Jo koene by dizze gearkomsten ynput jaan foar de takomst fan Spoardok. Dêr is troch in soad minsken gebrûk fan makke. By de makette waarden in soad ideeën op briefkes set yn de tema’s mobiliteit, iepenbiere romte, wenjen en gebouwen, duorsumens en identiteit. De ideeën hawwe wy gearfette yn ien dokumint (PDF, 2.44 MB). It ûntwerpteam naam dy mei yn de útwurking fan it ûntwikkelkader.

Oer Projekt Spoardok

Spoardok leit ticht by it stasjon, tsjin de binnenstêd oan en tusken it spoar, de Harnzerfeart, it Stephensonfiadukt en it gebou fan Rykswettersteat. Troch de sintrale lizzing biedt it Spoardok ekonomyske en romtlike kânsen. De werûntwikkeling fan Spoardok draacht by oan de grutte opjeften dêr’t Ljouwert, de provinsje en it lân foar steane. Tink oan ûnderwerpen lykas it klimaat, bioferskaat, enerzjy, mobiliteit, wenningferlet en ekonomyske ûntwikkeling. By wenningbou yn Spoardok binne betelberens, duorsumens en sirkulêr bouwen wichtige ûnderwerpen.

Underdiel fan Spoarsône Ljouwert

Acht projekten en lokaasjes dwers troch Ljouwert hinne foarmje mei-inoar Spoarsône Ljouwert. Yn Spoarsône Ljouwert geane wenjen, wurkjen en in duorsume ynrjochting fan it iepenbiere gebiet hân yn hân mei grutte kânsen foar ferbetteringen op it spoar. De acht projekten fan Spoarsône Ljouwert binne Mobiliteitshub Werpsterhoeke, Middelsee, Spoarbrêge Van Harinxma, Swettehaven, Spoardok, Media en Ynnovaasjecampus (MICA), Spoar Ljouwert-Grins op -1 en de Merodestrjitte.

Nijsbrieven en kontakt

Wolle jo de digitale nijsbrief oer Spoardok automatysk ûntfange? Folje dan jo gegevens yn en meld jo oan.

Hawwe jo fragen oer projekt Spoardok? Of wolle jo mear witte? Nim kontakt op fia it e-mailadres spoordok@leeuwarden.nl.